Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 254] [p. 254] Meindert Bylsma Altsax foar anneke bron in út 'e kluten sketten kromme piip likest sa'st dêr leist te glânzgjen yn dyn kiste mar do bist net om te glânzgjen en te lizzen do bist om bespile te wurden om sels te bespyljen ik dy do my mei syn beiden it libben in bytsje heas in bytsje heimsinnich wille en fertriet berêsting en hertstocht ik swalke mei dy yn 'e gloppen fan dy't gjin rjochten ha ik sliepte mei dy yn 'e filla's fan dy't de rjochten meitsje do makkest my jazzy wekker as neger yn myn blanke do widzest my klassyk yn sliep as blanke yn myn neger in út 'e kluten sketten kromme piip likest sa'st dêr leist te glânzgjen yn dyn kiste do knypeagest mei dyn kleppen ik knypeagje werom Vorige Volgende