Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 247] [p. 247] Jurjen van der Meer Myn broer Ik ha in broer fan 16, dêr bin je moai mei klear. Hy is net allinne grutter, hy mei ek folle mear. Wol ik jûns de doar ris út, net miene dat it mei. Mar Jan, myn broer, dy giet syn gong, dy giet syn eigen wei. Hy hat de grutste keamer, in eigen stereo, der hoecht mar wat te wêzen, of hy krijt it kado. Hy krijt in nije brommer, ik krij syn âlde fyts. En wol ik mei nei B.Z.N. dan bin ik fierste lyts. Tegearre mei him wurkje, jout altyd averij. En bûsjild krijt er ek al jierren folle mear as mij. It is faak sa ûnearlik, hy wint op alle mêd. Ja, jûns dan mei ik altyd earst, kom jong, sjit op, op bêd. Vorige Volgende