| |
| |
| |
Trinus Riemersma
Odfaars erf, vij vaitsje oer dij! - Easte Haadstik Olve
Yn 'e simmer fon 1939 kamen op 'e bóppeseal fon 'e herberg te Jorvet yn ut djipste gehaim sais fwaroansteande Frieske bevegers bijenwar óm te riedplachtsjen oer de takómst fon Fryslôn. Ut vienen yn alfabetyske fólge: Eeltsje Boates Folkertsma, Jan Melles van der Goot, Douwe Kalma, Douwe Hermans Kiestra, Jan Tjittes Piebenga en Rintsje Piter Sybesma. Fjittegers en fyftegers, monnen yn 'e krêft fon ut libben, monnen dyt de kweajóngesjirren achter har hienen, mar de dream fon 'e jóngesjirren noch yn ut het drûgen, monnen dyt stiele vienen yn 'e Frieske striid en dyt tróch stúdzje en ûnderfyning viis vurren vienen hókker vai se te gean hienen. Ut doel hie oas vest óm sônresóm gear te kómmen - sôn vie ut hillege tol fon 'e fólslainens - mar ien fon harren, Doede Haaies de Vries, hie ôtynge dien, hij lai mai pynehólle óp bêd.
Se vienen enwar lyk en vonlyk. Ien vienen se yn har leafde fwar Fryslôn, ien yn ut fêste vitten dot ut yn dusse histoaryske tiid óp har vai lai óm Fryslôn syn rjóchtlek plak yn 'e rige fon rómrófte naasjes veróm te jaan. Ien yn har erkenning fon Boldgrim os Hear en Hoeder fon har persoanleke libben, mar ek fon Fryslôn. Os echte Bwarristen drûgen se ollegjerre un learen of linnen pwódsje mai kottekloaten op ut keale bwast. Vont olhûvolt dut ollegjerre yngreven Frieske monnen vienen, eale Germanen, helten sónder vjergea, se vienen óp ut bwast sa glêd os un frau. Om dy reden ferskjinnen se har nea yn ut iepenbier en fertoanden se har har libben lang net óp strônen of yn swimgelegenheden. Sels Jan Tjittes Piebenga, dyt un prachteg król swat bud óm 'e kaken hie en ek óm 'e lytse rûp un veeldreg bósk hier hie, vie óp ut bwast sa glêd os un ykel.
Dur vienen ek ferskillen. Kalma rón dur út maidot ur net lykos de oaren de fwarnamme fon syn hait oan syn aigen tahekke hie. Hij briek mai de tradysje fon ut patronimicum, en dêr like ur mai oantsjutte te vóllen dot de byning oan 'e fwarteam him net fólle sai. Olteast, dy útlees soe mun duroan jaan kinne. Ut vie fonsels ek vól bekend dot Kalma oltyten fûûl tsjin 'e jeddere generaasje oanskópt hie, teminsten óp ut lyterêre flak. Mun koe oas net seze dot ut vailitten fon ut patronimicum un typysk Jóngfrieske moade vie. Vis, dur vienen Jóngfriezen dyt ut óngelók hienen mai twa fwarnammen tróch ut libben te matten, lykos
| |
| |
Rintsje Piter Sybesma, en fon sókken koe mun min easkje dot se ek nochrus har haite namme tahekken. Dy vienen óm sa te sezen ekskúsjerre: ut vie ol slim genôch dot har ôden har neffens ónfrieske vysônsje mai twa fwarnammen opskype hienen. Lókkeg, os mun ollinnech de ynysjalen skrjode, vie ut net te sjen dot dy twadde letter net nai haite namme ferviisde; dur vienen nammes un heel soad minsken dyt fon Rintsje Piters sainen, en sa vaar tróch de mienskip ver ynwadder brocht vot de ôden ferbruid hienen. Mar fjidder earen hast olle Jóngfriezen dyt dêr yn gelegenhyd ta vienen, te sezen dyt mar ien fwarnammen hienen, har hait mai syn namme te dragen. Gwódden os Jelle Hindriks Brouwer en Marten Koops Scholten bijgelyks. Mar un Jóngfries os Fedde Schurer ver nèt - en tusken him en Kalma vienen beskate oerienkómsten: dut vienen baide mônlju dyt de lyteratuer bóppe ol ut oare stelden en ek baide hienen se fon dy ynternasjonale oanslaggen. Hie Schurer net un gedicht skreon vêrynt ur syn leafde fwar Amsterdam ta úttering brocht?
Dur vie noch vot mai Kalma: hij die gjin var óm syn homoseksuële oanlees te ûnderdrukken. Dot ur him yn ut geslachtleke ta mônlju oanlutsen fielde, dot koe him net kweanómmen vurre - dy lêst hie God him jûn te dragen. Dur vienen mear Jóngfriezen dyt bûûgd gyngen ûnder deselde lêst, mar dy bedimmen har langsten yn un stil en iensum frijfaintebestean of yn un rêsteg haulek en yn har dwaan en litten noch yn har geskriften dienen se de geslachtleke feriening fon mon en frau yn ut haulek ûnderstek. Sa net Kalma, dy fûn syn geslachtleke fwarkar lyke veadefól en veadeg os de heteroseksuële, en hij skamme him net óm mai mônlju óp bêd te gean. Ja, hij gyng sels yn ut erotyske de striid mai de frôlju oan tróch fammen har fainten ô te lúzjen. Dêrmai stokele ur yn ferkearingen en brocht de fwótplonting yn gefaar. Op ut stuit vienen dur noch vól genôch Friezen, mar sóks mwast fonsels net oanboazje. Sybesma, de feedokter, un mon oas mai un fynbeslype vudkar, koe sóms yn kowetaal útfôle os ur oer Kalma syn eskapades kaam te praten: ‘Vij kinne ferjamme de kul net baas litte en dêr os un hônsvwast achteroan stoatskave - vij matte ús hassens brûkke, en dêrnai de kul!’ Kiestra mwast oltyten ferskriklek laitsje óm sóks - hij vie yn ut selskip grif de meast ónkómplysjerre en fleorege fyguer.
Folkertsma en Piebenga rónnen durút, maidot se baide fólslain fêsthôden oan ut otterdokse ljowe dêrt de krúsdea fon 'e Mon fon Smetten sintraal yn stie, en vot dot oangie gjin drip vetter yn 'e vyn dwaan voenen, mar tagelyk mear os un bytsje yn 'e besnijing nómmen varen fon 'e fólle helthafteger Germaanske mytology, dyt yn ut tsjintvurge Dútslôn un verbette belibbe. Piebenga benammen vaar gefoelsmjitteg fólle mear bûid fon 'e krigers en
| |
| |
striders út 'e Yslânske sêgen os fon 'e lijende, bleke Kristus, dyt de oare vang takearde os ur óp 'e iene slain vie - vot un vaiten hin! vot un ‘meiske’! Mar hij liet dot ljowe nea los, hût de Germaanske goaden en helten ek lokken. Folkertsma kearde de êgen nai ut noarden ómt dêr de fólkskrêft him ut sterkst iepenbiere hie: de geastleke sûnnens, de sterke mienskipssin mwast mun dêre sykje - út ut súdden kaam dekadinsje en bedjer, de Frônske vyn. Ut Fryslôn dot him fwar êgen stie, dot soe un sterke plottelônsmienskip vêze dêrt elk syn plak yn hie en fûn. De boer, de keapmon, de timmermon, de ferver en de vainmakker, ollegjerre ûnderskaat nai klaaiing en brûkmen, ollegjerre yn har stôn en afearen verkenber. Gjin mienskip fon ónverkenbere menhearen en mefrauen. Mar fwar Folkertsma poste de lijende oan ut krús tige skoan bij dy sûnne en sterke fólksmienskip.
Folkertsma syn stail griffemead ljowe hie him twinteg ier lyn ol yn kónflikt brocht mai Kalma, en noch oltyten bwóttere ut net tusken de baide monnen. Dotselde ljowe drjode ek un kljo tusken him en Van der Goot, dyt ur oas óm syn heldere analizen fon 'e Frieske mienskip en syn fólslaine ynset os Friesk strider bevóndere. Olles vot Folkertsma seze vóllen hie en noch voe, mar dot him yn syn swier en kliemsk proaza mar min nai ut oerflak vraksele, dot skódde Van der Goot mar losvai út 'e maue yn ut iene buk nai ut oare. Ut kristlek ljowe hie bij Van der Goot gjin oare funksje os un sóbber mai sûkker fwar ut dómme fólk. Kalma neamde himsels ek kristen, mar dy syn God venne nai olle gedachten jedder óp 'e Olympus os óp 'e berg Sion. Kiestra gyng nai de Herfwarme tsjerke en vie sels belidend lid, mar syn ljowe vie oas net os un poëtysk vaas oer un óprjócht haidendóm hinne. Sybesma vie noch vól bij de tsjerke, mar syn ljowe vie ek net fólle mear os franje. Hókker kar soenen Folkertsma en Piebenga dwaan os se ferge varen te kiezen? Ut vie harsels net klear en óm dy reden vontrauden de oaren har.
Sybesma hie un monneg jirren lyn brutsen mai de Jóngfrieske beveging. Dy brek hie him faaks rjócht tsjinoer Kalma pleatse kinnen, mar faitlek kaam ur lyk tsjinoer himsels te stean, te vitten tsjinoer olles vot ur vest hie en vóllen hie. Kalma hie don ek fwótendaleks de finger óp ut seare plak lain: Sybesma fersmiet syn jedder vurk en syn jeddere ydeälen - hij smiet himsels vai. Sybesma hie un pear ier lang oanhôd socht bij Van der Goot, mar yn faite sêg ur óp dy autodydakt del, lykos ek óp Piebenga en Folkertsma: monnen dyt mienden út un tol healbegrepen bûkken un vrôdómfiemjende teöry stôle te kinnen. Hij gniisde dur vot óm, hij hie tróch syn akademyske óplieding leard óm nea tefreden te vêzen mai fûnne vissegheden en oltyt fonnijs te twiveljen. Mar hij vie ek oergunsteg óp har, sij ljóóden yn harsels
| |
| |
en yn vot se ferkundegen. Hij dêrfwaroer mwast himsels geveld oan dwaan en de ivege twivel betwinge. Bij him koe gjin plak vêze fwar núônsjerringen, hij mwast radykaler vêze os de dómste tróchdrjower. Kalma, ek un akademykus, vie de jinnege dyt him tróch, tocht ur bitter. Mar vot maalde ur langer óm dy fluenske flikker!
Kiestra vie de jóngste fon ut selskip, en noch vot un bwóttenstonder. Hij públysjerre fertsjinstleke fólkspoëzy en hie un pear kear skreon en sprutsen oer de boer èn of de boer yỳn de lyteratuer. Kwatbij hie un novelle fon him ut ljocht sjoen, dyt un goede skets fon ut boerelibben jûûg, mar yn ut stik fon ut seksuële neffens gwódden vot ol te frij vie. Hij vie tróch Sybesma en Van der Goot nai foaren skood en yn 'e klub behelle, benammen ómt ur boer vie: hij mwast tsjinje os ut libbene beviis fon har teöretyske ferhonlingen. En vie ut oltemets net un pracht fon un Frieske boer? Langliddeg, skraitseg hast, un readferbaand oantlit dot dutsen vaar fon un vjerstribbege tûffe hier dêrt de sinne olle kleor útskrûid hie. Hij lyke sa vairón te vêzen út un fotobûk fon 'e jónge sjoernalist en fotograaf Sytse Jan van der Molen.
Se kamen yn ut gehaim gear - se vienen jir ek óp un temûkke vize kómmen: ynkognyto. Piebenga, dyt te Odegea yn 'e Súdvesthûkke venne, hie him ferklaaid os Germaanske strider. Oer ut himd en de lange ûnderbrûk, dêrt ur de bóksen fon óprôle hie, drûg ur un ôd taffelkleed, dot út 'e fjitte vot óp un bistefel lyke. Om 'e fwótten hie ur lyksa lapen bûn. De bleke skónken hie ur jir en dêr un feeg módder oer smaard. Ut swatte hier en bud dot óp rosseskonde fon ien fon syn fwarôden mai Romaanske súdderlingen viisde, hie ur mai sûkkervetter en pankûksmoal behondele, dot ut skynde no út 'un grizens. Yn 'e hôn hie ur un polsstôk dyt ur ek os spear brûkke koe, vont hij hie ut breames duroanbûn. Dravend, stilsteand en óm him hinne êgjend, don delhûkjend, slûppend, ynienen ópspringend, en don ver fwarsichteg tjentsjend, sa gyng ur mai grutte ómbóchten tróch ut frije fjild fon Odegea nai Jorvet. Ut en tróch klóm ur óp un hikke en liet de Germaanske kriigsgjolp ‘Vahûûû, vahûû’ heare. En don êge ur de fjilden oer óm freon of fijôn gevaar te vurren. Piebenga hie un prachtege far look yn syn êgen, dyt him tige geskikt makke óm yn un cowboyfilm óp te treden. Mar dot vienen útsoate de boer syn gwózzen net: de Amearykaanske kultuer dêr skieten dusse monnen óp, dot vie, sat de sjoernalist Doede Haaies de Vries dot sa treflek ûnder vudden brocht hie, ‘elektrysk ferljochte barbaredóm’.
Folkertsma kaam os ôdviif, en dy rol vie him óp ut liif skreon. Utvôde swatte skwón oan 'e fwótten, un lange swatte rôk, un swat jak, un grutte swatte kyps óp en un koer oan 'e
| |
| |
earm, sa vôde ur de vegen del fon Húzzem nai Jorvet: un bolkwórrinster sat dur safólle tróch ut gea swolken. Gjin mins dyt niget sêg oan 'e fjauerkonte Hitlersnor ûnder de grutte noas - bolkwórrinsters vienen ómmes fon dy heale mônlju? Bij no en bij don gyng ur yn 'e vôl sitten óm út te pûsten. Hij vie un swiere, graue kearel yn dy tiid en hij smookte him tepletter. En don iet ur mar ver ien fon syn boltsjes en stútten óp. Hij hie un snies mainómmen, en hij voe de helte fwar de verómrais bevarje.
Kiestra kaam gevoan sat ur vie, os boer, yn blau brûk-en-kyle en óp 'e fyts. De klómpen hie ur even tróch ut gês helle óm de rûgste strónt durô te faaien. Syn maten fûnnen syn útris ut olderferryfeljendst: va soe dur yn 'e frede óp kómme dot ûnder ut útterlek fon un deagevoane Frieske boer un gevoane Frieske boer beskûl gyng? Kiestra vie de easte dyt te Jorvet oankaam, hij hûgde gjin ómbóchten te maitsjen of út te pûsten. Dût de oaren yn 'e jachtvaide kamen, siet Kiestra ol achter un pontsje tee te krontlêzen.
Kalma kaam os romainsk kaiser, un lang hymelsblau kleed óm 'e lea, sondalen oan 'e fwótten en un lauerkrônse óp 'e eale plosse. Hij vie de lêste dyt mai sierleke, súver swevende stappen de doar tróch kaam. ‘Ave, kaisar, ja dyt stjerre groetsje dij!’ rôp Van der Goot oeremes, mar Kalma kaam net út 'e plooi. Hij knikte ut selskip minlek ta, en stelde heal freegjende út: ja soenen no mar nai bóppen? Noch oltyten de baas spylje, tocht Sybesma gremyteg, mar ferdómd, se gyngen him ollegjer achternai.
Sybesma sels vie os midsywske ridder kómmen. Hij hie un mak hynder fon syn hait-endys liend, dêr un dútsk lekken oer hinne smyten en sa vie ur fon Tsjerkgaast nai Jorvet riden. Hij hie un bwódpepieren harnos óm 'e lea en un blikken helm óp 'e hólle. Oan vjeskônten fon ut hynder bóngelen swudden, skylden, knotsen, knyften, ópdónders en deameppers. Sa rottele en rammele ur de dyk del. De lju yn 'e dwarpen mienden dot ur de fwarboade fon un sirkes vie, mar óp har fragen ontvudde ur inkeld brimsteg: ‘Ut 'e vai! Ut 'e vai!’ No en don bloes ur óp un ôd saksefoan dyt ur bevarre hie fon syn stúdintetiid dût ur yn un orkestke spyle hie. Don lai ut ôdhynder de earen yn 'e nekke, smiet de kónt ómheeg en draafde un hûndet meter, óm don ver yn ôde slóffende góng te fôlen.
Van der Goot kaam mai un auto, un prachtege swatte Citroën mai un iepene kap. Ut vie syn aigen net, hij him him hierd yn Snits, mar hij vie klaaid os vie ur de aigner. Un mooi swat pak mai un fyn griis streekje hie ur oan, un cape óm en lakskwón oan 'e fwótten, en oan súver olle fingers hie ur ringen. De sinnebril mai ut fyne, gaudkleorege móntuer jûûg vot gangsterachtegs oan syn útterlek. Fwart ur útstapte sette ur un hoed mai un grutte
| |
| |
sloppe rône óp 'e hólle en kryge un rottinkje fon 'e achterbank. Hij voe un brede en swierege entree maitsje - mar hij mwast east wasje, en hij bûgde oer ut portier oant ut rócheljen vot bekómmen vie. Dy iepene kap hie net goed vest fwar syn swak lichem, hij vie gaurus nearbwasteg en syklek. Hij mwast him mije, mar hij hie ut him yn 'e hólle set óm os Amearykaanske filmstjer te ferskynen: ut minsketype dot ur ut meast ferachte.
Se sieten no ol un skóftke mai har saizen óp 'e bóppeseal. De herbergier hie har un pot tee, kopkes, sûkker en rjemme brocht, en hij hie wadder krygen óm har net te steoren. Se praten oer Fryslôn, dusse monnen, Fryslôn, dot har bóppe olles gyng, dot har mear vie os frau of freon. Fryslôn, dot har needlot vie, dot har os un stien oan 'e nekke hóng. Fryslôn, dot se mai smetleke stimme beneamden os ‘ut yndjoere lôn’, ‘de smelle strype oan 'e Nwadsee’, ‘ut sa earmtleke, mar ús sa ryke’, ‘ut fon God jûnne erskip’, ‘ut ôd skier lôn’, ‘ut oltyt swiere, mar nea bênjende’, ‘ut fon God hytfólge lôn’ en os ‘ut lêste hûûs’.
Hû mócht ut mai Fryslôn kómme yn 'e vieling fon 'e tiden? Soe dut lytse, flakke lôn stôn hôre kinne os de stwarmen oer de vrôd jagen en de tijen oer de dyken slûggen? Dútslôn bevapene him, lyksa Frankryk en Ingelôn. Vot die de Russyske bear, vot die Amearyka? Hôden dy har durbwótten? Soenen se durbwótten litten vurre? Vot Frankryk oanbelange vienen de sais fwaroanmonnen ut fon hetten iens: Frankryk vie neat, slop en dekadint, ut soe tróch un hônfól Dútske sóldaten ferslain vurre kinne. Vot Amearyka oangyng, dêr hienen se ek net fólle fwar óp 'e rekken: de Hollywoodkultuer kweekte gjin striders, mar gangsters. Van der Goot stiek syn rottinkje sebeore driigjend ómheeg, die un haal oan ut bókje dot ur tusken de smelle lippen hie en smoarde dû hast yn un wasbui. Mai bûtsen óp 'e rêg en slokken tee brochten se him ver bij. Ruslon hûgde mun ek net fólle fwar óp 'e rekken te havven, Stalin hie ómmes olle hegere ofsieren ómbringe litten, vot dur oerbleon vie, vie un leger sónder lieding. En don de vichtegste: Ingelôn. Vot die Ingelôn? Se vachten ô ot Kalma faaks ut vud nimme soe, Kalma hie ómmes oltyten pro-Ingelsk en anty-Dútsk vest? Mar Kalma sai neat. Dû ónjerre Piebenga dot os Ingelôn viis vie, don soe ut un ferbûn mai Dútslôn slútte, ut vienen doch ollegjer Germanen maienwar? Dot vie vól sa, mar Ingelôn hie him óp syn ailôn oltyten vot ôsóndere fon 'e fêstelônsgermanen, en ut tsjintvurge regear hôde ut mai de fijonnen fon Dútslôn, mai Poalen en Frankryk. Sybesma, Van der Goot en Kiestra hienen har kar ollang dien, dot vie bekend, dot visten de oaren ek, mar no
debatearden se gemoedlek mai oer de kar tusken Ingelôn en Dútslôn. Ut koe ek noch oergean, de oarlog, of, os dy ol tróchgyng, se koenen durbwótten bljowe, lykos de oare
| |
| |
kears. Mar vot dur ek barde, se soenen trau bljowe oan Fryslôn. Vont ut gyng bij ainslútten net óm de kar tusken Dútslôn en Ingelôn, mar óm de kar fwar Fryslôn. En dêryn fûnnen dusse monnen, dusse grutte swannen fon Fryslôn, enwar ver, en oltyd ver.
Se lieten drank bóppe kómme óm har iensgesindheid te bedrinken. Jónge jenever fwar de monnen fon boerekómô: Van der Goot, Kiestra en Sybesma, brondevyn fwar de lju fon leger stôn: Folkertsma en Piebenga, vinkelmons- en bakkerssoan. Ollinnech Kalma spróng ver út 'e bôn: hij bestelde un glês port. Se sêgen brimsteg nai him en nai enwar - mwast hij don erflek syn kómô os boeresoan fersmyte?
Dû stelde Jan Piebenga út, se soenen óp ôdtestamintyske vize enwar swarre dot se Fryslôn nea óntrau vurre soenen, mar oant har lêste snok ta stride fwar dusse lytse, mar sa yndjoere strype ôd skier lôn, dot oltyten swier vie mar nea benne oan 'e Nwadsee, dot God ta un erflek aindóm jûn hie en dot har skielek ta un lêste hûûs tsjinje soe. De ôde Joaden lainen enwar de hôn ûnder de ‘heupe’ sat yn 'e Bibel stie, mar se visten fonsels vól dot dut un bedutsen oantsjutting fwar de monlekhyd vie. No voe Piebenga de joadske menier fon iedswarring net krektsa oernimme - hij vist ek vól dot gwódden dêrtróch óp sóndege gedachten kómme koenen -, mar hij stelde út se soenen ollegjer de monlekhyd óp 'e tafel leze en don, vylst se óm 'e tafel stienen, de jerrems óm enwars skauders leze en plechteg swarre: Vij Friezen sille Fryslôn tsjinje mai goed en bloed oant ús lêste syke.
Ut útstel foel yn goede iede. Velnee, dusse monnen hienen neat óp 'e Joadske kultuer tsjin - gwódden fon har fersmieten de sloppe Kristus en dy healvize klucht fon sónde en ferjauing, mar de Joadske kultuer fon ut Ode Testamint, dêr fûnnen se un soad fwarbyldegs yn. Vot har mar matechjes oanstie, vie dot krekt de Joaden san fwaroansteand plak fon God krygen hienen. Vienen oltemets de Friezen net fólle veadeger óm mids olle fólken ut fólk fon God neamd te vurren? Yn 'e midsywen vienen dur ferhalen ferteld oer de tsien stammen dêrt nai de Babyloanyske bollingskip nea ver vot fon fernómmen vie, en dur vie ónjerre, dy tsien stammen vienen nai lang ómswolkjen yn Fryslôn telône kómmen. Ut ferhaal soe histoarysk net krekt vêze, mar ut makke lykvóls dúdlek dot de Friezen harsels un bysónder plak tatochten. Os dur gjin Joaden vest hienen, of os dy dur bijgelyks rus net mear vêze soenen, don soenen de Friezen grif ut east yn 'e beneaming kómme óm Gods fólk te vurren.
Se gyngen oerain en makken brûkken en harnossen los, of lûken rokken en kleden ómheeg, ol nait se klaaid vienen. Sedeg sêgen se rjócht fwar har út vylst se har dingen digen, óm gjin ónraine êgen te smyten óp de aigen monlekhyd en noch minder óp dy fon un oar. Mar
| |
| |
Kalma koe ut net litte, hij stie rjócht tsjinoer Jan Piebenga, mai syn sterke, spierde skónken, syn prachteg lid dot bêde vie yn król swat hier. Gjin Germaanske strider sêg Kalma yn him, mar un Grykske god. Hij fielde hût ut bloed him nai de monlekhyd rón en hij skamme him. Om gjin oanstjit te jaan lai ur dur un teepontsje óp 'e kop oerhinne, hij hope de oaren soenen dot yn 'e jamkste fôde slaan en hôre fwar un beviis fon syn kekenens. Dû lainen se enwar de jerrems óm 'e skauders en sprieken se yn koar: ‘Vij Friezen sille Fryslôn tsjinje mai goed en bloed oant ús lêste syke.’ Mar Kalma koe ut net mear keare, de ykel baste iepen en mai un machtege striel spuite ut sied nai bwótten. Ut teepontsje tûmmele draaiend ómheeg, bljode rjócht bóppe de tafel un momint yn 'e lóft hingjen, en foel dû midden óp 'e tafel del en slûg oan diggels. Se varen ollegjer haisleke kjel en vienen slim ferbjustere. Folkertsma kaam ut east ver ta besleor. Mai syn swier en stjittereg lûûd brocht ur út: ‘Un taiken fon Boldgrim!’
Ferfólle fon un hymelske sillegens sêgen se Folkertsma en enwar oan. Amen, amen. Gjin vierder vud vie ea sprutsen óp dusse ienfôdege bóppeseal te Jorvet. Mai stille hontaasten brochten se de klean ynwadder en gyngen sitten. Ut blide vitten dot se ópnómmen vienen yn 'e rige fon Boldgrim syn apostels tintele tróch har het en tsjoende un blide glôns oer har oantlit. Stil sieten se bijenwar, vól un ketier lang, oant Kalma - hij koe ut net litte óm de fwarstap te nimmen - útstelde se soenen un flesse reade vyn en romers kómme litte. Optain foelen se him ollegjer bij. Ek Sybesma vaar fwar un momint vot mylder stimd tsjinoer Kalma - dêr slagge ut de ôd tieshólle doch mar óm de klosseferskillen te tróchbrekken en har fwar dut stuit ollegjerre ien te maitsjen. Mar net óp 'e menier fon 'e SDAP-ers lykos Jelle Hindriks Brouwer en Marten Koops Scholten dyt de boeren har befwarrjóchte posysje óntnaderje voenen en fon harren ollegjerre brondevyndrinkers maitsje. Kiestra jûûg de herbergier de vink en ol rillegau sieten se ollegjer fon un glês vyn te nippen. Ut sinneljocht fon 'e naimiddy fónkele yn 'e glêzen. Se praten net, mar tochten namstemear: se vienen no tarist fwar de striid - mar hû mócht ut noch kómme? Soenen se de ain fon 'e striid en de oervinning belibje? Soenen se monhafteg en stônfêst bljowe os de oere fon 'e fersyking kaam? Ien en mien hienen se sward, mar va fon harren soe de ferrieder vurre? Dot lai ferburgen yn 'e skette fon 'e tiid. Se fûstken ô en gyngen har vegen. Skielek os de tiid kómmen vie soenen se yn fólle vapenútris útraizgje óm ut Frieske lôn te ferdigenjen tsjin de fijôn.
Ol binnen ut ier soe blyken dwaan dot de baide fynen, Folkertsma en Piebenga, de kónt durút skwórden.
| |
| |
| |
Kopijskrjowersleed - Twadde Haadstik Olve
Ut leed fan dusse vrôd fóllet ut hielol. De útgjolpen fon 'e lókkegste lijers flechtsje de iveghyd yn nai olle hûkken en hennen en vjergolmje tsjin 'e planeten en sinnen. Har leed vurt heard. Ongelókkeger binne de lijers fwar va har útsezing gjin plak en gjin ear is en dyt har leed yn stilte drage matte. Dot binne de measten fon 'e minsken, stille leeddragers, fon vaat nea gjinien te vitten kómt vot har óp 'e nekke vaagt en vot har tróch ut het snijt.
Ut leed fon 'e kopijskrjower is fon un oar soate. De kopijskrjower is ynsafier un lókkege lijer mait hij bij machte is óm olles vot him pyneget yn vudden te útterjen - mar syn óngelók is dot oaren útmaitsje ot syn skrjo heard vurt: ópdrachtjauers, karmasters, útjauers, redakteoren, supsydzjetaskikkers, bûkferkeapers en ol dot rjo. Vot de kopijskrjower út ut djipste fon syn siel ópdjippe en yn ut kleare dailjocht steld hat, de pearels fon syn minsklekhyd, de tsjepste fruchten fon syn geasteslibben, dêr gnúúft un bótte geast un set óp óm en hellet dur don un streek tróch: net públykabel. Ut leed fon 'e kopijskrjower is dot tusken him en syn públyk un mwórre fon óngefoeleghyd en ónferstôn stjit. Hij kin ut leed stim jaan, mar oaren vólle ut gjin stim ta havve en se fervize him nai de ferjittelhyd. De kopijskrjower is un ferbittere minske, dot sil ur nimmen óntstride, mar vot ur sait dêr stjit ur fwar, vont ut is de súverste vjirhyd: dur is un soad leed dot nea fjidder kómt os un floppy-disk.
Fwar de ópdrachtjauers, de karmasters en dot fólk binne dur twa soaten leed: públykabel leed en ynpúblykabel leed. Ut ferskil is heel simpel dot fwar ut iene vól un merk is en fwar ut oare net. Ut leed dot ferkocht vurre kin, dot vólle de útjauers vól havve, mar leed dêrt gjin brea yn sit, dêr havve se gjin ear fwar. Ut gjit óm 'e sinten en oas neane óm, ol beare se noch sa dot se harsels sjugge os bemiddelers tusken skrjower en públyk, os kultuerfersprieders. De kopijskrjower soe dur óm gnize os ut leed him net sa yn 'e tange hood. Vot kultuer? Sinten, en oas neat. En bij dot olles is ut noch ut olderslimst dot se ek noch spykerhud stonne te ligen. Vont ut públyk is nóit frege ot se dut leed ljevver hienen os dot, nee dot makket menhear de ópdrachtjauer vól even út, dy vit sa goed vêrt ut lêzerspúblyk ferlet fon hat. Menhear skynt dot yn 'e bwósse te havven, dot públyk, dêr vit ur olles fon lyket ut. Hat ur meskjin un opynypailing hôden, of sûûgt ur dot út syn goare graue tûmme. No, de kopijskrjower tinkt fon ut lêste, en dot sait ur don ek mar rjóchtút, vont de kûgel is doch tróch de tsjerke en ut kin him ollegjer neat mear ferdómme. Dut stik sil ek vól ôviisd
| |
| |
vurre, dut stik sil menhear de ópdrachtjauer ek vól ‘net gaadlek achtsje binnen ut kónsept fon syn romon’. Mar de kopijskrjower skyt duróp, óp dy hele romon, vont ut is ollegjer nep.
Goed, klear, de kopijskrjower sil dur gjin dûkjes mear óm vyne: ut gjit him net óm útjauers en karmasters yn ut olgemeen, hûvólt dot fonsels ek ónront is, mar ut gjit him prinsepeal óm Tilly de Tillefoanist, deselde, ja krekt. De mon dyt him en noch un steal kopijskrjowers de ópdracht jûn hat óm un bûk fwar him te skrjowen. Hij en dy oaren - hij vit ferdómme net iens vaat dy oaren binne, oas soenen se him maienwar noch un proses oansponne kinne - hij en un noch stikmonnech havve ollegjer un kóntrakt tekene vêrbijt se har ferplichten óm út en tróch un pat kopij te skrjowen neffens oanvizingen fon Tilly. Fwar dot stik kopij soenen se un reedleke beljenning krije, dyt olle jirren besjoen en sa nedeg bijsteld vurre soe. Oer ut jild klaget de kopijskrjower don ek net. Ha jim him klaaien heard? No, lul don net. De kopijskrjower klaget net oer jild, hij klaget oer syn artistyk gevisse dot tróch menhear Tilly de Tillefoanist yn 'e strónt trape en ferhûûddûkke vurt. Vont dusse persoan jaut óm god noch gebod, dusse persoan hat un ylknóbbel dêrt normale minsken un het havve te sitten, en dusse persoan is dêr ek noch grutsk óp, dusse persoan sait dot ur him mai gefoelegheden net óphôrt. No, dêr kin de kopijskrjower fon maiprate: vot de kopijskrjower yn smetleke skeppingsoeren út syn ynderlekst vêzen vai stôl en fwarm jûn hat, dot ferviist dusse menhear nai de skenne. Net oas! En de grutste ramp is dot de kopijskrjower dur net un sprút oan dwaan kin. Yn ut kóntrakt is fêstlain dot ur fwar elk stik kopij betelle vurt, ot ut yn ‘de romon’ ópnómmen vurt of net, mar hij dógt ôstôn fon syn auteorsrjócht. De kopijskrjower hie dot kóntrakt nóit fon syn
libbensdagen tekenje matten fonsels, dot vit ur no ek vól. Mar twinteg ier lyn siet ur yn 'e jildkrapte, dot fwast, en bóppedot vie ur te nayf óm te beseffen dot ur him mai honnen en fwótten útlevere. Hij vie jóng en ydeälistysk, en hij tocht dot syn ópdrachtjauer dot ek vie. No, dot hat ur vitten! Tilly de Tillefoanist is spykerhud fwar oaren oer, skriklek aigenikkeg, folsk os un slaine hûn en sa ónbetrauber os ut vaar.
Ja, menhear Tilly de Tillefoanist hie duskear net sasear un spesjale ópdracht, sat ur sai, neu, mar, no, de kopijskrjower mócht duskear vól un frije bijdrage ynstjoere. Tja, ómmes, dusse romon mwast net te smel en te iensydeg vurre. Net un te kont en klear produkt, net un fwarkôge kónsúmintehap - o, vot beried ur syn stôkhynderke ver! -, gjin glêd ôrûnne ding dot de lêzers sónder slókken tróch de strôt glied, mar un hûkkeg, vjerstribbeg, óngryp- | |
| |
ber... eh vêzen, ja ‘vêzen’ vie ut goede vud. Ut mwast un libben ding vurre, dusse romon, gjin deastyljerre lyk, mar un organisme, un... un..., no ja, do begrypst mij vól. En dêróm, vot ien os dij dêrfon tinkt, ien dyt dêr doch jirren mai ómpield hat, immen fon 'e vurkflier sa te sezen, vot dy dêr no bij ópset hat, dyn ynteressen, dyn doel, dyn, dyn, dyn ûnderfyningen. No ja, no jau 'k dy doch un fûûg ramt, vylst ik dot ains net voe, mar goed. Lit ús don doch mar seze: un frije bijdrage fon immen fon 'e vurkflier. Akkoat? Akkoat, menhear de Tillefoanist, akkoat. Jir is don myn frije bijdrage, en dot jo dur yn smoare maie. Mar de sinten sil ik havve, godferdómme, dot stjit yn 't kóntrakt!
De kopijskrjower hat dusse romon de jirren tróch vaaksen sjoen. Tilly de Tillefoanist hat de gevoante óm olle kearen os dur ver un haadstik kómpleet is un útdraai oan syn ferskillende kopijskrjowers te stjoeren. Dot óp himsels vól de kopijskrjower neat kweas fon seze. Os mun de ópdracht kryt óm oer ien fon 'e personaazjes te skrjowen, mat mun vól vitte vot dur jedder bard is. Mar de kopijskrjower koe sadwaande naigean hókker stikken fon him ol en net ópnómmen vienen, en vêrt yn krost vie, of vêrt yn feroare vie. En hij koe ek út 'e ópnómmen bijdragen fon oare kopijskrjowers ópmaitsje vot grif de fwarkar fon Tilly de Tillefoanist vie. Vot him no ópfôlen is, is dot dur yn 'e hele romon - olteast oant no ta - mar ien persoan fwarkómt dyt serieus nómmen vurt, en dot is, jo riede ut ol: Tilly de Tillefoanist. Olle oare personaazjes vurre begekke, begnyske, lytsachte en te kak set. Yn syn romon maie ollinnech minsken fwarkómme mai un behaind êgvaid, lju dyt mai de daistege striid óm ut bestean besteld binne en gjin tiid en kriig havve óm de swetten út te lezen, letterleke en fyguerleke ‘módderklauers’. En spane dur yn ut ferhaal doch un pear fygueren óm mai mear ynhauten, don doar ur un earleke kónfróntaasje net oan mar begjint mai módder te smyten. Nee - ut is oas, hij jaut ien fon syn kopijskrjowers de ópdracht óm mai módder te smyten en sa bljoot ur sels de mooie mon. Vot ur fon Jan Piebenga en Eeltsje Folkertsma skrjowe lit, dot rint doch de spuigotten út? En dy minsken kinne him net iens mear fwar de bek slaan, vont se bin dur net mear. Ha jo ut ea sôter fretten? Don mat jo ut no seze, strak kin 't net mear. Mar de kopijskrjower freget him yn gemoede ô: va is jir de viere
módderklauer? Dot binne net dy stakkets dyt óm ut daisteg bederf en un sober stik brea yn 'e klútten óm vrame, mar dot is Tilly de Tillefoanist dyt mai módder smyt nai olles vot mear ynderleke beskaving hat os hij en him geastlek oermônsk is. Tilly de Tillefoanist mjit olles neffens syn aigen benypt gefoelslibben en vot him bóppe de pet gjit, dot mai net bestean, dot mat ferhúnd en ferspot vurre. Olles vot útskaait nai viere minsklekens,
| |
| |
nai ydeälisme en nai hegere tinzen, dot mat fertrape en fergriemd vurre. Olles vot mai kop en skauders bóppe him útstekt, dot slagt ur de kop ô, en vêróm? Om sels de grutte mon te vêzen!
De lêzer mat dur marrus óm tinke dot olle pyntsjes en fertrjitlekhydsjes fon 'e lytse Tilly breed útmetten vurre. Gjin snotnoas of seare knibbel bljoot him besparre. En hij hood sa fon syn hait en mem en hij vie sa besónder. Dot is doch óm kwarjende beroed fon te vurren. Dusse mon hat ol syn libbensdagen nea fjidder sjoen os syn aigen noas, hij hat him oltyten ut sintrem fon 'e vrôd vaant. Oare minsken binne fwar him ollinnech mar atrybútten dyt ur brûkke kin, mar un verklek gefoel fwar oaren hat ur net. Nee, os ur gefoel fwar oaren toant, don is dot ollinnech mar óm sjen te litten dot ur sa gefoelech is. Mar hij mient dur net un duvel fon. Oare minsken yntresjerje him net echt, ot se libje of stjerre, dot makket him neat út. Os syn viif mar gjin viddo vurt. De kopijskrjower vit nammes net iens ot Tilly un viif hat, mar dot mins soe te beklaaien vêze, of meskjin hat dy ek vól un planke fwar de hassens. En sjug don rus hut oare lju úttekene vurre. Ut binne ollegjer oerflakkege typen, prymytyve geasten dyt libje bij de dingen fon 'e dai. En os dur ol vot tears vaakst of vot hegers óntstjit, don vurt dêr fwót ut near óp lain. Fwótdaleks vurt dur don un karykatuer fon makke, of vurt de draak dur mai stutsen. Dusse mon kin de minsken net oas sjen os apen en bearen. Vêróm vurt dy mon net ópposser yn un dieretún, don soe ur him faaks happy fiele. Tink dur marrus óm: eventsjes mai dur un gefoelege tins yn Eelkje of Têke ópkómme, en don vurt dot daleks ver mai de gek beslain. Hij, Tilly, trjoot olles hyltyt óp 'e nij yn 'e módder. De persoanen maie net ta ynsjug en vyshyd kómme, se matte dóm en dôf bljowe.
Vis, ut binne de kopijskrjowers dyt dut ollegjerre óp pepier bringe, mar sij dógge dot óp oanvizingen fon menhear de Tillefoanist. En dy skammet him net óm de ynstjoerde kopij te bevurkjen sat hij dot vól. Mai un tekstfervurker is dot ómmes sa maklek os vot. Mun kin dur vot tuskengrieme of utkrosse. Mun kin ferskillende stikken oanenwar plakke of dingen yn twaën skwórre. En bóppedot, os kopijskrjower hat mun juns earsucht ek, mun vól doch graach os ut bûk klear is fwar junsels seze kinne: dot stik haf ik skreon. Ek ol kómt juns namme don net óp ut ómslag, vont mun hat juns auteorsrjócht ferkocht, mar ut gjit óm ut vitten fwar junsels, dot haf ik skreon. En don begjint mun doch automatysk sa te skrjowen os de ópdrachtjauer ut ha vól. Oas vurt juns kopij doch helendol verskreon of ôviisd. Dot lêste is de kopijskrjower no kwatbij oerkómmen, en dêróm hat ur de hel yn. Hij vie oas
| |
| |
fon doel dot fwar himsels te hôren en yn 'e rûmte dyt him taskikt vie un evenredeg stik te skrjowen oer de ópstakels tusken de skrjower en syn públyk, heel yn 't olgemeen en net sasear út syn persoanleke frustraasjes vai. Mar dut siet him sa dwas dot ut dur gevoan utbrutsen is, krektlyk os bij Vondel ut gefol vie, echte skrjowers havve dot. En ut hindert ek neat, vont Tilly mai de vjirhyd vólrus heare en mai de noas yn syn aigen strónt treon vurre, mar fwar de lêzer fynt de kopijskrjower ut vól vot sneu, vont dy stjit doch helendol bwótten dyt kónflikt, dy is apslut net mondeleg oan Tilly syn kweade praktyken. Krektoasóm, dy is dêr ek ut slachtoffer fon. Mar don vit de lêzer mar dot ut net de skuld fon 'e kopijskrjowers is, dêrt Tilly him fonsels achter ferskûllet, mar dot ut ollegjer út syn koker kómt.
De kopijskrjower hie fwar ut tsiende haadstik un heel gefoeleg stik skreon oer ut seksueel óntvaitsjen fon Richtsje Bosma en oer har easte erotyske ûnderfyningen. Hij hie de ópdracht krygen óm vot te skrjowen oer ut ‘túsfrónt’ sat Tilly dot neamde. Dur hienen no ol un monnech stikken vest oer Harm, dyt te Tritsem tahôde, dot fwar de ôvikseling vie ut vól goed óm no verrus vot oer de oare Bosmas mai te delen. De kopijskrjower ónjerre dot ut don gaadlek vie óm oer de famkes of oer ien fon harren te skrjowen, vont oer Eelkje en Têke vie navenont ol heel vot ferteld. Him tochte ut frauvurren fon Richtsje soe un geskikt ûnderverp vêze, vont dot is yn ut libben fon famkes doch un heel yngrypend barren. Mun hat dur net óm frege, mar ut kómt jun lykvóls oer, vont de natuer kin mun net keare. En ut bringt lichamelek óngeriif mai, mar noch fólle vichteger is vot dur geastlek mai jun bart. Hû kamen famkes dêr yn dy tiid mai klear, frege de kopijskrjower him ô. De tiid vie fólle minder iepen os no, noot olles ol óp 'e tillefyzje vest hat fwart de bên ta besleor kómmen binne. Yn dy tiid prate mun net maklek oer sóks. Famkes varen faak net iens vaskôge dot ut kómmende vais vie. Op un dai kaam ut jun oer vylst mun neane euvelmoed yn hie, en mun vaar haisleke kjel. Mem fertelde don ut ollerneedsaaklekste: nee, ut is gjin sykte, dut jert bij ut greotvurren, mem bevarret de lapkes ûnder yn 'e linnenkost, don kinsty rêde en yn ut hok stjit un amer. Sóms kaam dêr noch un vaskôging oerhinne: Hôr dij de mônlje fon 't liif. San famke os Richtsje, noch net lang fon 'e skwalbanken ô, hû soe dy feroaring yn har lichem en har geast óp har ta kómmen vêze? Mun vie ynienen gjin bên
mear, mun besefte dot mun mem vurre koe en traue, mun murk dot de jónges nai jun begónnen te êgjen. San blier en iepen fanke os Richtsje, hoe nóm dy dot?
Sa skrjode de kopijskrjower un haadstikpat oer ut ópvaaksen fon Richtsje fon famke ta faam. Ut lichameleke pat lai ur amper aksint óp, vont dêr gyng ut him net óm. Hij voe olle klam leze
| |
| |
óp emoasjonele vjerslag dyt dut barren hie, óp 'e fragen en problemen dêrt Richtsje mai tangele siet. Ek óp har hinne-en-ver vêzen yn dy tiid, don ver bwatlek fanke, don ver ynienen jênsteg en viis. Om ek de relaasje ta mônlje te beljochtsjen, liet de kopijskrjower har un erotysk avventoer belibje - vot tútsje en streakje, mear net -, dot noch heal bennebwatsjen vie, mar ek un ûndertoan fon driigjende jênst hie. Havar, de kopijskrjower vie sels tige óp 't skik mai dut ferhaalpat, vont him tocht dot ut him knap slagge vie óm de gefoelsmjittege kônt fon dy perioade yn Richtsje' libben stôl te jaan. En dut pat soe ek un tsjinvicht biere tsjin ol dot groffe geskut dêrt oas yn dusse romon mai sketten vurt. Mar sat de lêzer sels vól vit hat ur yn haadstik tsien neat oer Richtsje lêzen. Ynstee dêrfan stonne dur no twa parten yn oer Harm, en sa vurt dut haadstik iensydeg en út syn model skwórd. Tilly de Tillefoanist hat ut ferhaal oer Richtsje oan kont lain ómt ut net poste ‘binnen ut kónsept fon dusse romon’. En dû hat ur sat ut lyket un oare kopijskrjower ópdracht jûn óm un ekstra stik oer Harm te skrjowen. Dot post dur don grif better yn. Ja, vont dy Harm hat gjin gefoel yn syn dónder, dot is un plotte hufter, en sókken binne ut evenbyld fon Tilly.
Mar ut sil de kopijskrjower no ol nijdwaan ot ut tredde pat fon 'e romon dêrt vij no hast oan ta binne lyke stómpsinneg en gnizereg vurt os de easte twa patten. Tilly hat noch de mooglekhyd óm ut roer óm te smyten en os ur viis is, don dógt ur dot. En os ur dot sels net ynsjucht en ynsjen kin, don mat ur mar achtslaan óp de synjalen fon syn kopijskrjowers. Vont dy kómt dusse romon de strôte út, safier is 't hinne. Mient Tilly dot ut verklek areg is dot juns ynstjoerde kopij ollegedueregen fergriemd vurt, dot olles vot mun mai ynmoed skreon hat sa feroare en beärbaide vurt dot de stómste sjekjesmokers har óp 'e knibbels slagge fon 't gnizen en ferstondege minsken har skódhóljend ôkeare. Mient ur dot vier? Of tinkt ur dot syn bankoerskrjowingen olles goedmaitsje? Don hat ur de keutel bij de ferkeade ain: fwar jild is net olles te keap. Un kopijskrjower is east en meast ferontvudding skuldeg oan syn artistyk gevisse, en dêr kin ur net mai slooie, dot kin ur net óm jild ut swijen ópleze, vont don smyt ur syn skeppingsvelle ticht. En don is ur utpûpt. Tilly de Tillefoanist mat jir goed óm tinke: un kopijskrjower lit him salang traapje oant de kruk bast, en don sit ur mai de diggels dêrt ur ut sels nai makke hat. Lit him dot mar goed yn 'e earen knope. Vij binne óp 't lêst frije Friezen, en vij litte ús fon gjinien twinge, ek net fon Tilly de Tillefoanist. En os hij mient dot ur ut him permytjerje kin óm dwas en aigenviis te vêzen, don mat ur syn bûk sels mar skrjowe, don kin vij ek nochrus gnize.
En dot vie don de frije bijdrage fon 'e vurkflier, menhear de Tillefoanist. En de kopijskrjower daget jo út óm dot no mar ô te printsjen, mar dêr sil jo vól un te grutte skytebrûk fwar vêze.
| |
| |
| |
Un bwarrist lait de hólle del - Tredde Haadstik Olve
Jidkarre, jidkarre, jidkarrejid, karrejid, karrejid. Dot grapke út syn bennetiid kaam Tilly yn 't sin dût ur de tekst fon dut haadstikpat oer ut skerm rôlje liet. ‘Matst rus heel hud achterenwar “jidkarre” seze,’ drûgen se ien óp, en os ur dot besocht, don sai ur óp ut lêst ‘karrejid’. Hut dot kin, vit Tilly net, dot soe un taalkundege rus útsykje kinne, olhûvól, fólle doel hat ut net, vont jidkarren bin dur net mear. Tilly-en-dy hienen mear fon dy grapkes: sees rus heel hud achterenwar ‘frau Dauma’ - bennegrappen, havar, dut is ek un bennebûk. Mar no hôrt Tilly him stil en hij lit de tekst fólgje dyt ien fon syn kopijskrjowers him tastjoerd hat.
Op un mandytemiddy yn april kaam ynienen Saapke óp Tritsem oanvaaien - Mis! Saapke hat te vitten dien dot sij vól tenai yn 'e offysjele stavering beskreon vurre. Noot sij dûmnysfaam is, posse har gjin gritsen mear. Flau fonsels, mar de kopijskrjower sil har har sin vól jaan matte, hij kin ek net ynienen beare os bestie se net mear. Mar hij sil har sa gau os 't kin út ut ferhaal skrjowe. Havar, nochrus: Op in moandeitomiddei yn april kaem ynienen Saepke op Tritsum oanwaeijen. Earnstich en steil siet se by de brinne oan 'e tafel doe't de manlju deryn kamen om thee. Sij jirre? Vot mwast sij jir? kraaide Harm. Sa'n batske bejegening winske Saepke har net wolgefâle to litten, se sêch him ferwitend oan en andere neat. Mar de boer joech se de hân en ferklearre se wie Saepke Bosma, de suster ja. Du gyngen se ollegjer sitten en de brinne briek de pynleke stilte mai ut sezen dot Saepke in aeklik birjocht foar Harmen hie, no Saepke? ‘Pake-bosk is ferstoarn,’ sei Saepke. ‘Heden noch ta! Vonear?’ ‘Justermoarn.’ ‘Tsjóng,’ sai Harm, ‘tsjóng-noch-ta. Dus hij is dea.’ ‘De begraffenis is woansdei en heit en mem ferwachtsje dy,’ sei Saepke. Harm sêg nai Vypke, un frije dai, koe ur dy krije? Vis, dot vie te skikken. Dû fertelde de brinne dot Saepke wie mei de trein fan Marum nei Frjentsjer riden en dêr hie se in fyts hierd. Se moast ek yntiids wer nei hûs, want it moandeiswurk yn 'e pastory wachte op har. Harm besocht him fwar te stellen hût pake dur no útsêg, mar ut voe net slagje. Deade minsken feroaren oltyt sa.
De vaansdytemwaans nai ut melken en breayten lûûk Harm un skjinne vyte strûpper oan, syn swart-mesjesteren ferklaaiersbrûk en un griis, rútsjes joske. Syn nij snains pak tearde ur netsjes óp en plooide ut yn ut kófferke. De knappe skwón kamen oan en de swatte pet óp en sa stiek ur ô Hij hope de jûûns yntiids ver tús te vêzen, en oas mwast de boer
| |
| |
de kaai fon 'e achterhûûsdoar mar yn 'e gwatte leze.
Vypke hie him óp 'e kaat viisd hût ur fytse mwast. Net oer Ljauet, dot vie un ómvai, seag mar, os mun un rjóchte streek lûûk fon Frjentsjer nai Fervet, don liet mun Ljauet lizze. Hij mwast fon Frjentsjer óp Skolsem ride en don oer Pains en Sloppeterp óp Bitgem oan. En dêrvai tróch de Biltske Súdhûk óp Fraubwórren oan, no en don vist ur ut vól, don kaam ur óp betraude grûn. Harm hie him duroer fervóndere dot mun sóks yn 'e hûûs ha koe, dot vie ferhipte maklek ómmes. Op skwalle hie ur ek vól katen ûnder êgen hôn en se hienen dû un ferskriklek soad plakken út 'e hólle leare matten. Hij hie dû nea fermoede dot sókke dingen nutteg vienen, hij hie ut os un straf ûndergien. Olles vot nai skwalle en nai learderij rûûk, hie ur óp fwarbyld fon syn hait fersmyten. Mar dot vie stóm fonsels, dot hie ur yn dut lyts ier bij Vypke vól leard. Ut koe dur net mear mai ta dot de boer him helendol oan syn bedrjo jûûg en syn bêste krêften dêroan spondjerre. Dur vienen no machten fon bwótten dyt de boer bedrigen en dyt net mai de bots of de rjowe ô te kearen vienen. De boer mwast lêze en bij de tiid bljowe, mwast him organysjerje en yn 'e poletyk bejaan. Os de boer óp syn pôle bljode, don strûpte ur dur vis ûnder, vot ur ek bódde. Sónt kwat hienen se un radyo bij Vypke en de hele vrôd kaam sa bij jun yn 'e hûûs. Yn dusse tiden vêrynt de hele vrôd yn ónstjoer lyke te vêzen, mwast mun swargje dot mun óp 'e hichte bljode.
Hij hie noch net ver tús vest, olhûvólt benammen Japke dêr vólrus óp oanstien hie en hij ut sels ek un pear kear yn him ómgean litten hie. Om Sinteklaas hinne hie ur doel hôn óm nai Fervet ta, en tusken Krysttyd en Od-en-nij hie ur ver plonnen makke. Mar ut vie dur net fon kómmen. Os de dai dot ur fwót soe tichtebij kaam, begón ur dur tsjinoan te swargjen. Vot mwast ur dêr vinlek yn ut Klaailôn? Ut gejermoed fon hait oanheare? Syn gelêb óp 'e hege hearen? Vot mwast ur bij mem yn 'e keamer dêrt de jermoede jun temjitte gniisde. De meubels dyt ienrus nij vest hienen, vienen skonsjerre en snústereg, ut behing bare bij de mwórren del, un ôtrape kleed oer de flier dêrt mun fwarsichteg oer rinne mwast, oas fertiisde mun mai de tjennen yn 'e losse trjidden. Bij Vypke vie ut fólle fleoreger, faaks net dy veelde os bij ómme Iede, mar olles vie yn 'e es. En hij hie ut dêr best. Net ollinnech fon yten en drinken, mar oas ek. Vypke stie mai ried en died naist him, poende him oan óm te lêzen en óm nai te tinken oer vot ur lêzen hie en behelle him yn ollerhonde boereproblemen. Japke hood syn klean sekuer skjin en heel, dêr mankearde neat oan, en se swarge durfwar dot ur netsjes fwar 't ljocht kaam. Ut ferslyten en te krappe snainze pakje hie har fon 't begjin ô net sinnege, en nai dêr un pear kear gemoedlek oer eamele te havven, hie
| |
| |
se Harm nai Frjentsjer stjoerd óm un knap pak klean. Vypke gyng mai, vont dy hie dêr vól doel oer. Ut ôde snainze pakje hie ur noch un set oan hôn nai de jóngelingsferiening en sa, mar letter vie ut noch slimmer degradearre. Japke sai, hij lyke dur vinlek un ferlopen stedsmenear yn, hij mwast knappe ferklaaiersklean ha, dot ôde pakje koe ur tús vól ôsjaue.
Bóppe Frjentsjer vie ut him os vaar ur óp 'e nij benne, os briek de maityd ynienen yn folle gloarje tróch. Hij kaam yn 'e bau, dot mooie ôde terpelôn fon Skolsem, Pains en Sloppeterp. Ut lôn lai plûge yn streekrjóchte kavels, de prachtege keale klútten grûn blónken yn ut sinneljocht. Ol jir en dêr makken se de grûn ree fwar de frucht, rjappelbakken mai de tear-hoede poaters stienen yn un daam. Un mon jage twa hynders mai un aide oer ut koppege lôn. Un hûkje vinterveet stie ljochtgrien un foetheech óp un rûnrêgege eker. Varberhyd jirre oerol. De striid gyng ver oan. Op 'e nij jûûg ut fólk syn beste krêften oan 'e grûn óp hope fon un ryk gevin, en mócht ut dut ier barre maie: un bóppeslag. No vie ut os foel dot benearjende gefoel dot him de hele jest en vinter olgedueregen plêge hie, fon him ô. Hij hie ut skoan bij Vypke en Japke, se behondelen him os vie ur aigen soan. Mar o dot gês, dot gês, dot frekte koweskyten grien!
Se hienen un iepen vinter hôn, nea hie un bevyske froast de raaien oas kleore of un pak snie ut lôn tadutsen. Sais mwanne lang hie ut jest vest, vienen de buien út ut vesten oer ut griene gês swypke. De nêkene bjemmen óm 'e pleats stienen vonhopeg ferlen yn dusse griene voastyn. Yn ut bwóthus vie smûkkens en bij de brinne yn 'e achterkeamer, dêrt se jûûns nai ut radyo harken en krontliezen. Mar bwóttendwarren vie ut óm siik en beroed fon te vurren. Tiisdy- en toansdytejûûns fytste ur nai Vómmels, en snains gyngen se nai tsjerke, mar fjidder kaam ur de pôle net ô. Nai ien misse set óp un faam hie ur ut net ver vêge. Hij tocht oas dot ut fanke ut vól stilhôden hie. Se soe grif net sa stóm vest ha en fertel oan har kammeraatskes dot se yn 'e rúskjinne bedarre vie. Mar vot soe mun bevege en gón sneon- of snaintejûûns nai ien fon 'e dwarpen? Dur vie net un faam óp 'e dyk. Os mun vinterdais ûnder de ponnen vêze voe, don mwast mun maityds ier juns kar dwaan en de hele simmer mai un faam ómfrije, don koe ut vêze dot mun jestmes oan hûûs kómme mócht. Sa mwast hij tenai ek. Hij hie ut noch vólrus yn him ómgean litten en fyts nai Frjentsjer, mar dy stedske fammen vist ur him net goed mai te reden. Dy vienen sa mwólryp en slûggen dur san raar taaltsje út, dêr fielde ur him un ólfet bij.
Twarus yn dusse lange jest hie ur mai Vypke un útsje makke. Un rais nai de feemerk yn Snits, en un kear nai Ljauet nai un boeregearkómst. Dot hie un iepenbiering vest:
| |
| |
ollegjer boeren lykos hij, en ollegjer deselde noeden en swargen. Mai lykense fervyten ek tsjinoer ut regear en mai ut fêste vitten dot ut oas mwast en oas koe. Dútslôn, dot vie ut fwarbyld dêrt elk nai sêg. Sa mwast ut jirre ek. Dur hienen dy dais twa sprekkers vêst, de iene vie un boer út 'e Legeaën, un graidboerke lykos Vypke. Un gevoane boer dyt neat leard hie, mar deole, vot koe dy ut vud dwaan! Hij skódde sa de hele skiednis út 'e maue en liet sjen hût de gevoane vrótters, de boeren, dut lôn bevarre en hoede hienen fwar de naiteam. Harm hie óp skwalle ek ferhalen heard oer fwarhinne, mar ôde Jopy Drup fertelde ollinnech oer greven en prinsen mai har oarloggen en trauerijen en hij ferpeste olle areghyd fon syn learlingen mai de ‘jaartallen’. Dusse mon, dusse gevoane boer, liet de geast fon 'e skiednis sprekke, en hij fertelde net fon 'e machtegen en ryken, mar fon 'e gevoane Frieske boer. De boerestôn, sa fertelde ur, fwarme fon ôds de kean fon ús fólk. De lju dyt jir twatûzen ier lyn delsetten kamen, dot viene feeboeren. Dot vie út opgravingen bekend vudden. Yn 'e simmertiid lieten se ut fee vaidzje en by 't jest os de floeden kamen, hellen se ut tús óp har terpen. Faaks hiene se ek vot bau hôn, vot nôt, vot jette. Mar de haadsaak vie fee. Yn 'e geskriften fon 'e Romainen koe mun gevaar vudde dot de ôde Friezen mai de Romainen kowehûden ruilen fwar ark en ollerhonde oar nutteg gwód, potten en ponnen en sa. Mun mócht oannimme dot dur yn dy iere tiid ek ol vól oare beróppen viene, dur soene smidden vest ha, timmerlju en keaplju, en de Fryske skipfeat vie ek tige ferneamd, mar fwar ut meastepat viene ut doch boeren. Sa vie ut tiden lang bleon, oant de stêden ópkamen en har machteg begûnnen te maitsjen
tsjinoer ut lôn. Dû vie de boer fon syn fwótstik rêge en yn 'e êgen fon 'e stedlju un twadderangsmeenske vurren. ‘Dómme boeren’, gnúúfden de stedsjers. Mar va hie dit lôn grut makke, va hiene ut deagevoan makke? Viene dot net de boeren dyt ut lôn óp ut vetter ferovere hiene mai terpen óp te smyten en fjetten te graven en ut lôn te bedykjen? En de sprekker voe ut ek havve oer de beskaving, dêrt de stedlju fon mienden dot dy ollinnech yn 'e stêd te fynen vie. Ut lôn hie gjin beskaving, sainen de stedsjers, de boeren viene plot en bót. Mar sai ur, seag rus nai ús Fryske taal, vér vaar dy sprutsen en vér vie dy ol ywenlang bevarre? Vie dot net krekt óp ut lôn bij de ienfôdege boeren en arbaiders? En ús Fryske boeken, dyt skreon en lêzen vaden fon ut gevoane fólk, beviisden dy net dot de boer beskaafd vie? Vis, hij voe tajaan, dur vienen un soad boeren, dy seagen net fjidder os ut aigen wanleger, dy liezen ollinnech mar ut molkbûkje. Mar dot vie mis, de boer mwast him bevust vudde fon syn ryke kultuer, dêr mwast ur grut óp gean en dy mwast ur útbaue, ta hail fon ut hele Fryske fólk. En hij besleat
| |
| |
mai te sizzen dot ur ut lôn net ópsette voe tsjin 'e stêd - net olle stedsjers viene ferkead. Beviisde ut fait dot sij os boeren jir joet gearkamen oan 'e Lange Merkstrjitte net dot stêd en lôn ek maienwar óparbaidzje koene?
De twadde sprekker vie gjin boer, mar feedokter. Sadwaande vist ur doch vól un heel soad fon 'e sytevaasje fon 'e boeren ô. Mun koe vól fernimme dot dusse mon óp 'e hege skwalle gien hie, ónjerre Harm, hij brûkte gaurus slimme vudden en ut ferhaal vie dreeg te fólgjen. Vypke hie him de jûûns tús útlain vot dy mon savot bedoeld hie: notiids vie ut sa, dot de boer inkeld sjoen vaar os un ‘prodúsint’, hie de feedokter sain. Dêr bedoelde ur mai, dot de boeren dingen oan 'e merk brochten, flais, molke, jirpels, nôt, sûkkerbyten en ol sa mear. En dot vie fonsels ek sa. Mar jedder hie ut sa vest, dot de boer beskôge vaad os ut midpunt fon un fólle grutter bedrjo, net ollinne syn bwórkerij, mar ek olles vot dêr ómhinne stie. Dus, de timmerlju en de smidden dyt ut fwar ut grutste pat fon 'e boeren ha mwasten, dy foelen ûnder de boer. Ut bûtterfebryk vie un soate fon ferlingstik fon ut boerebedrjo, en sa ek ut moalfebryk, ut sûkkerfebryk. No vie dot oas vudden, de febryken sainen, vij steane óp ússels en vij binne baas oer ússels en de boer is ús klont. En dot sainen de timmerlju en smidden ek. En de arbaiders fólgen, dy sainen langer ek fon safólle oeren en safólle jild, en oas geane vij nai de stêd en lit de boer dan sels mar bealegje. Mar de feedokter hie sain, sa mwast ut net, sa vaad ut hele plottelôn un oarlogsfjild: de boer tsjin ut bwótterfebryk en de arbaider tsjin 'e boer en oerol striid. Sa gyng ut plottelôn nai de bedelte, ta skea en skonde fon de hele Fryske naasje. Ut mwast ver vudde lykos fwarhinne, dût dot ollegjerre ‘organysk’ bijenwar jerde. Ja, ‘organysk’, hû mwast ur Harmen dot no oan ut ferstôn bringe? No, liet him sizze: os ien grutte femylje.
Bwotterfebryksdyrekteor, arbaider yn ut moalpakhús, ferver en smid en boerearbaider en de boer sels, ollegjer femylje fonenwar. En don yn 'e midden de boer, dêr klútte olles óm gear. Begriep Harmen vól? Nee, gjin echte femylje fonsels, mar se jerden bijenwar, se hóngen ollegjer fonenwar ô, en bij ainslútten hóngen se fon 'e boer ô. Sónder boer koe gjin febryk draaie en hie gjin smid of arbaider brea. Vis, de feedokter hie vól gelyk, mar os Vypke syn sin sai, ut ferhaal vie him vinlek vól vot te dierber, neane net óm, mar mun mwast vól mai baide fwótten óp 'e grûn bljowe.
Harm, hij fytste no tróch de gerjóchtegheden fon Sloppeterp en Skingen en hij vie vónder óp 't skik. Vis, Vypke hie him syn boeregrutskens veróm jûn. Hij fielde him net langer de jermoedsaaier fon ut Klaailôn, hij fielde him boer en oas neat, ien mai olle boeren fon
| |
| |
Fryslôn, boer fon ôder óp ôder. Hij koe fon dotoangeande Vypke net tankber genôch vêze, dy hie him sterke tsjin 'e minachting dêrt de boeren olmeast mai bejegene varen, dy hie him útsjug jûn óp un bestean os frije, grutske boer. Mar hij vist no ek fwarfêst dot ur veróm voe nai ut Klaailôn. Net yn dy keale en tryste graidhûkke voe ur boer vurre, mar óp 'e fleorege en libbene bau, dêrt ville en tier yn 'e dwarpen vie en grutte pleatsen yn ut fjild lainen. Freeds soe ur nai de merke te Ljauet raizgje en mai oare boeren yn 'e hotels un miel yten sette litte en un slókje ópnimme. Sneons soe ur him skeare litte en dêrnai nai de herberg gean en syn gelykens treffe óm mai harren te redekaveljen oer de dingen fon 'e dai. Ut graidboersbestean vie doch ol te simpel en dea. Mun koe ut hast sliepende vaarnimme. Kij en molke, dêr draaide ut hele graidboersbestean óm, hie Vypke sain. Molke en kij, krekt os koe mun mar oan twa ta telle. Don un bauboer, vot mwast dy ol net kenne en vitte, vot hie dy un ferskaat fon noeden en avventoer! Ut Klaailôn, dêr voe Harm boer vurre. Hij soe de ôde rotsooi tsjin 'e grûn smyte litte en un grutte pleats baue, gjin stjelp sat hait vóllen hie, mar un kop-hols-rómp - un echte, Frieske pleats. En dy oare neazege spultsjes oan 'e Mûndersloane, dy soe ur fwótrêgje of útkeapje. Ut hele Klaailôn soe synes vêze, en út 'e ópkeamer vai soe ur heaskje oer dy swatte grûn oant dêrt de seedyk ópriisde.
Mem vie mai ut vaarmyten oan 't pielen dût Harm óp 'e Mûndersloane oankaam. Mem, fwarsafiert de ferplichte rau har dot tastie, vie tige óp 't skik dot Harm dur vie, en jónge noch ta, vot sêg ur dur kreas út. Hie ur nije snainze klean kocht? Ja, dot ek, mar hij voe syn snainze pak net óp 'e fyts oan ha, dut vienen syn ferklaaiersklean. Mar jónge, koste dot net un fermogen? En un nij heloazje, sêg se. Gyng Harm dur net te rij yn lôns? Vot soe hait jir fon seze? Dot koe Harm ut measte net skele, vot de ôdehear seze soe. Mar hij fielde ut sels heel skerp: hij misstie jir. Yn dusse ôde keet, yn dut ferfôlen rottekleaster poste olinnech un fersette daize broek en kyle. Hij skikte un stoel bij de tafel en gyng sitten óm un piip te stopjen. Mem helle un viete skûldûk oer de tafel en lai jir en dêr un ding te plak. Se hie ut net earlek oan tiid en set nije kófje, en ut vie dêrmai yterstiid, mar dur siet noch vól vot yn 'e pot, ut vie ôd mar noch varem. Voe ur? Hij knikte. Se kryge un rjoke fon ut teeblêd en geat yn. Se behondele him os vie ur óp besyte, en sa fielde ur him ek. ‘Jim hait is oan 't rjappelsetten óp 'e gare,’ sai se. Harm ljode ut vól. Hij vie net fon doel óm ut lôn yn mai syn nije skwón. Hait syn skónk vie net ynwadder, sai mem, mar hij voe net nai dokter en dur gjin praat fon heare. Harm mwast dur oerdai marrus óm tinke. Saepke kaem thús, steatlik yn 'e klean as altyd en earnstich. Se sei mem dach en joech Harm in
| |
| |
stiif knikje. Ja, sy hie de kofje allang op fansels. Koe se mem helpe? Nee, gyng sij mar sitten. Dat diich se, se êge skean nei Harm syn klean en dy liken har oan te stean, alteast se loek de noas net op. Even letter kaam Richt, bliid óm Harm ver te sjen. En vot vie Harm mooi! Hij hie seker ek ferkearing dêr yn 'e graidhûkke? Sjug mem, se hie vot kwastekûke mainómmen. Fon 'e bakkerinne krygen. Voe Harm un stik? En dû kaam hait de keamer yn. De pet oan 'e êgen ta en fon top ta tail snústereg en móddereg. Harm sêg ut daleks vól, hij lómpte mai de poat. Ut vie slimmer os ur fervachte hie, mem hie net oerdreon. ‘Jónge noch ta, vot menhear ha vij dêre?’ kraaide ur dût ur Harm yn 't êg kryge. ‘No, no, do dógst ut mar!’ ‘Goed mai hait?’ frege Harm vylst ur oerain gyng en hait de hôn jûûg. Mar ynvindeg vie ut him ol oer - lêbje en spytgnyskje, soe dy mon dot nóit ôleare?
Nai ut varem miel helle Harm ut kófferke fon 'e fyts en kundege oan hij soe him ferstrûppe. Hij skarrele bij de trep óp nai syn kjemmerke. Mar dêr stie Richtsje yn ûnderbrûk en bwastrok. Onee, dot vist Harm fonsels net, mar sij hie syn kjemmerke krygen ferlyne simmer. Mar dêróm koe ur dur vól ynkómme, hij vie doch har bróér? Harm helle ut pak út ut kófferke en ferstrûpte him. No vie Richtsje helendol út 'e skrûven. Vot stie Harm dot mooi! Se rûtste bij de trep del en golme ut hele hûûs bijenwar: ‘Us Harm hat un prachteg swat pak oan, hij lyket de bwargemaster vól!’ De skrik slûg Eelkje óm ut het en se socht vudden dyt se aanst brûkke mwast óm Têke del te bêdzjen. Dût dy vot seze voe oer jildfergriemen en potfertarren en grif net óp kinnen en brede fjitjen, dû snijde Eelkje dot kwat en goed ô: De jónge ferkearde ûnder de minsken en koe net os un jermoedsaaier fwar 't ljocht kómme. En no stienen se klear óm har hait te begraven, voe ur dêr rekken mai hôre?
Se gyngen yntiids nai Marem nai ut lokaaltsje bij de Herfwarme tsjerke, vont beppe' keamer vie te behindeg óm olle fólk te bergjen. Ut vie vól un heel hinne en ver geflean, vont hij soe óp ut Nijtsjerksterhôf begrûven vurre. Ien fon 'e naiste bwórlju hie oanbean óm beppe mai te nimmen yn ut vaintsje, don hûgden se dêr net oer yn noed te sitten. Sa stadegoan dripte ut fólk binnen, de boeren en genieren fon 'e Lege Jerrevai fon Nijtsjerk oant de Hôlemerhûkke ta. Ek ol hie mun yn ol dy jirren mar amper gedoente hôn, de lêste ear beviisde mun enwar, dêr koe noch voe gjinien him oan óntvyne. Omme Iede en mwóike Hinke vienen dur ek, dot vienen ek savot de ainechsten. Nai dûmny syn sobere vudden keutelen se achter de lykvain oan nai Nijtsjerk. Dûmny mai beppe fwaróp, don hait en mem en dêrachter Harm mai de fammen. Un ketier lang hie ur ut sicht óp hait syn slingerpoat. Hij fielde him net sa lókkich mai dy stive Saepke op 'e side. Stareg gyng ut, vont
| |
| |
beppe rón net sa hud mear, en ol dy ôde útvjekke brinnen achter har yn 'e stoet mwasten ek mai. Harm hie him fermonne óm yn 'e kiste te sjen, hait en mem digen ut, en hij voe net achterbljowe. Hij hie him besaud: sa kreas hie pake bij syn libben nea vest, dur striele ealens en vyshyd út ut deade ontlit. Vie dut syn lêste póts?
Nai de beïedeging óp dot mooie lytse hofke sljurken se ver nai Marem, dêrt se tee en krêkelingen krygen. Dur vie kloanje fwar de frôlje en segaren fwar de mônlju. Beppe siet os vie se dur delskyten, un ôd vyfke dot neat mear te keap hie, mem skriemde un bytsje, en Saepke siet stil en steil op 'e stoel. Mar fwar de oaren hie de dea syn gerak no hôn en begón ut libben ver. Aanst, mai un oere, soenen se de ôde plunje ver oantsjen en oan 't vurk gean. En no ol praten se dêroer. Hait socht steun bij syn naiste bwórlju, ómke Iede en Evert Visbeek, dyt boer vie tusken ut Bósk en de Hôlemerhûkke, óm Harm te kak te setten: ‘Mun stjoert him os boerefaint de vrôd yn en hij kómt os menhear veróm.’ Mar syn taharkers voenen net rjócht happe, se glimken vot, en sainen ‘Ai’ en ‘Javól’. Harm die un haal oan 'e segaar en sai: ‘Hait mat net miene dot vij boeren ut mai beolegjen en ezeljen noch langer óprêde. Yn De Haag gnize se óm de boer. Vij matte ús organisjerje, vij matte de poletyke vai óp. Ut hele bestel is ferrotte, dur mat un frisse vyn tróch dut lôn vaaie. Un nije wadder mat dur kómme. De boer mat ver de baas vurre. en net de vyteboadmonnen, en net de joaden. Mar don matte vij fon ús heare litte.’ Hait gnyske vot, hij hie gjin vervud, sóks lai fier bwótten syn êgvaid. Mar ómke Iede sai: ‘Voest ut mai de pûpen hôre, Harm? Net dwaan jónge, ut kómt dêr net goed.’ Harm swijde, hij vist net safólle fon Dútslôn ô. Vypke sai oltyt, dur vie un bulte goeds geande yn Dútslôn, mar hij koe net olles goedkarre.
Mem soe beppe nai hûûs bringe en Harm sai hy gyng mai, hij voe ut ôde stee noch un kear sjen. Dot vie ut vinlek net, hij hie dur gjin sin oan óm mai syn hait nai de Mûndersloane te gean. De stómme ónnoazelens fon dy mon jûûg him slimme argevaasje. Mem sai dur lai ek noch un pakje fwar Harm, vot duryn siet vist se net, mar pake hie Harm syn namme duróp skreon. Se hienen dot fûn mai ut óprêden. Ja, dêr vie mem ol mai útainset, vont beppe soe jir net lang mear bljowe, ut vie net fertraud, se begón ferjitlek te vurren. Sjug, dot vie ut pakje. Brun pepier, un tautsje duróm en ‘Voor Harmen’ stie duróp. Hij liet ut yn 'e josbwósse glide.
Dût se de jûûns fjaueresóm oan ut miel sieten - Saepke wie wer nei de pastory gien -, fertelde hait dot se neat ryker vurren vienen fon pake syn dea. De ôdmon hie mear skulden
| |
| |
hôn os have en goed. Os olle ark ferkocht vie en de bistkes fwar de slacht fwót, don koenen de skulden noch net ôlost vurre. Mar goed dot hij de jidkarre, dyt ur ferlyne jest bij ut rjappeljen fon pake te lien hôn hie, nóit veróm brocht hie. No vie ur dur teminsten noch vot better fon vurren. Nee deole, hij hie tsjin notares neane fon rept, vot stilder vot better. Un jidkarre, tocht Harm. Dêr miende dy stakket dot ur tige liep vest hie en un hele haal dien hie. Mar un jidkarre soe dut sinkende bedrjo net rêde kinne. Un jidkarre fól jild, ja, dot meskjin.
De jûûns let yn Tritsem, dût ur de snainze klean út 'e koffer helle en yn 'e kost hóng, fûn ur ut pakje fon pake veróm. Ut jinnege vot de mon vier nailitten hie. Vot mócht ut vêze? Hij knope ut tautsje los en tearde ut pepier útenwar: dur siet un koade yn mai un learen pwódsje duroan of sa. Ut rûûk ónfris. Hij pakte ut ver yn en lai ut ûnder yn 'e kost. Hij soe moan vólrus sjen vot ut vie.
|
|