Trotwaer. Jaargang 22
(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 256]
| |
Jant van der Weg-Laverman
| |
[pagina 257]
| |
Hjoeddedei wurdt algemien keazen foar in yndieling dy't yn 'e fierte noch wol wat oan dy âlde trijedieling tinke lit en komme de wolbekende termen: proaza, poëzy en toaniel nei foaren. Fan dy trije haadsjenres, sa't se meastentiids neamd wurde, is, as wy sjogge nei Fryske jongereinliteratuer, fral it proaza fan belang. Dat proaza is it bêst fertsjintwurdige en dêrom hâlde wy ús dêr yn dit artikel fierder mei dwaande. Want fansels is mei sa'n yndieling yn trijen de gaos mar in lyts bytsje minder wurden. Wy moatte sjen hoe't wy wat mear oarder yn it gehiel krije kinne om der sa better fet op te krijen. Hoe dogge wy dat? Kinst fansels begjinne mei koarte en wat langere ferhalen fan inoar te skieden. Mar mei sa'n yndieling sjitst yn wêzen net folle op. Der binne by de bulte koarte ferhalen en langere, lykas romans, dat de bult leit der noch like rommelich hinne en fet krije wy der noch altiten net op. Wy sille op in oare, wat mear effisjinte wize oarderje moatte. Twa oare ynfalshoeken, dy fan de doelgroep en dy fan de ynhâld, lykje mear op te smiten en dêrom wolle wy dy yn it neifolgjende wat better besjen. Fansels binne der wol mear mooglikheden, mar foar ús doel, tapassing op jongereinboeken, binne dy twa en dan fral de twadde, it meast gaadlik. Wol komt dêrnei noch koart in tredde ynfalshoeke oan 'e oarder. Dêrby draait it om de ferhâlding tusken de realiteit sa't dy yn it ferhaal beskreaun wurdt en de werklikheid om ús hinne. Dy ferhâlding rint troch de oare yndielings hinne; dochs neam ik dy hjir apart, om't wy yn literatuer foar jonge lêzers gauris ferhalen tsjinkomme, dêr't dat elemint in grutte rol yn spilet. | |
DoelgroepIn earste ynfalshoeke soe dus wêze kinne de fraach: foar wa skriuwt in auteur, wat is syn doelgroep? Fansels hawwe wy mei de term jongereinliteratuer dat útgongspunt al brûkt. Ommers, sokke literatuer is bedoeld foar jongerein, foar jonge minsken fan sa'n jier as tolve ôf. Oare sjenres as famkesboeken en jongesboeken soest dêr ek by rekkenje kinne. Tsjintwurdich lykwols binne der wat beswieren om soksoarte yndielings te meitsjen. Ommers, wêrom soene famkesboeken allinne mar troch famkes lêzen wurde meie en wêr is it goed foar om foar famkes en jonges ferskillende soarten boeken te skriuwen? Se hawwe mei deselde soarte problemen te krijen en as jonges al oare belangstelling en problemen hawwe as famkes, dan is it krekt goed om te witten wat oare minsken dwaande hâldt. | |
YnhâldIn better útgongspunt liket de ynhâld te wêzen. Dy kin ús mear nuânses opleverje en | |
[pagina 258]
| |
kin rjochting jaan oan ús sykjen nei oarder. No is ynhâld as sadanich likegoed noch wer in wiid begryp, dus wy sille in finere struktuer oanbringe moatte. Dat dogge wy troch te sjen nei de haadpersoan fan it ferhaal en nei de tematyk dy't oan 'e oarder komt. | |
HaadpersoanWy begjinne mei in wichtich punt en wol de fraach nei de haadpersoan. Wa is de haadpersoan fan it ferhaal en watfoar ynfloed hat dy op de ynhâld? Fansels kin dat yn in jongereinboek likegoed in âlder as in jong minske wêze. Dochs komt men in âldere haadpersoan yn jongereinliteratuer mar heechstselden tsjin. Wol de jongerein sels. De haadpersoan is in jonge of in famke en it ferhaal soe sadwaande in jonges- of in famkesboek neamd wurde kinne. Ek in hiele húshâlding kin haadpersoan wêze, mar dat soarte boeken komme wy mear tsjin by boeken foar jongere bern, dus dat sjenre litte wy hjir fierder gewurde. Hjoeddedei, seagen wy al, prate wy leaver fan jongereinboek as fan jonges- of famkesboek, dus wy moatte ek witte, wat mei dy term bedoeld wurdt. As lêste mooglikheid hawwe wy dan noch de ferhalen, dêr't in bist haadpersoan yn is. Dy fjouwer soarten ferhalen, dy sjenres, sille wy no earst neier besjen. | |
JongesboekenIn jonge as haadpersoan en dan fral ien fan krekt boppe de tolve hat al hiel wat skriuwers ynspirearre ta it skriuwen fan allerhanne aventoeren dy't sa'n jonge belibbet. Faak giet it dêrby om oantinkens út har eigen jonge jierren en nimme se dêrby net ien jonge, mar twa of mear freonen as haadpersoan. Aventoeren belibbest net allinne, mar krekt troch mei maten op stap te gean. Dochs binne der ek wol foarbylden fan jonges dy't bêst by steat binne allinne fan alles út te heljen. De Dokkumer Siderius de Granaat fan Abe Brouwer (1942, AFUK, 1985) is in foarbyld fan sa'n solist. Meastentiids lykwols giet it om twa of mear, lykas yn Inne de Jong syn Jonges fan Gaasterlân (1941) en Sipke en ik fan Elgersma (1922, AFUK, 1985). Beide boeken binne al wat âlder, mar noch bêst te lêzen, krekt lykas De jonge priiskeatser fan Nynke fan Hichtum (1939, KU, 1985), dat in foarbyld fan in knap jongesboek neamd wurde kin. It graaft wat djipper as it trochsneed jongesboek en de lêzer sjocht, hoe't haadpersoan Jelle yn de rin fan it ferhaal feroaret, in proses, dat wy yn de measte oare jongesboeken net sa faak tsjinkomme. By it hearren fan de beneaming ‘jongesboeken’ soest ek tinke kinne, dat it boek bedoeld is foar jonges. Dan soe it dus by de | |
[pagina 259]
| |
doelgroephoeke hearre, dêr't wy it al oer hân hawwe. Dochs giet dat net op, want der binne fansels genôch famkes, dy't likegoed graach jongesboeken lêze. Omgekeard komt, sa't it liket, sa faak net foar. Hoewol, miskien wolle jonges it net wêze en lêze se stikum dochs famkesboeken! | |
FamkesboekenIs it sjenre fan it famkesboek ôfdien mei it sizzen, dat de haadpersoan in famke is of komme der ek noch oare, spesifike saken by te pas? It tradisjonele type famkesboek lit tige ‘âlderwetske’, rolbefestigjende saken sjen en sinniget dêrom feministysk ynstelde famkes en froulju fan hjoeddedei net sa botte. In goed famke, sa kinst tusken de rigels fan sa'n boek, en soms ek hiel dúdlik útsprutsen, lêze, is in famke dat har hâldt oan de rol dêr't sy neffens tradysje yn set wurdt. Se is dimmen, beskieden, docht graach húshâldlik wurk en har happy end belibbet se mei de kreaze prins fan har dreamen mei wa't se wol trouwe sil. De dreamprins mist yn de famkesboeken foar wat jongere lêzers, mar de oare eleminten en in goede ôfrin binne yn dy famkesboeken ek te finen. Yn de haadpersoanen fan de tradisjonele famkesboeken is krekt as by de measte jongesboeken yn 'e rin fan it ferhaal net folle feroaring te ûntdekken. It bliuwt allegear frij flak en oan de oerflakte sitten. Faak kinst oan de titel al hearre, dat it om in famkesboek giet en by it útjaan yn searje, sa't dat gauris bart, hawwe dy titels alles mei elkoar te krijen. In goed foarbyld dêrfan binne de Fryske ‘Martsje’-boeken fan Heeringa-Seepma. De trije dielen folgje elkoar op mei as titels Martsje lit it net sitte (1965, A.J. Osinga, 1990), Martsje koe it net witte en Martsje it libben yn 'e mjitte. It earste diel is koarby op 'e nij ferskynd. Sokke karakteristike titels binne ek by de Hollânske famkesboeken te finen. Tink mar oan de bekende ‘Joop Terheul’-boeken van Cissy van Marxveldt. Yn nijere boeken wurdt besocht it wenstige patroan wat te trochbrekken en krijt de lêzer wat in oar byld, lykas yn it (yn it Frysk oersette) ferhaal In famke wenne in jier lang op Nes (1962) fan A.M. Falk. De haadpersoan út dat ferhaal is op syk nei har eigen identiteit, har eigen ik; dêr is dus dúdlik in ûntjouwing te sjen. It boek foarmet dêrmei in oergong nei it folgjende sjenre. | |
JongereinboekenDe beide boeken Cap Súd fan R.R. van der Leest (KU, 1980) en Swart op wyt fan Akky van der Veer (Friese Pers, 1980) litte sjen, dat de yndieling famkes- en jongesboeken | |
[pagina 260]
| |
hjoeddedei net mear nedich is. Tafallich is yn it boek fan Van der Leest in jonge de haadpersoan en like tafallich is dat yn it twadde boek in famke. Mar de dingen dêr't se mei sitte, binne net spesifyk foar jonges of typysk foar famkes. It binne algemien-minsklike problemen dêr't jonge minsken mei sitte kinne. Datselde kin sein wurde fan It fjoer fan de ûnmacht (KU, 1987); de skriuwer Willem Tjerkstra lit dêryn sjen, hoe't minsken elkoar manipulearje kinne en sa de frijheid fan in oar yndamje. Yn Mindert Wynstra syn Nul-nul (KU, 1988) binne dy mear algemiene tema's lyksa te finen; hjir binne de haadpersoanen in jonge èn in famke! Dat soest ek sizze kinne fan Astrid Lindgren har oersette Ronja de rôversdochter (AFUK, 1987), al is de rol fan it famke Ronja noch krekt even wichtiger as dy fan har freon Birk. Net altyd jouwe de jongereinferhalen in oplossing foar alle problemen, lykas dat by de tradisjonele jonges- en famkesboeken eins altyd wol it gefal is. Faak hawwe se in iepen ein lykas yn Cap Súd en yn it oersette boek fan Klaus Kordon, De man en de jonge (AFUK), 1985). Mei sa'n ein wol it ferhaal de lêzer oan it tinken sette. | |
BisteboekenIn soad boeken mei in bist as haadpersoan binne bedoeld foar jongere bern. Mar ek âldere lêzers kinne mei dat sjenre oan har trekken komme. De fabels, de âldste ferhalen fan dat soart, wiene net yn it foarste plak bedoeld foar jonge lêzers; de fergeliking mei de minskemaatskippij koene èn kinne âldere lêzers better út de ferhalen helje. Soksoarte ferhalen binne te finen yn de bondels mei folksferhalen fan Ype Poortinga, lykas De ring fan it ljocht (FA, 1976) en de oaren út dy rige. Dêrneist komt inkeld wolris in bisteferhaal foar âlderen út. In moai foarbyld dêrfan is de novelle De sniegoes fan de Ingelske skriuwer Paul Gallico (AFUK, 1984). De relaasje tusken minske en goes is hjir sa wichtich, dat men de goes de haadpersoan fan it ferhaal neame kin. In oar knap boek foar âldere lêzers mei in djipperlizzende gedachte is it printeboek De bear dy't bear bliuwe woe (AFUK, 1981). Printeboek, sille jonge minsken tinke, dat is wat foar lytse bern, beukers en sa! Dat is net alhiel wier; guon printeboeken hawwe yllustraasjes èn tekst, dy't gewoan te dreech foar lytse bern binne. Dit boek fan it duo Müller en Steiner is dêr ien fan. It lit sjen, hoe't de natuer fuortkrongen wurdt troch de technyk dy't har aksjeradius hieltyd fierder útwreidet. De bisteferhalen kinne noch wer fierder yndield wurde en wol yn trije skiften. Der binne | |
[pagina 261]
| |
ferhalen oer bisten dy't alhiel yn har wearde litten wurde. De skriuwer beskriuwt hoe't hy of sy it bist waarnimt en der tsjinoan sjocht. It hjirboppeneamde boek oer de bear soe dêrby rekkene wurde kinne. In oar skift giet oer pratende bisten dy't herders ek harsels bliuwe mei it bekende Moarke (1945, AFUK, 1984), in al wat âlder boek fan A. Meester-de Vries as foarbyld. Ek de bistefabels hearre dêrby. It lêste skift ferhalen binne dy oer bisten dy't har as minsken gedrage en ek sa prate en tinke. Faak hawwe se yn dat lêste gefal sels klean oan lykas minsken. Dit soarte ferhalen liket yn har te hawwen dat it maklik ta kitsjerige lektuer wurdt, om't it hiel faak stereotypen út it minskelibben oerpleatst nei it libben fan bisten. Der binne lykwols ek tige knappe foarbylden fan te neamen, lykas it klassike Ingelske boek The Wind in the willows (De wyn yn de wylgen), 1908. In soad fan dit soarte boeken is foar wat jongere bern; de goedkeape printeboeken dy't yn supermerken wol te finen binne, litte sjen, hoe maklik in skriuwer/yllustrator hjirby ûntspoare kin. By alle trije bisteferhalen, mar benammen by de lêste beide skiften, wol de auteur de lêzers in spegel foarhâlde. Dy kinne har spegelje oan it gedrach en it tinken en praten fan de bisten. Eins wol de auteur dêrmei sizze: Sjoch, sa binne wy minsken no. | |
TematykOant no ta ha wy it hân oer de haadpersoan en dêrmei in yndieling makke. Lykwols bliuwe der noch hiel wat ferhalen lizzen, dy't mei dy yndieling har plak net fine kinne. Dêrom is de folgjende stap om ris te sjen, wêr't ferhalen oer geane, watfoar tema's behannele wurde. By de jongesboeken hiene wy it al oer it belibjen fan aventoeren. Dêrom wurde yn oare yndielings in soad ferhalen gearbrocht ûnder de paraplu fan aventoereferhalen. Wy brûke dy paraplu hjir no fierder net, om't guon skiften dêr foar in part al, foar in part net ûnder passe. Sa soest guon histoaryske ferhalen der al by rekkenje kinne; tink mar oan de ferhalen oer de Frânske musketiers, dy't fan aventoeren oan elkoar hingje. Der binne lykwols hiel wat histoaryske ferhalen, dêr't dat etiket no krekt net op plakt wurde kin. Dêrom hâlde wy hjir leaver de tematyk as ynfalshoeke foar yndieling oan. By de ferdieling dêrneffens krije wy, as wy sjogge nei de Fryske jongereinliteratuer, detektives of speurdersferhalen, sa't se ek wol neamd wurde, histoaryske ferhalen en reisferhalen. Wy sille se efter elkoar noch wat neier besjen. | |
Detektives of speurdersferhalenYn speurdersferhalen giet it om in misdie | |
[pagina 262]
| |
dy't krekt foar't it ferhaal begjint, of yn it ferhaal sels begien wurdt; it is de bedoeling om dy misdie yn de rin fan it ferhaal op te lossen. By ditsoarte ferhalen foar jonge lêzers is de speurder meastentiids ek jong. Hy of sy of in ploechje jongerein siket de saak út; oan 'e ein krijt de jonge speurder yn' e measte gefallen help fan folwoeksenen om ta in útdragen saak te kommen. Dy folwoeksenen binne hast altyd beropsspeurders, lykas detektives, of minsken fan de plysje. De misdie dêr't it om draait, kin fan frij beheinde omfang wêze, lykas it stellen fan guon dingen. Yn oare gefallen giet it om mear yngripende saken as moard. Dat is it gefal yn it út it Sweedsk oersette Jiskepûster en de dea (1964) fan A.M. Falk. Mear in plysjeferhaal is it út it Hollânsk oersette ferhaal fan G.J. Soldaat, Ynspekteur Terpstra (1952, AFUK, 1985), dêr't in plysjeman en alles wat hy docht en net docht by de oplossing fan in saak, yn tekene wurdt. In nije searje foar wat jongere lêzers, mar dochs ek wol lêsber foar de âlderen, is fan 't simmer úteinset mei as sintrale figuer de speurder Mentha Minnema. De haadpersoan docht wat tinken oan de ferneamde Miss Marple út de boeken fan de Ingelske detektiveskriuwster Agatha Christie. Yn dit earste boek, Mentha Minnema en it hûnemystearje fan Anny de Jong (AFUK, 1990), giet it om hûnen dy't mei de dea bedrige wurde, in saak dy't Mentha oplost mei help fan in jonge en in famke. | |
Histoaryske ferhalenIt sjenre fan de histoaryske ferhalen ûntstie yn de foarige ieu. It begjin is te finen by de histoaryske romans fan Waker Scott; yn de Hollânske literatuer is in bekende auteur út dy njoggentjinde ieu dy't sokke boeken skreau mefrou Bosboom-Toussaint. Yn ús tiid binne de boeken fan Thea Beekman tige populêr, wylst Alet Schouten in oare bekende skriuwster is fan (Hollânske) histoaryske jongereinferhalen. Fan har is in boek oerset yn it Frysk ûnder de titel De faaie kolk (KU, 1987). Dat krekt dat boek oerset is, leit foar de hân, om't it yn it âlde Fryslân spilet. Yn ferhalen dy't in ûnderwerp út de skiednis beskriuwe, binne faak tema's mei in aktuele wearde werom te finen. Dêrtroch krije sokke boeken in mearwearde. Lêzers ûntdekke, dat minsken út earder tiden deselde gefoelens hiene en op guon saken op deselde wize reagearren as minsken fan no. Dúdlik komt dat út yn it ferhaal Heksekoarts (AFUK, 1985), dêr't de auteur Andersen yn beskriuwt, hoe ûnferdraachsum minsken wêze kinne. Sa gong it mei Friedrich fan Richter (AFUK, 1985) spilet yn it Dútslân fan foar en yn de Twadde Wrâldoarloch; it ferhaal lit sjen, hoe't diskriminaasje en antysemi- | |
[pagina 263]
| |
tisme yn it libben fan aldendei wurkje. Troch dat soarte tema's binne dy boeken net sljochtwei beskriuwings fan wat west hat, mar litte sy sjen, hoe't minsken binne. It docht der dan net mear safolle ta, wannear't dy minsken libben. Doe wiene se net oars as no. Wiene de al neamde boeken allegear oerset, der binne ek oarspronklik-Fryske histoaryske ferhalen. De skriuwer Tsjalling fan Wolsum hat in trijetal fan datsoarte boeken op syn namme stean. Fjouwer op it spoar (KFFB, 1984) spilet foar in part yn ús tiid en foar it oare part yn de sechstjinde ieu, wylst Fryske Tsjerk yn Frânske tsjinst (KFFB, 1985) him hielendal yn de Frânske tiid ôfspilet. Om frijdom (KFFB, 1986) komt tichterby ús tiid; dat hat de Twadde Wrâldoarloch as dekor. | |
ReisferhalenGie it yn it foarige om it belibjen fan aventoeren, by in reisferhaal is de beskriuwing fan in reis it wichtichste elemint. In aardich foarbyld dêrfan is it boek fan F. Omelka, Alaskaestafette (1961), dat lykwols ek wat fan in skiednisferhaal hat. In soad reisferhalen binne der net yn it Frysk. Foar folwoeksenen, - mar wêrom soe jongerein dy net lêze meie? - binne der twa bondels mei reisferhalen fan Douwe Kootstra. | |
Ferhâlding tusken ferhaal en werklikheidWy seagen al earder, dat de ynfalshoeke fan de ferhâlding fan it ferhaal mei de werklikheid om ús hinne, troch de oare ferdielings yn sjenres hinne rint. De measte hjirfoar neamde boeken kinne wy realistyske boeken neame. De ynhâld komt oerien mei de realiteit, de werklikheid dêr't wy alle dagen mei te krijen hawwe. Dêrfoaroer binne der ek boeken te neamen, dêr't de fantasije it foar it sizzen hat. Lewis Carroll liet yn de foarige ieu mei syn Alice's Adventures in Wonderland (1865) sjen, hoe't dat koe. Dat boek fan mear as hûndert jier âld wurdt noch altyd lêzen en oerset, ek yn it Frysk, (troch Tiny Mulder), al is dy oersetting op it stuit spitigernôch net mear yn 'e hannel. Bekende foarbylden fan fantastyske ferhalen yn de moderne jongereinliteratuer binne de boeken fan Roald Dahl. Syn ferhalen steane soms hiel fier ôf fan ús gewoane libbentsje fan aldendei en wurde dêrtroch faaks sa graach lêzen. Twa dêrfan binne ek yn it Frysk oerset en wol de beide dielen oer Sjakie, sa't er yn de Hollânske oersetting hyt: Jappy en it sûkeladefabryk (KU, 1981) en Jappy en de grutte glêzen lift (KU, 1989). Wat djipper dollend en ek minder humoristysk is it symboalyske boek De reis fan Kristoffel fan H. Bomer (AFUK, 1982). Ek Astrid Lindgren har De bruorren Liuwehert (AFUK, 1985) is | |
[pagina 264]
| |
sa'n soarte boek, dat him ôfspilet yn in lân efter ús werklikheid. Wat tichterby it gewoane libben, mar likegoed mei hiel wat fantastyske eleminten is It ûnsichtbere folk fan Nel Dijkema-van Calsbeek (KU, 1986), in oarspronklik-Frysk boek, dat in tal jierren lyn de Rely Jorritsmapriis wûn. In apart sjenre ûnder dy fantastyske ferhalen binne de sf-ferhalen, science-fiction- of takomstferhalen, sa't se ek wol neamd wurde. Yn it Frysk hawwe wy net sa'n soad fan dy ferhalen. Jan Schotanus syn Ajram fan 'e Edrei (AFUK, 1987) foar wat jongere lêzers soest dêrby rekkenje kinne. | |
SlotWy hawwe hjirfoar besocht wat oarder yn 'e gaos fan literêre teksten oan te bringen. De grutte berch literatuer krijt sadwaande wat mear struktuer. Dy't fan literatuer en lêzen hâldt kin sa foar him- of harsels bepale, út hokker fakje hy of sy kieze wol. Boppedat lêst in boek oars, as men wit hokker dingen men ferwachtsje kin, útgeande fan it sjenre dêr't it boek by heart. Ast bygelyks witst, dat in bisteboek net needsaaklik allinne foar lytse bern bedoeld hoecht te wêzen, kin sa'n boek in útwreiding fan dyn (lês)grinzen betsjutte.
De fakjes binne oanbrocht, de boeken binne te plak, krekt as de Lego, dat no kin it lêzen mar begjinne! |
|