Antine Zijlstra
Tekeningen en skilderijen
Antine Zijlstra (Jirnsum 1965) sil fan 't jier eineksamen dwaan oan 'e Akademy foar byldzjende keunsten ‘Minerva’ yn Grins. Sy makket foaral oaljeferve-skilderijen, tekeningen en grafyk. Yn har wurk giet sy út fan de stúdzje fan benammen it manlike neaken. Se besiket dêr in útstrieling yn stal te jaan, dy't net te finen is yn gongbere frouljus- en homo-erotyk. Zijlstra har wurk is dus foar alles in persoanlike fizy op erotyk. De eroatyske útstrieling komt yn it wurk ta utering yn it boartsjen mei it clair-obscur, it ferskil yn ljocht en donker. Dêrtroch komt op guon lichemsdielen en -foarmen mear as minder klam te lizzen. Dramatyk en sfear komme sa sintraal te stean, folle mear as it yndividuele fan it model.
De titels ferwize dêrom net nei de ôfbylde persoan, mar nei de sfear dêr't de keunstner him yn delset hat.
I |
Foarjiersljocht 1 |
|
kontee op Japansk papier 50 × 78 sm |
|
II |
Foarjiersljocht 2 |
|
kontee op griis papier 47 × 68 sm |
|
III |
Foarjiersljocht 4 |
|
oaljeferve op doek 80 × 90 sm |
|
IV |
Foarjiersljocht 3 |
|
oaljeferve op papier 100 × 70 sm |