Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 273] [p. 273] Dalstar Troch 't waar foar Sjouke Soe de sinne manlik wêze Op in eilân wêr't de froulju gûle? Wy kinne net ferjitte wat We ferjitten binne Mei te meitsjen te ferjitten Krekt wat wy bedoele Leit dat oan minuten fierder Yn 'e tiid? Oan dy heksameter fan Dat lytse fanke Dat ús mantsje wiisde Wêr't it allegearre Hinne giet? 't Is wier Jo moatte it meimakke hawwe Troch it eigen lûd fan Stien, skjirre & papier [pagina 274] [p. 274] Al wat fleane kin Wurdt ommers nei de wrâld Ta lutsen Deldrukt troch de rein Troch de wyn besprutsen Yn in brief Set hja útein Lit de minsken witte Wêr't alles mei begjint Dizze kwestjes hingje yn twa wurden Gear: flyer print! Vorige Volgende