Te moai om wei
Bern, jongelju en poëzij hearre byinoar en passe byinoar. Wy moatte dêr kreatyf mei omgean en lâns allerhande kanalen besykje jongerein tichter by it gedicht te bringen sûnder lykwols it toantsje oan te slaan fan ‘jim witte net wat jim misse’. Want dat meitsje se sels wol út en se kinne sels mear útmeitsje as wy as grutte minsken wolris foar mooglik hâlde.
Dat iene gedicht datst noch út 'e holle kinst, wurdt in stikje fan dysels al is it dan ek mar in ‘bernegedicht’.