Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 248] [p. 248] Jeltsje Postma Myn suster Ik woe dat ik op my suster like, kreas en flot, Mar ik bin ferlegen, ik sit wat yn in hoekje, Gean hast noait fuort, ik fiel my rot, Ik sit op myn keamer, lês wat yn in boekje. Myn suster giet te dûnsjen, ik wol ek sa graach Mar ik doar net, want ik moat der net oan tinke As der in jonge op my takomt mei de fraach: ‘Wolst dûnsje, en sille wy dêrnei wat drinke?’ Ienkear ha 'k mei west, nei in diskoteek, Dêr seach ik him, in echte spetter, Hy frege my: ‘Wolst dûnsje?’ Ik wie opslach fan streek En stammere: ‘Nee, 'k moat nei hûs, it wurdt letter.’ Myn suster seit wolris: ‘Wês net sa'n skiter, Der is ommers net ien dy't dy wat docht.’ Ik doch myn bêst, mar wier, it jout gjin miter, Ik krij al in kleur as der immen nei my sjocht. Soms tink ik wolris, wie 't altyd mar tsjuster Sadat net ien my seach, 'k sjoch der net ûnhimmel út, Want ik lykje as twa drippen wetter op myn suster: Wy binne in twilling, ha dus deselde snút. Mar myn aard is oars, wêr soe him dat oan lizze? It sil oars, ik doch krekt as ik myn suster bin, Dat falt net op, net ien sil der wat fan sizze. Der is ommers nimmen dy't ús útelkoar hâlde kin. Vorige Volgende