Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 292] [p. 292] Wilco Berga In stêd De lette nacht noch yn 'e strjitten, lydsum noch en wurch oan dizze kant de grêft, lykas de man, en oan de oare kant ferliedlik, as de faam dy't by de etalaazjes del komt, oer de brêge op har glêzen hakken. Sil ik as in klyster folgje, sil ik fluitsje nei har rêch? Of sil ik skite op it skouder fan de man dy't it ferlern hat fan de stêd? De hoed fan wiete kranten, op 'e wangen dript fertriet. Op har gesicht it iere ljocht dat fan 'e boeken dript, de huning fan 'e Prinsetún dy't op har paad leit, om 'e lippen fan 'e man it lêste bier dêr't noch de nacht yn glânzget. [pagina 293] [p. 293] En de Nijstêd yn dit ljocht noch jong, lykas de man en syn freondinne, froulju dy't in bern ha fan de stêd, in bern dat gysten oer de brêge springt, bretaalwei yn it wetter pisset. Alle doarren iepen foar de abbekaten, foar de siktaressen en de ûnderwizers. Alle winkels waachwiid iepen foar ferkeapsters op har glêzen skuon, de fammen mei in jurk fol skoalbern, dy't hjir oer de Brol regeare, lykas roeken oer it stoart. Sa'n bern is no ris abbekaat en dan wer ûnderwizer en is drok oerdeis. Guon ite broadsjes yn it middeisskoft of kuierje wat by de boek lâns, dêr't de sûphals ûnder sliept. [pagina 294] [p. 294] De jûntiid op 'e Kelders, fleurich by de etalaazjes del op glêzen skuon, it skatterjende lûd fan jonge fammen. Sjogge se de man net lizzen, hoe't it wetter stilstiet yn 'e grêft, it ljocht dat stoarn is? Sil ik fluitsje, sil ik as in klyster wachtsje oant de moarntiid? Alle doarren stean' wiid iepen, alle doarren fan kafees, de oaren bliuwe sletten foar de iere nacht. De dei oernachtet yn 'e etalaazjes, oant in man hjir del komt, wurch en mei de krant' fan hjoed as hoed. Ik kin him net mear fine tusken alle oaren, raar oan dizze kant de greft moat noch de nacht begjinne. Vorige Volgende