út har fel. En trompen hawwe de eigenskip dat hja samar hyt wurde. Op s. 37-39 wurde alve ôfwartaktiken oanrekommandearre (oan Sjutsje? oan de lêzer?). It jout Sjutsje net in soad. Har libben hobbelet fierder.
Yn part II sjogge wy hoe't Sjutsje hieltiten stomprint op har ûnfersetlike hâldling. Wurk dat net iens sa maklik te krijen is, rekket hja kwyt omdat har gjin Hollânsk út de strôt komme wol. Op it lêst bedarret hja as servearster yn in kafee. Dêr draacht hja oranje en blauwe pruken. It is tekenjend dat dat earder akseptearre wurdt as it brûken fan Frysk. De kafeebaas hâldt har foarlopich oan omdat hja wol aardich eaget en hurd wurket. No kin Sjutsje al har enerzjy stekke yn de konfrontaasje. Har Fryske aksje is lykwols in solo-aksje. Hja kalket op winkelruten, hja bringt sportwedstriden yn disoarder, hja falt amtners lestich. Alles komt yn in fersnelling. En as hja Henk op it terras betsjinje moat en dy yn goedens wol en syn ûntskuldigingen oanbiede sil, seit Sjutsje: ‘It spyt mij... ik ferstean jo net’ (s. 99).
Dan wurdt it te grou. Miedema wikselet halje-trawalje it fertelperspektyf. De tredde persoan wurdt earste. ‘Ik ha fakânsje nommen om de akelige frou dy't Sjutsje hyt yn betwang te krijen’ (s. 100). Is Sjutsje in optinksel fan de geast fan de ik-ferteller? Is har hiele ferhaal in fiksje? Fansels binne alle ferhalen optinksels, mar dy hawwe meastentiids al de yllúzje fan reälisme yn har. Wat men lêst, makket men mei. Dy yllúzje trochbrekt Miedema hjir neffens my.
Part III set út ein mei in algeduerigen wikseljen fan it fertelperspektyf. Ik ha my eefkes ôffrege wa't klear tinke moat, de skriuwer of de lêzer. Ik hâld it mar op de lêste. Dan is it Sjutsje en ik, dan Sjutsje en Richt, dan Richt en ik ensfh.
Richt stelt út om wer op fakansje nei de bergen ta te gean. ‘Dan kinne wy ek wer wat tichter bijinoar komme’ (s. 109).
Sjutsje - de namme suggerearret ûnnoazelens - is it ekstreme, it gefoelsmjittige faaks, Richt - de namme suggerearret evenredigens - it ferstannige, it reedlike yn de ik-ferteller. Dy beide eleminten skowe yninoar. De ikferteller bliuwt oer. Hja liket de eintsjes wer byinoar te hawwen. Dochs hat hja net it lêste wurd. Sjutsje lústeret har yn om de poat stiif te hâlden as it om Fryskpraten giet. De ikfertelle beslút it ferhaal mei: ‘Hoe't je it ek oanpakke, it bliuwt in ivich gesoademiter’ (s. 115). Oars sein: it makket neat út oft men jins rjocht om Frysk te praten op de Sjutsjewize helje wol of op de Richt-wize, altiten sil men jin strie yn 'e wei lizze.
Ik wol it noch eefkes hawwe oer it brûken fan bylden. Frijwat útsliten fyn ik de pademetafoar. Troch it hiele boek hinne wurdt kuiere. Dat kuierjen kin men sjen as in gean