Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 286] [p. 286] J.Q. Smink Byt der ris yn Wat winste mei bitterens en wat jout It my asty ferhingest oan 'e losse fiters Fan dyn skuon, ûnder de poets, bakke En boppe in noegjend nêst fan hout Dat kreaket as we frijden, ús lea liters Fan ús swit, yn 'e oalje, plakke Skom fan 'e seeën, fûgels fan goud Tún mei wylde bêden, blommen en giters Slangen en apels, in einlings hapke, pakke Wat winste mei giftigens en wat jout It my ast my twingst fan byt der ris Yn, slikje oan myn fel, rûkend en smakke As ik dy oer dyn hier streake As ik dy aaide dan biste neaken Vorige Volgende