| |
| |
| |
Wim van der Schaaf
Freegje net nei it hoe, mar nei it wêrom
De kweeste yn Fryske jongereinliteratuer
1. In kweeste
Yn de tolfde en trettjinde ieu waarden yn West-Europa de ferhalen om kening Arthur en syn ridders fan de Rûne Tafel hinne tige populêr. En dy populariteit hat him trochsetten oant hjoed de dei ta. De ferhalen binne hyltiten op 'e nij ferteld, net allinne foar folwoeksenen, mar ek foar bern en jongerein. It tal boeken oer de ridders fan 'e Rûne Tafel en har spannende aventoeren follet sa stadichoan kasten fol. Lancelot, Perceval, Walewein, Galahad en al dy oare betûfte fjochtersbazen, ‘hoofse’ ridders sa't se neamd wurde, geane der geregeld op út om eare te beheljen, om dappere dieden te dwaan en och sokke moaie jonkfrouwen te helpen tsjin skurken, draken en oar ûnrant. It binne meast fantastyske ferhalen, dêr't faak mysterieuze, heimsinnige dingen yn barre. Sa swevet der bygelyks op in dei samar ynienen in skaakboerd de ridderseale fan kening Arthur yn, en ferdwynt nei in setsje ek wer. Ien fan 'e ridders wurdt der dan op útstjoerd om dat skaakboerd te pakken te krijen. Dat smyt fansels wer hiel wat spannende aventoeren op. Sa'n tocht, dy't in ridder meitsje moat om in opdracht út te fieren, neame wy in kweeste. Dêr fersteane wy ûnder: in syktocht fol mei tûkelteammen, in reis dy't ek bedoeld is as in soarte fan lottering dy't liede moat ta ferlossing en ferfolling. Sa'n kweeste is lykwols net inkeld bedoeld om ien of oar probleem op te lossen, in jonkfrou te befrijen of in bepaald foarwerp te finen, mar it is ek belangryk foar de ridder sels dy't de reis ûndernimt. It is foar him nammentlik wichtich, om op dizze manier syn bestimming yn it libben te finen, om by wize fan sprekken folwoeksen te wurden.
As in ferhaal in kweeste is, dan hat dat fansels ek syn ynfloed op de struktuer, de bou fan it ferhaal. By in kweeste is ommers meastal sprake fan in opdracht en dy opdracht hâldt yn de measte gefallen yn, dat immen in reis ûndernimme moat om syn opdracht út te fieren. Yn de kweesten dy't mei kening Arthur te krijen ha, is it hast altiten sa, dat de ridder oan it hof in opdracht kriget, de wrâld yngiet en allerhande aventoeren belibbet. Lang om let komt er ta syn doel, it ferhaal einiget dan faak wer op it
| |
| |
plak dêr't it begûn: oan it hof fan kening Arthur.
| |
2. De kweeste fan de Graal
De kweeste dy't wol it meast ferneamd is, is dy oer it mystearje fan de hillige Graal. Ien fan 'e earsten dy't dêr oer skreau wie de ferneamde Frânske dichter út de tolfde ieu, Chrétien de Troyes. Hy skreau it boek Percéval, ou le conte du Graal. Hy hat it ferhaal net alhiel ôf meitsje kinnen, mar der wurdt oannommen dat in pear oare skriuwers in ein oan syn ferhaal breide ha. Letter ha noch wer oare skriuwers lykas Wolfram von Eschenbach (Parzival) en Sir Thomas Malory (De Morte d'Arthur) ferhalen oer dyselde Graal skreaun.
De Graal wie in heimsinnich foarwerp. Wat it presiis wie is net elkenien it oer iens, mar der binne dy't ha wolle, dat de Graal winliken de skaal is, dy't Jezus, flak foar syn dea oan it krús, brûkte by it lêste nachtmiel mei syn dissipels. De leginde wol ha, dat Jozef fan Arimathéa by it begraven fan Jezus dy skaal brûkte om de bloeddrippen dy't doe noch út de wûnen fan Jezus kamen op te fangen. Op de ien of oare wize is dy skaal letter yn it lân fan de Kelten, yn Súd-Ingelân, bedarre en dêr weirekke.
De ridders fan 'e Rûne Tafel krije fan kening Arthur de opdracht om de Graal te sykjen. It is lykwols sa, dat inkeld in folslein suvere ridder by steat wêze sil de Graal te finen. Dêrom falt bygelyks in ridder as Lancelot ôf, om't er it temûk oanlein hat mei Guinevere, de frou fan kening Arthur. Dy ferbeane leafde is foar him in behindering om de kweeste ta in goed ein te bringen. Allinne hy, dy't suver libbet en net út is op eigen ear en rom, is goed genôch om de kweeste ta in goed ein te bringen. Nei in soad aventoeren binne it lang om let trije ridders dy't de Graal te sjen krije: Percival, Bors en Galahad. De lêste, de soan fan Lancelot, is de úteinlike Graalridder, de suverste en ealste ridder, dy't de Graal kriget út hannen fan in fromme kluzener. Dêrmei is hy ek by steat om de swier ferwûne kening Pelles, yn waans kastiel de Graal foar it ljocht komt en dy't wol de ‘fisker-kening’ neamd wurdt, wer better te meitsjen. Galahad is no de preester fan de Graal, mar tagelyk hat er syn bestimming yn dit libben fûn, syn taak is folbrocht. Hy knibbelet foar it alter yn de kapel, en ‘syn siele fart nei de himel.’ De Graal ferdwynt allyksa op bjusterbaarlike wize en is sûnt op ierde net mear troch immen sjoen.
| |
3. De kweeste yn oare ferhalen
Net inkeld by âlde ridderferhalen komt de
| |
| |
kweeste foar. Ek yn in protte oare ferhalen fine wy dizze foarm, bygelyks yn in soad mearkes. Sa bart it withoefaak, dat yn in mearke de soannen, meastal trije, fan har heit, faak in kening, in drege opdracht krije. Se geane de wrâld yn, en hast altiten is it sa, dat it nei in protte swierrichheden allinne de jongste soan, dy't meastal de ûnnoazele kant it neist is, slagget om de opdracht ta in goed ein te bringen. En dat hâldt fakentiid yn, dat er mei in och sa moaie prinsesse trouwe mei. Tegearre libje se noch lang en lokkich, dat wol sizze: de jongste soan is no folwoeksen wurden en hat de bestimming, it doel yn syn libben berikt. En dêr giet it úteinlik om. Minsken moatte ta har doel komme, har bestimming yn it libben fine. Se moatte sjen dat it libben mear is as in samling lokkige en minder lokkige mominten, mear as in rige wylde of nuete aventoeren. Minsken moatte yn dit libben har eigen plakje fine. Dêrom ek, liket my ta, fine wy rûnom op 'e wrâld fan ditsoarte ferhalen, mearkes en oarsoartige. Dy ferhalen geane ommers oer saken dêr't elk minske mei te meitsjen krijt, wêr't er ek wennet, saken dy't foar elk minske fan belang binne.
No binne ridderferhalen en in protte mearkes fansels al tige âld, al kinne se ús noch genôch te sizzen ha. Mar ek yn lettere tiden, ek yn de moderne literatuer, binne en wurde ditsoarte ferhalen noch geregeldwei skreaun, en krekt as by de mearkes gebeurt dat rûnom op dizze wrâld. Lês mar ris Nederlânske boeken as De komst van Joachim Stiller fan Hubert Lampo, De verborgen bron fan Hella Haasse of De nietsnut fan Frans Kellendonk. Yn it Frysk binne der ek soksoarte fan boeken: Peke Donia, de koloniaal fan Nyckle Haisma, De Fûke fan Rink van der Velde, Tiny Mulder har Tin iis of Swart op wyt fan Akky van der Veer.
Ferwûnderlik is it net fansels dat it tema fan de ‘syn wei yn it libben sykjende minske’ sa folle foarkomt yn de literatuer. It is ommers in gegeven dat elk minske, al of net bewust, mar dat docht der net sa folle ta, eigen is en dêrom krekt oansprekke sil. In pear fan dy boeken, yn it Frysk skreaun foar jongerein sille wy no noch wat better besjen.
| |
4. Cap Súd
Cap Súd, yn 1980 útkommen, is skreaun troch R.R.R. van der Leest. De trije haadpersoanen fan it ferhaal, Gerl, Diderik en dy syn freondinne Karola binne earst yn Fryslân, dan yn Frankryk en it (koarte) slot fan it ferhaal spilet him wer yn Fryslân ôf.
Gerl is in jonge, dy't der achter komt dat er beskikt oer it saneamde ‘twadde gesicht’. Sa sjocht er op in stuit, dat Diderik in ûngelok mei syn brommer krijt. Dat blykt fuort dêrop
| |
| |
ek te gebeuren. Diderik leaut net yn sokke boppe-natuerlike saken, hy is nofteren fan aard en neamt it tafal dat it fisioen fan Gerl útkommen is.
As Diderik-en-dy letter mei fakânsje nei Frankryk geane, kriget Gerl op 'e nij fisioenen, en dy lykje foar Diderik al wer net folle goeds yn te hâlden. Dy fisioenen wurde boppedat hyltiten driigjender. Diderik moat der lykwols wer niks fan ha en de famylje reizget ôf. Nei in nij fisioen giet Gerl, mei op oanstean fan Swarte Tryn, by Ruerd, de freon fan syn suster, achter op 'e motor nei Frankryk. Nei in protte tsjinslach en lijen fine se Diderik. Dy wol Gerl wer net leauwe, hy wurdt lilk en seit dat Gerl jaloersk is en in eachje hat op Karola. Alles liket úteinlik goed te betearen, mar as nimmen it mear ferwachtet, slacht it needlot dochs noch ta.
Werom yn Fryslân praat Gerl nochris mei Karola, dy't him seit dat se him graach lije mei, mar dat dat net genôch is. Mei Diderik wie it ommers oars.
Dit ferhaal is dúdlik in kweeste. Der binne sels sprekkende oerienkomsten oan te jaan mei in ferhaal as dat fan de Graal. Der is in opdracht, yn dit gefal foar Gerl. Hy moat in reis ûndernimme om immen it libben te rêden sa't dat yn it midsieuske ferhaal ek it gefal wie. Der barre ek yn Cap Súd wûnderbaarlike, boppenatuerlike saken dy't te tankjen binne oan it ‘twadde gesicht’ fan Gerl. En ek hjirre is, lykas dat by Lancelot it gefal wie, in frou, Karola, yn it spul. It mei dan net gean oer ridders yn har harnas en mei spear en skyld, it giet wol oer jongemannen op motors en brommers mei helmen op, dy't surfe op in sylplanke, dy't wrakselje mei de eleminten; it giet oer minsken dy't winne en ferlieze. En as it der op oankomt, is it moderne ferhaal net minder dramatysk as it midsieuske. It dekor is wat feroare, mar minsken bliuwe minsken, yn 'e midsieuwen en no. En, miskien wol it wichtichste, wy sjogge yn Cap Súd, hoe't minsken, jonge minsken, har wei leare te finen yn it libben, mei hoefolle swierrichheden ek. Gerl liket in moderne Lancelot te wêzen, dy't it sa goed mient. Mar krekt as by syn midsieuske foargonger slagget it him net om syn opdracht ta in goed ein te bringen. Hy is blykber ek net ‘suver’ genôch: siet der by him, sa't Diderik al tocht, net wat fan eigenbelang by, wied er stikum dochs net fereale op Karola? Dy lit dat oan 'e ein fan it ferhaal aardich helder útkomme as se Gerl dúdlik makket, dat er no ienkear gjin Diderik is. En sa is der by eintsjebeslút foar Gerl, nei dit hiele aventoer, ek in flink stik ferlies op syn rekken achterbleaun. Mar, sa't er sels seit, hy moat wer fierder, troch skea en troch skande. Want nei dizze kweeste komt der fêst wer in oarenien.
| |
| |
| |
5. De wite kastanje
De wite kastanje, dat yn 1986 útkaam, wie it debút fan de skriuwer Willem Tjerkstra. It is in nijsgjirrich ferhaal oer twa jonges, Teade en Harm, dy't op en om it tsjerkhôf fan allerhande frjemde dingen belibje. By it grutter meitsjen fan dat tsjerkhôf is in stik muorre fûn, op skoalle wurdt dan in tal lessen jûn oer kleasters en spoken, se geane nei it tsjerkhôf te sjen en dêrnei skriuwe de bern har ferhalen. Mar Teade, in wat stille en dimmene jonge en Harm, in opskepper en earsten rûchhouwer, dy't oars gjin maten wiene, geane tegearre op 'e sneup op it tsjerkhôf en belibje in oantal kearen hast ûnbegryplike dingen.
Se moetsje in man yn in lange wite mantel, dy't him bekend makket as broer Martinus. Dy lit har yn it midsieuske kleaster fan alles sjen yn in wrâld, dêr't gjin tiid mear is. Se sjogge de beppe fan Teade en harren ferstoarne skoalkammeraatske Tsjitske. Se hearre prachtich sjongen en broer Jehannes skilderet letter foar har de ferhalen dy't Martinus fertelt, bygelyks it ferhaal oer Wytske dy't as hekse ferbaarnd wurdt. Martinus seit ek, op in fraach fan Teade hoe't dit allegearre dochs kin: ‘Freegje net nei it hoe, mar nei it wêrom.’ De jonges sjogge en hearre fan frede en libben, mar ek fan oarloch en dea. Broer Martinus jout de jonges de opdracht sels in skilderij te meitsjen, krekt sa't Jehannes it die. Se binne no op it lêst wiis wurden troch wat se sjoen ha: Wytske en Maria, dat wie it fertriet fan it koarte libben, en Beppe en Tsjitske, dat wol sizze de freugde fan it lange libben. Se binne ‘wiis’ wurden. Se moatte in wrâld skilderje dêr't minsken lokkich yn binne, in wrâld fan frede. Mar as Harm in gewear yn it skilderij makket, reitsje de jonges slaande deilis. It gewear giet ôf en sa sjitte se de do, symboal fan de frede, dea. Der komt in swier ûnwaar en brân en de jonges flechtsje. Martinus fynt har, hy hat har ferhaal opskreaun. It is altiten itselde, seit er: der wurdt sketten en der is fjoer. Se meie nei hûs, se krije in kastanje mei fan de beam dêr't se mei Tsjitske praat en boarte hiene en in fearke fan de wite do.
Dit is, yn hele rûge halen, it ferhaal. Dêrmei is winliken dat ferhaal ûnrjocht oandien en dêrom is it ek better, om it boek sels te lêzen. Want dat is de muoite mear as wurdich. Om't it net samar in ferhaaltsje is, mar mear as wat der no krekt stiet. Achter, yn en troch de wurden prebearret de skriuwer in tal dingen te sizzen dy't wichtich binne foar minsken. It giet him net allinne mar om de aventoeren, dy't in pear jonges belibje, aventoeren dy't mei it gewoane ferstân faaks slim te fetsjen binne, it giet him der om dúdlik te meitsjen dat it libben mear is as dy aventoeren. It libben is in reis, in reis earne hinne.
| |
| |
It is in kweeste, om't Teade en Harm in opdracht krije. Ynearsten in simpele opdracht op skoalle. Se moatte it ien en oar útplúzje oer kleasters en sa. Dêrfoar meitsje se in reis, net iens sa fier: de reis giet nei it tsjerkhôf mei it stik âlde kleastermuorre. Lykwols (hoe en wat krekt witte se sels net), elke kear as se by de âlde kleastermuorre komme, meitsje se ek in reis werom yn de tiid, nei dagen fan froeger. Se moetsje broer Martinus en broer Jehannes, Beppe en Tsjitske (beide al dea). Se belibje dêr fan alles, mar kinne oer dy dingen winliken mei nimmen prate, it binne saken dy't se sels oplosse moatte. En dat slagget net altiten like goed, want de twadde opdracht, dy fan broer Martinus, is har te mânsk. Teade en Harm binne dingen te witten kommen oer it libben, mar ek, want dat heart der no ienkear ûnskiedber by, oer de dea. Se hearre en sjogge fan ûnrjocht en rjocht, fan leafde en hate, fan oarloch en frede. Se ha in lyts bytsje belibbe fan wat it koarte èn wat it lange libben ynhâldt.
Dat is de winst dy't de jonges binnenhelle ha. Mar der is ek ferlies, want se ûnderfine dat it net sa maklik is om te stribjen nei frede en gerjochtichheid. Harm skilderet him in gewear, Teade nimt in stok en huft der op yn. Harm en Teade fernimme oan de ein, dat harren kweeste yn wêzen net slagge liket te wêzen. Se nimme dan ek gjin stien fan de âlde kleastermuorre mei. Mar se ha fêst wol wat leard: as der wat berikt wurde moat yn de wrâld, dan freget dat in bepaalde ynset. En as dat net yn ien kear slagget, dan prebearje je wer op 'e nij: dan komt der in nije kweeste, oant it doel berikt is en de minske syn bestimming fûn hat.
| |
6. Beslút
In ferhaal, en dan benammen in goed ferhaal, is mear as inkeld dat ferhaal. Fansels, der binne ferhalen dy't je allinne foar ferdivedaasje lêze, oars net as om de sinnen ris eefkes te fersetten en je net te ferfelen. In pear aventoerkes, op in rychje set troch in handich auteur, net te swiersettich, leafst mei wat humor, en moarn bist sa'n ferhaal wer helendal fergetten. Soksoarte fan ferhalen is fansels neat op tsjin. Mar der binne ek in protte ferhalen, dy't krekt eefkes mear jouwe. Fan gefolgen binne dat faak ferhalen dy't ek krekt eefkes mear fan de lêzer freegje: de kop moat der sa no en dan al even by. Ta dy ferhalen rekkenje ik benammen ek dy, dy't de foarm fan in kweeste ha: der is in opdracht, immen nimt dy opdracht oan, hat syn of har striid te fieren en komt, troch skea en skande wiis wurden, al of net ta in posityf beslút. Sokke ferhalen binne der, ek yn it Frysk, mear as inkeld de hjirfoar al neamde ferhalen. In boek as De kar fan Nyckle
| |
| |
Haisma, hoe simpel fan opset dit ferhaal winliken ek wêze mei, falt te lêzen as in kweeste. It selde jildt foar in folle moderner boek, sawol wat ynhâld as foarm oanbelanget, as Mindert Wynstra syn ‘Nul-nul’. It binne beide ferhalen dy't justjes (of in protte) mear jouwe as sljochtwei hinne. En tink dan by it lêzen fan sokke boeken benammen ek oan de goede rie fan broer Martinus út De wite kastanje:
|
|