Ferskillen binne der ek. Allerearst yn de opbou: yn De terechtstelling krije wy earst it ûndersyk, en dêrnei, yn diel II, it ferslach fan it barren sels, dêr't de haadpersoan al fan it begjin ôf oan fan op 'e hichte wie. Yn De terechtstelling is de haadpersoan fierder op in hiel oare wize belutsen by it barren dêr't it om giet. Yn De fearren fan de wikel komt de haadpersoan stadichoan ta de oertsjûging dat har - yntusken ferstoarne - man de oerfal op Froukje mei útfierd hat, en dat hja dus ‘twaentritich jier libbe hat neist ien dy't moardner wie’ (s. 30).
Sa komme wy by de fraach nei it motyf, dat hyltyd wer in rol spilet. Wêrom waard Froukje oerfallen, wêrom hat de man fan de ik-figuer dêr oan meidien (as er dat dien hat) en wêrom wol de ik-figuer dat sa graach útfine?
De ik-figuer komt geandewei ta hiel wat hypotezen: har man, de skutter fan destiids, is mei har troud om't er Froukje net krije koe. Ut wraak, en net om't se foar de Dútsers wurke, hat er op Froukje sketten. Seksuele frustraasjes ynstee fan fersetsheldendom, dus. Op de fraach wêrom't de ik-figuer der - tsjin 't sin fan it slachtoffer yn - no sa hyt op is de ‘wierheid’ boppe wetter te krijen, wurde ús troch de skriuwer in hiel skala fan antwurden oanbean. Dat har houlik net op wiere leafde boud wie, is wol dúdlik; hja seit sels ek dat er net ‘de man fan har dreamen’ wie (s. 26). Efkes letter (s. 30) seit hja: ‘Ik kin de gedachte net ferneare dat ik twaentritich jier libbe ha neist ien dy't in moardner wie, dy't... in skriklik geheim foar my ferburgen hâlde en yn syn grêf meinommen hat. ...’. En noch wer efkes fierder: ‘Soms tink ik: dat er it dien hat, is dêr oan ta... Mar it alderslimste is dat er my net yn betrouwen nommen en by myn syn gewisse net ûntlêstige hat’ (s. 34).
De motiven fan de ik-figuer binne gauris de egoïstyske kant it neist en tagelyk dogge se wat ûnnoazel oan: dat jo salang neist in moardner libbe ha en nea wat fernommen hawwe!
Al lêzende wei oertsjûgen de motiven fan de ik-figuer om efter de wierheid te kommen my hyltyd minder en it effekt dêrfan wie dat it my eins ek neat skille koe oft hja dy wierheid fine soe of net. Oer dy wierheid binne wy as lêzers oan 'e ein fan it boek ek neat mear gewaar wurden as dat wat wy oan it begjin al wisten, al docht de skriuwer syn plicht en gnist er de oerfal op mei gâns details, sadat dat barren foar ús hyltyd mear ynfolling krijt. Mar ik hie fanwegen de frjemde motivearring fan it sykjen nei de wierheid oer de oerfal myn belangstelling foar de oplossing fan it geheim al ferlern. Foar my is dit boek dan ek mear in boek oer de problemen fan de ik-figuer as oer in barren yn de oarloch wurden.