Kritearia út de efterholle
As besocht wurdt op tafel te krijen wêr't gedichten foar bern en jongerein oan foldwaan moatte, wolle se dy namme fertsjinje, dan is dat hielendal net sa simpel. Besykjenderwize soe steld wurde kinne (en dan jilde de betingsten minder mei't de doelgroep âlder wurdt):
- | byldspraak moat net te fier fan it konkrete ôfstean; |
- | it ûnderwerp moat út de omwrâld fan it bern komme; |
- | it bern moat him identifisearje kinne mei persoan of saak; |
- | der moat in ferhaal yn it gedicht sitte; |
- | it moat net moralisearje nei bern ta; |
- | bern moatte net oansprutsen wurde op harren berneftigens; |
- | it identifikaasjepunt moat by foarkar yn in gefoel lizze. |
It docht bliken, dat gedichten dy't oan dy kritearia foldogge ta de toppers hearre, wat wer bliken docht út de frije kar op 'e einkriich. As foarbylden fan sokke toppers sitearje wy hjirre: fan Tiny Mulder, ‘Pûkels’ dat yn 1981 foar it ‘FeRstival ynstoerd waard en fan Meindert Bylsma, ‘It jonkje’, foar it earst publisearre yn Fersefariaasje fan 1968.