De konsumint
Fan de manlike kollega's soe ik as fêste FeRstival-dichters neame wolle (en dan neam ik allinne dy't op ús fersyk nij wurk ynstjoerd hawwe): Meindert Bylsma, Jan Dotinga, Jurjen van der Meer, Jelle Bangma, D.A. Tamminga, Anne Hellinga, Eppie Dam, Tsjerk Veenstra en R.R. van der Leest. Dy opneaming is net folslein, mar jout wol oan hokker dichters harren yn Fryslân dwaande hâlde mei it gedicht foar jongerein. In aspekt dat wy noch net by de kop hân hawwe, is de rol fan de konsumint, de jonge lêzer of foardrager. Op it foardragen fan de fersen nei is it hiele ‘FeRstival’ in saak fan grutte minsken: dichters, sjuery's, begelieders en wurkgroepleden. Ien kear hawwe wy bern sels de tema's oandrage litten foar de dichters om oer te skriuwen en dêr binne hiele aardige fersen troch ûntstien. Dichters krigen yn brieffoarm, wy neamden it dan ek ‘brievedichtsjen’, it omskreaune ûnderwerp oanlevere en moasten dan mar sjen oft se der wat mei koene. Omdat mear dichters itselde brief krigen, kinne wy hjir as foarbyld twa fersen oer ‘saxofoanspyljen’ ôfprintsje, nei oanlieding fan in brief fan Anneke Bron fan De Rottefalle. Meindert Bylsma en Jan Dotinga lieten har dêrtroch ynspirearje ta de twa folgjende fersen: