Trotwaer. Jaargang 22
(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 297]
| |
[pagina 298]
| |
IIik wol dy deagewoan werom
dyn stim dy't wolterêsten seit
sa foar de nacht
dyn rook dy't as bewiis fan dyn bestean
noch eefkes
om my hinne hingjen bliuwt
| |
IIIas ik dy rop
lis dan dyn wang
ien kear noch
tsjin myn hûd
en sis: genôch
no hat it wol genôch west
tusken ús
| |
[pagina 299]
| |
leechit is hjir stil
ik moat de lûden sels betinke:
de roffel fan har fuotten op de trep
har stim dy't foar har útdraaft
en boppe is
foardat har wurden komme
of nee
de rêst:
it spatten fan it wetter
dat oer de râne slacht
as se te boartsjen sit yn it bad
dat it in boat wie
dy't fierste fier de see opdreau
it is sa stil
yn dizze hege keamer
dêr't alles fan har sprekt
as ik it finster iepen set
en yn har útsjoch stoarje
leit dêr it eilân yn de see
hoe lang is it al lyn
dat se dêr oanspield is
|
|