Skroei 2
Yn 1987 hat de AFUK de bondel Skroei útbrocht: in bondel mei oarspronklik Fryske jongereinferhalen, skreaun foar jongerein fan 14 oant en mei 16 jier. De AFUK is fan doel om no foar de leeftiidsgroep fan 12 oant en mei 14 jier sa'n soarte fan bondel út te jaan. De kommisje dy't har mei it tarieden fan de bondel dwaande hâldt, ropt dêrom elkenien op om ferhalen yn te stjoeren dy't bern út de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis oansprekke sille. De kommisje tinkt dêrby oan ûnderwerpen dy't te krijen ha mei tema's lykas: groepsfoarming, skoalle, relaasjes, sport en hobby, thússitewaasje en identiteitsûntwikkeling.
De lingte fan de ferhalen soe leafst sa'n 5 à 10 siden wêze moatte (tusken de 2000 en 4000 wurden).
It doel is om de bondel yn 1991/1992 út te bringen.
De uterste ynstjoerdatum is 1-12-1990.
De definitive ynhâld sil ein desimber 1990 fêststeld wurde.
It honorarium is f 15, - de side.
De kommisje wol graach sa gau mooglik witte wa't belangstelling hat foar it skriuwen fan in ferhaal foar de bondel en freget dy minsken om dat op te jaan by: Gjalt Jelsma (AFUK; tel. 058-138045) of Johan Bloem (MSU; tel. 058-890222).