[Nummer 1]
Redaksjoneel
Mei yngong fan dizze nije jiergong is de gearstalling fan de redaksje feroare.
Wy nimme ôfskie fan Jelle Krol, sûnt 1983 in trou en warber redaksjelid. Hy makke namme mei syn artikel oer plagiaat by Ypk fan der Fear. Hy oerlibbe mei Goaitsen van der Vliet as iennige de reboeljegearkomste.
As einredakteur, yn korreksjewurk en yn kontakten mei meiwurkers wie hy suver ûnmisber.
Foar him yn it plak komt Babs Gezelle Meerburg, ôfstudearre yn Dútsk en Frysk en al bekend troch har stúdzje fan Hylkje Goïnga.
Fierders fûnen wy dat ús blêd oan in nije knappe jas ta wie.
It ûntwerp is fan ús foarmjouwster Antine Zijlstra.
Ut de krante hawwe wy fernommen dat Josse de Haan foar himsels begûn is.
Wy hearden net ta de 35 útkarden dy't in nûmer fan syn tydskrift tastjoerd krigen hawwe. Faaks foar straf, dat wy kinne no ek min reagearje.
De honoraria foar opnommen bydragen fan ús hân moatte wy mar yn goed betrouwen ôfwachtsje. Neffens Josse binne wy bline epigoanen fan Trinus Riemersma, sa liezen wy yn 'e krante.
Mar wat wy ek binne, wy publisearje no yn dit nûmer in grut romanfragmint fan Trinus. It is yn syn eigen stavering. Dat liket ús foar de betûfte lêzers fan ús blêd gjin beswier ta. Hoe en wannear't de roman ferskynt, is op dit stuit noch neat fan te sizzen.
De redaksje