Dat wie it begjin. Under iten gie ik fierder. Wy krigen it hiele rychje wer. De gemeenterie, de tsjerkerie, de stikken yn 'e krante, yn it tsjerkebledsje. Dat in dûmny yn sokke saken in foarbyld stelle moat. De snein as rêstdei. Ik woe gjin belies jaan. Ik wie it net mei ús heit iens, mar dat wie neat nijs. Der wie wat oars dat my dreau.
Hans bemuoide him der net mei, myn suster frjemd genôch ek net. Ik woe sa graach, ik fielde dat it tige wichtich wie. Hans en ik soenen dan noch in skoftsje tegearre wêze. Dat wie it, mar sa koe ik it fansels net sizze. Wie dat no sa slim, jûn gienen se ommers al wer fuort.
It waard neat. Jeltsje sei dat se dy middeis eins nei myn oare broer soenen. Wêrom hie se dat net earder sein? Ik fielde dat ik in kleur krige, allegear seagen se my oan. Se sille wol tocht ha, wat is der mei him. Oars wie ik sa igaal.
Ik holp ús mem mei it ôfwaskjen. Sy sei net folle en dat fûn ik net slim. Ik fielde my machteleas, ik woe wol wat stikken smite. Mar ik pakte myn fyts en ried it hiem ôf. (De striid oer twa kear op snein nei tsjerke hienen se al in jier of twa lyn ferlern.)
Bûten it doarp, sa yn 'e fjilden kaam ik gjin minske tsjin. Fûgels seach ik: ljippen, ljurken, skriezen, bûnte liuwen, reagers, eksters, roeken. Net dat ik der goed om tocht. Stikken greiden wienen al meand, oaren noch net en dy twa kleuren grien neist elkoar wie in moai gesicht. Hjir mocht ik graach bylâns fytse en meastentiids waard ik der rêstich fan. Hjoed net. Ik fielde my frjemd - net mear lilk, mar krekt as doogde it net, soe it blau út de loft gean.
Us Sytse sylde faak op snein kaam my yn 't sin. Wêrom hie ik dêr net earder oan tocht! Hans hie him ek wol wat mear oppenearje kinnen. Dat foel my wol wat fan him ôf, mar ja, Jeltsje hie der by west.
By in hikke sette ik myn fyts del. Yn 'e berm, achter wat boskjes koe men noflik lizze. Ik hearde in trekker en noch fierder lette in klok. Ik hie Een ander land meinommen, mar ek dat foldie my net mear. Eric, dy't werom wie yn New York, trof in frou (dy't troud wie) en hy fergeat Yves, sa like it wol.
Dat wie fansels sa net en de frou gie ek wol wer nei har man en bern, mar ik fûn it mar raar. De eardere kearen hie ik der net sa'n lêst fan hân, mar no fûn ik dat it ferhaal bedoarn wie.
Doe't ik werom fytste wie ik dochs wer moedich. Wy koenen noch wol gesellich wat yn 'e tún sitte en, tocht ik, Hans soe fansels wolris wer mei Jeltsje op besite komme. En oars koe ik by har op besite gean, dat hie se faak genôch sein.
Der wie net ien thús. Us heit en mem wienen fansels te kuierjen. Rinnendeweis waar-