Trotwaer. Jaargang 22
(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 245]
| ||||||||||||
Tsjerk Veenstra
| ||||||||||||
Tichter by de dichter?De lêste jierren wurdt der hieltyd mear dien oan it oan de man en frou bringen fan poëzij en dêrby wurde de jongelju net fergetten: poëzijjûnen en -nachten, wedstriden yn gedichteskriuwen en foarlêzen fan eigen wurk. ‘Dichter bij dichter’ fan de SKVF is rûnom bekend. Mei al dy kostbere aktiviteiten wurdt fansels mar in lyts ploechje jongerein berikt, mar wis is, dat guon sa oer in drompel hinne holpen wurde. Utsoarte sille it gjin grutte kloften wurde en dêr hoecht net ien wekker fan te lizzen. | ||||||||||||
It FeRstivalSûnt 1942 bestiet yn Fryslân in ûndernimmen, dat hjoeddedei ‘stimulearringsprojekt Fryske poëzij foar jongerein’ neamd west hie: ‘De foardrachtkriich’, sûnt 1968: ‘It FeRstival’.Ga naar voetnoot* Yndertiid opset troch de Provinsjale Underwiisried, útfierd troch de skriuwers dêrfan, sûnt fan 't jier ûnderbrocht by it FLMD en beöardere troch in wurkgroep, mei as taak:
| ||||||||||||
[pagina 246]
| ||||||||||||
Sa wurde alle jierren likernôch fyftjin fersen spesjaal foar Fersefariaasje skreaun, dat yn in oplage fan 800 ferskynt, sa krije alle skoallen fergees de beskikking oer resinte Fryske poëzij, dy't yn klassen en groepen behannele wurde kin. Sa komme alle jierren likernôch hûndert jongelju nei ‘De Lawei’ om mei te dwaan oan ‘It FeRstival’. | ||||||||||||
In bytsje gekDy hûndert binne yn guon eagen fansels in bytsje gek: wa docht dat no en klim op in sneon yn novimber op in toaniel yn ‘De Lawei’ en sis dêr in ferske op foar in seal fol minsken en in sjuery. Dan rinst ek noch de kâns datst yn desimber werom komme moatst, as't yn de finale sitst en dan moatst ek noch sels in gedicht opsykje út bondels, tydskriften of âlde Fersefariaasjes. Se binne krekt sa gek as in dielnimmer oan in fioelekonkoers of in hafabra-festival: hielendal net gek, dus. | ||||||||||||
Poëzij foar jongerein, wat is dat?Foar it FeRstival wurde foar bern en jongerein ornearre gedichten skreaun en útsocht. Oan hokker kritearium moatte dy foldwaan om oan te slaan by jonge lêzers en foardragers? En hoe kin dan ek noch útmakke wurde oft se gaadlik binne foar ien fan de fjouwer leeftydsgroepen tusken tolve en tweintich dy't hantearre wurde? De wurkgroep kin dat gewoan en de skriuwers, dy fiele dat gewoan oan. As foarbyld wurdt hjir út elke leeftydsgroep in fers ôfprinte út it boekje fan dit jier:
Alle fjouwer fersen binne net earder publisearre en troch de auteurs mei de doelgroep yn de efterholle skreaun. |