Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 278] [p. 278] Wilco Berga It iis (om 'e doorren hinne) In man dy't de nacht ynienen glânzgjen Sjocht yn 't iis, út syn hûs wei, Dêr't er it waarm hat. It is bepaald gjin Reden om te kleien. Goed, de rein dy't Him mear as ien kear tsjin 'e grûn slein Hie: hy skodde it wetter fan him ôf, Hy waard wer droech. Mar dêrnei de dea fan In eachopslach en fan de stim fan immen. Sa'n hûs hâldt de waarmens wol binnen, it Is earder bûtendoar dêr't de pine sichtber Wurdt yn kristallen en dêr't syn wurden Befrieze as nimmen dy heart. Ut syn hûs Wei sjocht in man hoe't de nacht even Glânzget yn it iis om 'e doarren hinne. [pagina 279] [p. 279] As immen dy't wurch is As immen dy't wurch is fan De doar út te gean, fan te Sizzen dat it sa goed is om út Te gean. De froulju dy't mei Waarme hanne sa goed binne; Dat ferdútse mei har lippen, Har neilen yn inselde kleur, Har hert dat bûnzet om soks Te sizzen, alles wolle se dwaan Foar de jonge. Mar dy kjeld, Syn eigen wurden, wylst er it Waarm hawwe woe, en dêr hiene se Ek wat foar. As immen dy't wurch Is, sa is er de doar út gien. [pagina 280] [p. 280] Yn 'e strjitten By jûntiid sjochst se yn 'e strjitten, As hûnen dy't net mear witte wêr't Se har bonke begroeven ha en har no gek Sykje. It liket wol of misse se immen. Net skeard stean' se ynienen tsjinoer dy, Mar se hawwe it nearne oer. As immen ús dêr nei freget, witte we Wier wol wêrom't we hjir omspane, Dy skaden en iksels: we sykje elkoar op Om deselde reden as hûnen dat dogge En wat by elkoar lâns fleane, en It liket as hawwe wy it nearne oer. Yn dy strjitten is der altyd wol ien Dy't even mei dy oprint en Dy'st neat mear hoechst te ferdútsen. Vorige Volgende