Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 303] [p. 303] Harmen Wind Foar de klasse I Noch hâldt se yn in lichem ta, as foel op uterlik eat te ferheljen. Dat trêdet foar de rigen op en del, meneuvelt mei dy fretterige hannen, se set har skrep yn dûbeld fel. De skamte hat tekoart dien oan har boarsten, it hurdzjen biet har sin en wille dea. De hearrigen litte har minlik rinne, sy repetearje har fergean, der sit in pylk yn eltse pinne. [pagina 304] [p. 304] Foar de klasse II De jierren hingje oan har hûd, ferspijing smart har eangjen ticht. Djip yn har skroeit de dream fan skuld: in famke, strikken yn de frissels, in byld, flecht kobben op 'e jiskebult. Se hâldt har leksum fêst om lyts te krijen. In bekstik op 'e tekst, se wurdt yn oarder wei. Wat ea by har ûntjouwing hearde, fiert no as koar har jongste dei. Vorige Volgende