As der al in frou is, is dat in frou, lykas yn ‘De rozen’ (s. 19): ‘Maar een man die zingen wilde, moest er sterven, en wijzelf - een dwaas met zijn geliefde - moesten afscheid nemen.’ en ‘... In de vroegte geen / Publiek een dwaas die samen met een / Vrouw de eenzaamheid van binnentuinen opzocht.’ En yn it gedicht dêr't alle trije wurden fan 'e titel foarkomme, ‘De wylch’ (s. 51): ‘De beam dy't drôvich by / It wetter stiet, as in man / Allinnich. Yn 'e feart de / Grutte eagen fan in frou.’ In beam is de personifikaasje fan in frou dy't - dat stiet fierderop yn it gedicht - kliene skonken, swart hier fol mei diamanten hat. De lêste strofen geane sa:
De reager stjert, de einen
De man stjert mei de beam
De frou is flugger as de dea
De wylch is earder as de dei
Werom by it wetter. Earder as
De diamanten yn 'e feart werom.
Dus de reager, de fisk en de man stjerre of kinne stjerre wylst de frou se oerlibbet. Dit krijt in ekstra swier gewicht omdat de earsten de titel fan 'e bondel foarmje en de frou as yndividu hast noait neamd wurdt. Dy ûntkenning wurket yn omkearde rjochting: Giet it yn 'e hiele bondel om in frou? Of de frou?
Utslútsel jouwe faaks de gedichten dêr't it al om ien frou giet: Yn ‘Bin ik in stien’ (s. 43) stiet hast ûnopfallend yn 'e tredde strofe: ‘En jout myn hert as in orkest of / Manljuskoar soms lûd, de frou dy't my / Doe fuortsmiet heart it net, se fielt / It triljen dochs wol dúdlik yn it hert.’ Yn it lêste fers fan de bondel is der ek sprake fan in frou dy't der net mear is: ‘De simmer en de winter’. Yn 'e earste strofe wurdt de ôfrûne simmer betocht troch in lyrysk ‘ik’ dy't praat tsjin in ‘do’. De strofe einiget mei: ‘Yn 'e jûn wiest Leda en te dronken.’ Yn 'e Grykske mytology die Zeus him as in swan foar, doe't er Leda ferliede. (Se krige de twaling Kastor en Pollux). Kastor hâlde fan hynderriden en wie yn tsjinstelling ta Pollux stjerlik. Hjir leit faaks in link mei de hynders, dy't sa faak yn Berga's gedichten foarkomme.
As de frou Leda wie, wie de ‘ik’ in swan, dy't har ferliede woe, mar wat heechstwierskynlik net trochgie, want se wie te dronken. Hoe swier dit leed is foar de ‘ik’ wurdt net oanjûn en ik doar it net oan om mei al de swannen út 'e gouaches ‘De zwanen stijgen op en vallen’ en de oare fersen it al krekt oan te jaan. Mar as in frou Leda hjit en der yn 'e folgjende rigel swannen stjerre: ‘Dizze winter frearen nachts de swannen