Dochs is it Jellema in hiel ein hinne slagge om der aardige Ingelske ferzys fan te meitsjen. In skoander ekwivalintbyld fynt men bygelyks yn de fjirde rigel fan syn ferzy fan Douwe Kiestra syn ‘Tonger bewaait’ (s. 86-87). Dêr makket Jellema fan ‘De sinne moalket as in gleone skym’, ‘The sun runs its red like a glowing silhouette.’ Oare aardich slagge oersettings dy't neamd wurde moatte, binne syn ferzys fan nûmer 5 fan ‘Earst en Lêst’ fan Theun de Vries (s. 102-103); ‘Simmermoarnsankje’ fan Waling Dykstra (s. 42-43); ‘Do naamste myn romer’ fan Piter Jelles (s. 46-47); ‘Corvus cornix’ fan Rintsje Sybesma (s. 70-71) en de twa fan Steven de Jong: ‘Tryste nocturne’ (s. 146-147) en ‘Preludium’ (s. 148-149).
Guon fan syn ferzys binne wol aardich om te lêzen oant men it Fryske orizjineel dêrnjonken hâldt, dêr't faak hiel wat oars en faak hiel wat moaiers yn stiet. Yn syn oersetting fan ‘Eksperiminten’ fan Sjoerd Spanninga (s. 100-101) lêst men bygelyks: ‘And so he sent to poets the fantasies / That steal along under the wordless space’. Wol poëtysk sein, mar gjin slagge ekwivalint foar de prachtige rigels fan it orizjineel: ‘En [God] joech de dichters doe har fantasijen, / Lykas de stilte swalket yn it swijen’. By oare gedichten komme de swierrichheden ynherint oan twaddehânsk oersetten hiel dúdlik nei foaren. Yn syn oars al in bytsje stive ferzy fan ‘Ode’ fan R.R. van der Leest (s. 144-145) bygelyks hat hy ‘Someday they'll seize me’ foar ‘iens pakke se my’. Yn in oare kontekst soe dat wol goed kinne. Om't it hjir lykwols om in fytser yn it ferkear giet, is it ienfâldichwei ferkeard; yn it hjoeddeisk Amerikaansk moat dat ommers wêze: ‘Someday they'll get me’.
Yn ‘Scene’, de oersetting fan A.M. Wybenga syn ‘Tafriel’ (s. 66-67) docht ek bliken hoe't syn ôfhinklikens fan de ‘merely literal’ oersetting him yn 'e wei stie. Foar it orizjineel:
In toskje krekt sa geef as kryt
Dat yn in lokjende apel byt,
En dat gjin klokhús hindert,
Dat om gjin skilen maalt noch mealt;
jout Jellema:
A small tooth, sound as chalk,
that bites into a tempting apple
oblivious to the core and seeds
and does not notice grinding the peels.
Kryt is in tige gaadlike fergeliking foar tosken as men útdrukke wol hoe wyt oft se binne, sa't Wybenga docht. Wat de sûnens