Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 251] [p. 251] Tiny Mulder Pûkels Marijke hat in pûkel, in pûkel op it kin. Se sjocht it yn 'e spegel en krijt in freeslik sin. Se wol net iens nei skoalle. Dêr laitsje se har út, want wa hat no sa'n dinges, sa'n pûkel op har snút! ‘Toe ju. Wat soe sa'n pûkel. Dat giet fansels wer oer!’ Ja, mem hat maklik praten. 't Ding is sa read as fjoer. En wat sil Sytze sizze, dy jonge út klas twa? Dy fynt se krekt sa aardich. Dy pûkel! Harreba! Marijke fytst nei skoalle. Se móát -, mar hâldt de sjaal stiif oer de pûkel hinne en slûpt gau nei 't lokaal. Mar yn de gong stiet Sytze. Hy sjocht har nuver oan en seit: ‘Wat no, Marijke? Bist gripich fan 'e moarn?’ Marijke sakke 't leafste fuortdaliks troch de flier. Dan laket se ynienen, har eagen stean’ wer blier. Want wat hat Sytze dêre op 't puntsje fan 'e noas? In pûkel as in kwartsje, read as in reade roas! ‘Wat hasto dêr in pûkel!’ seit se. ‘Fynst dat net slim? Ik ha ek ien. Sjoch, hjirre.’ Se docht de sjaal fan 't kin. Se fine 't beide freeslik, mar ha je tagelyk sa'n grouwe pûkel, sa'n reade pûkel, sa'n rare pûkel, sa'n ah-ba pûkel, dat is komyk. Vorige Volgende