Trotwaer. Jaargang 22
(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 224]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
Al ex M.J. Riemersma
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 225]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
zen hebt?’ en: ‘Kunt u misschien ook de titel en eventueel de schrijver noemen van een Fries jeugdboek, waaraan u bijzonder gehecht was? (Pietersen 1969: 22-23). De ‘toptrije’ fan boeken foar grutten bestie út Abe Brouwer, De gouden swipe, Ulbe van Houten, De sûndefan Haitze Holwerda en A.A. van der Werf, Yn de berm lâns. De ‘top-fiif’ fan jongereinboeken bestie út De tsien fan Martens Afke fan Nynke fan Hichtum, Jonges fan Gaasterlân fan Inne de Jong, Jelle fan Sipke-Froukjes [ = De jonge priiskeatser] fan Nynke fan Hichtum, Moarke fan A. Meester-de Vries en Sipke en ik fan G. Elgersma. Ut dy fragen en de antwurden op dy fragen docht bliken, dat de minsken in idee hawwe oer wat klassike boeken binne; en dat in beheind tal boeken by in frij grut tal minsken bekend en populêr is. Op de folgjende bledsiden sil ik besykje te omskriuwen wat klassike jeugdboeken binne en wêrom't de neamde titels as ‘klassike’ Fryske jongereinboeken oanmurken wurde kinne.Ga naar eind3 | ||||||||||||||||||||||||||||||||
KriteariaFoardat de neamde boeken stik foar stik oan 'e oarder komme, is it fan belang om te besjen oft oaren kritearia ûntwikkele hawwe dy't faaks te brûken binne. Yn de Nederlânske en Fryske sekundêre literatuer haw ik gjin hânfet fûn. Klaus Doderer jout yn it Lexikon der Kinder- und Jugendliteratur II (1984) dizze omskriuwing fan ‘klassyk berneboek’: ‘Unter K. werden Kinder- und Jugendbücher verstanden, welche lange Zeit unter jugendlichen Lesern beliebt und weit verbreitet, in der Regel auch nach der herrschenden Ansicht der Erwachsenen wertvolle (‘erstklassige’) Lektüre sind’ (Lexikon II, 217). Hy beflapt dus trije kritearia yn dy definysje foar it begryp ‘klassyk’: de jonge lêzers as konsuminten; de lange termyn; en de smaak fan de folwoeksenen. Doderer ûnderskiedt trije stânpunten om it begryp ‘klassyk berneboek’ te brûken:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 226]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
Doderer konkludearret, dat berne- en jongereinboeken op grûn fan ûnderskate stânpunten en fisy's (bgl. ideologyske of histoaryske) hieltyd oare berne- en jongereinboeken as ‘klassyk’ oanmurken wurde. Uteinlik makket it lêzerspublyk út hokker boeken op 'en langen doer as klassyk oanmurken wurde: ‘... die Beliebtheit, die Auflagenhöhe, der hohe Grad, allgemeingültig zu sein, machen ein Kinder- oder Jugendbuch zum Klassikern, nicht aber eine Theoriebildung, Verordnungen (Lehrpläne) und Schulmeinungen’ (Lexikon II: 218). Yn de ynlieding fan it boek Klassische Kinderund Jugendbücher (1975) giet dyselde Doderer wiidweidiger yn op de definysje fan it begryp ‘klassyk berneboek’ en op de wittenskiplike problemen dy't dêrmei gearhingje. Oan de ein fan dy ynlieding relativearret er de rol fan de lêzende bern dy't úteinlik sels útmeitsje hokker boeken as ‘klassyk’ oanmurken wurde. Hy wol him as wittenskipper net tefreden stelle mei de konklúzje, dat ‘klassike’ berneboeken oars net binne as ‘dierbere’ berneboeken, dy't troch bern útkeazen wurde en foarsjoen binne fan ‘bernige’ foarmkenmerken en ûnderwerpen. Doderer wol de besteande list mei ‘saneamde klassike’ berne- en jongereinboeken kritysk bestudearje om it yntellektuele en artistike nivo dêrfan fêst te stellen en teffens nei te gean hoe't dy boeken yn de rin fan de jierren troch de lêzers wurdearre binne. Yn it ferfolch fan dit artikel sil ik mei help fan de kritearia fan Doderer in pear Fryske klassikers of ‘evergreens’ besprekke. Foar de koarte ynhâld fan dy boeken, en foar de opmerkings oer it begryp ‘jeugdlân’ haw ik gebrûk makke fan it oersjoch yn Net foar bern! (Van der Weg-Laverman 1990). | ||||||||||||||||||||||||||||||||
Sipke en ik
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 227]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
(en yn it bysûnder in jongesboek) yn it Frysk is dat as sadanich oankundige wurdt, leit it yn de reden, dat dit boek yn oersjoggen fan de Fryske BJL hieltyd wer neamd wurdt. De tematyk en struktuer is ienfâldich: twa jonges meitsje in fakânsje-tocht fan in wike mei in âld boatsje troch it Fryske lân. Ofsjoen fan de tarieding fan de reis yn de earste beide haadstikken, wurdt elke dei fan dy wike yn in apart haadstik beskreaun. Haadstik ien is in oersichtlike ynlieding op de aventoeren fan ‘rollade’ Gerke en ‘lintwjirm’ Sipke, dêr't har âlden noch in rol yn hawwe: dy jouwe tastimming om de reis oan te gean. Op de earste side wurde de lêzers oansprutsen: ‘No dat hearre jim wol. (...) No moat jim witte dat ik yn dy tiid...’. De lêste side fan it boek makket melding fan de opdracht fan Sipke oan Gerke: ‘“... datsto it foarnaamste fan ús reiske op papier sette moatst.” Ik fersette my, mar it joech my neat. En sa ha jim lêze kinnen, wat wy útheefd ha.’ It boek wurdt dus presintearre as in ramtferhaal, dêr't ek in beskate ôfstân tusken ferteltiid en fertelde tiid yn ferantwurde wurdt. Dy ôfstân wurdt nochris oantsjutten yn sinnen lykas: ‘Ik wie yn dy tiid in ûndogense jonge...’ (útj. 1985, s. 28); ‘Ik leau net, dat ik de wrâld earder of letter sa moai fûn ha as op dy moarn’ (s. 29); ‘Dêrnei barde der neat mear dat it fertellen wurdich is’ (s. 131). It ik-perspektyf dat by Gerke leit, de ûndergeskikte fan ‘kapitein’ Sipke, makket dat de eigentlike haadpersoan fan tichteby mar net fan binnenút beskreaun wurdt. De mâlfiten kinne dêrtroch noch wat moaier foarsteld wurde en Sipke kriget noch wat mear in ‘Dik-Tromkarakter’. De lêzer kin him boppedat makliker idintifisearje mei de wat beskiedener Gerke. It ik-perspektyf wurdt dus sa út en troch ôfwiksele mei it perspektyf fan de auktoriale ferteller. It ferhaal is in suver foarbyld fan in jeugdlânferhaal: it boatsje foarmet foar Sipke en Gerke har eigen wrâld en is in feilich stee (bgl. as lulke skippers har útskelle en as boeren har efternei sitte). Har libben op dat boatsje, dat nammers ek yn tiid sekuer ôffrede is, ken gjin materiële en eksistinsjele soargen, heiten-mem spylje gjin rol en oare folwoeksenen hawwe allinnich de rol fan ‘oanjouwer’ ta nije aventoeren. De tekeningen fan Ids Wiersma by de earste útjefte yn 1922 hawwe grif bydroegen ta it sukses fan it boek: Wiersma wie wakker bekend wurden troch de mear as hûndert printen dy't er in pear jier earder makke hie foar de nije útjefte fan de Rimen en Teltsjes. Yn de ‘fernijfryske’ útjefte fan Sipke en ik út 1985 wurde dy printen oanrikkemandearre fan wegen de ‘sfear’ fan it ferhaal. Yn 1957 neamde Anne Wadman yn ien fan syn radiopraatsjes foar de regionale omrop fan doe, de RONO, it boek ‘40 jaar na zijn | ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 228]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
ontstaan nog springlevend’ en joech der dan ek de kwalifikaasje ‘klassyk’ oan. Dat is it boek nei myn betinken ek yn dy sin, dat it in foarbyldfunksje hân hat foar in rige fan oare skriuwers dy't har jeugdoantinkens yn 'e foarm fan in jongesboek opskreaun hawwe. Mar net alle aventoeren kinne basearre wêze op jeugdoantinkens fan de skriuwer Gerrit J. Elgersma (1868-1919). Ynhaadstik VII wurdt beskreaun hoe't de jonges in fleanmasine mei moterpech út de loft op in stik greide delsaaien sjogge en dêr op passe wylst de piloat om help út giet. De earste kears dat yn Fryslân in fleanmasine fan tichteby te sjen west hat, wie yn 1910 doe't Clement van Maasdijk syn ferneamde loftreizen by It Hearrenfean makke. It boek hat earst yn ôfleverings yn de Frjentsjerter krante stien (1919-1920), en letter nochris yn de Kollumer krante (1928-29). Sa'n grutte fersprieding draacht der fansels ta by, dat it boek by in soad minsken bekend is; dêrtroch wurdt it ek makliker klassyk. Op grûn fan dat klassike karakter is it boek in heale ieu nei de earste printinge op 'e nij printe: earst foto-meganysk (1973), dêrnei yn de fernijfryske útjefte (1985); boppedat is it oerset yn it Biltsk (1984). It is oars wol it iennichste boek fan Elgersma. Hy is dus net bekend wurden as proaza-skriuwer, mar hy hat fanwegen syn kabaretlietsjes bekend west as ‘de Friese Speenhoff’. Trije ferhalen fan him binne opnommen yn de blomlêzing In twirre yn it hôf I (1929). | ||||||||||||||||||||||||||||||||
Jonges fan Gaasterlân
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 229]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
ferhaal net neamd, mar de tekening dy't Tseard Bottema fan de toer makke hat, twingt jin om te tinken: Nijemardum (it berteplak fan de skriuwer). It ferhaal spilet him dus yn in dúdlik ôfsletten gebiet ôf; de tiid is ek konkreet oanjûn: fan de maitiid ôf, in wike neidat boer Wildskut mei syn folk út Sint Nyk wei ferhuze wie nei de boskpleats by de see, as it folk yn Gaasterlân drok oan it ikeboskjen is, oant alle toarnbeien fan de strûken ôfsocht binne en de lysterfangst begjint. En dochs wurdt yn dit boek in fantasij-wrâld beskreaun: de jonges skeppe har eigen yndiane-wrâld, mei sabeare yndiane-nammen, klean, reade en swarte ferve, en mei yndiane-wapens dy't ferstoppe wurde yn de bosk; sy foarmje in sletten ploech, de ‘Mannen fan Uncas’, dy't de nijkommer Piter Wildskut yn de ploech ‘ynwije’ troch mei him de fredespipe te smoken. Folwoeksenen hawwe gjin plak yn har eigenoanrette yndiane-maatskippij, ek de boskwachter net. Foar de Uncas-jonges is Gaasterlân in ideale boarterstún. De struktuer fan Jonges fan Gaasterlân is sa hecht net as dy fan Sipke en ik en as dy fan De jonge priiskeatser. Neffens my binne dêr twa arguminten foar oan te wizen: yn it foarste plak it ûntbrekken fan in eigentlike haadpersoan. Hoewol't troch de wiidweidige persoansbeskriuwing yn it earste haadstik Piter Wildskut as haadpersoan útbylde wurdt, is er dat yn de oare haadstikken lang net. De ploech fan yndianen as gehiel is de haadpersoan fan it ferhaal; om't de auktoriale ferteller net ien fan harren útbyldet as de eigentlike haadpersoan, kin de lêzer him ek net mei ien fan de jonges yn it bysûnder idintifisearje. Neist de yndianen as haadpersoan spylje yn guon haadstikken oaren in sintrale rol: bygelyks Ime de Fos de brânstifter, de hûn Nimrod, lytse Rein Hylkema mei de wite knyn en syn sike suske Rim. Op it twadde plak: it oanelkoar riuwen fan aventoeren dy't gjin sterk ynhâldlik ferbân meielkoar hawwe. De jonges soenen op de beskreaune wize noch ytlike simmers trochboartsje kinne. Dat hat de skriuwer har dan ek dwaan litten yn it ferfolch op dit boek: Nije aventoeren fan de jonges fan Gaasterlân (1950). Logyske fraach is fansels wêrom't dat boek fan Inne de Jong net as in klassyk berneboek oanmurken wurdt. Fanwegen de literêre aspekten (struktuer, perspektyf, útbylding haadpersoan) ferwachtsje ik, dat Sipke en ik en De jonge priiskeatser langer as ‘klassyk’ Frysk berneboek oanmurken wurde sille as Jonges fan Gaasterlân. Der binne genôch maatskiplike faktoaren om Jonges fan Gaasterlân op te nimmen yn de rige fan klassike berneboeken: it is de earste útjefte fan de yn 1940 oprjochte boekeklub ‘Us Fryske Berneboek’. De skriuwer wie al | ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 230]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
bekend as Frysk dichter fan de bondel Harstwiich (1939), dêr't er nammers ek it moaie Gaasterlân yn besongen hie. Nei it sukses fan Jonges fan Gaasterlân hat er in ferfolch skreaun, Nije avontoeren fen de jonges fen Gaesterlân (1950) dat fansels it earste wurk dêrtroch ek wer in bytsje klassiker makket. Letter hat er noch twa jeugdboeken oerset, ntl. De hûn fan de Baskervilles (1960) en Alaska-estafette (1961). It meast bekend is er lykwols wurden as dichter foar grutten en bewurker fan de Kwatrinen fan Omar Khayyam (1965). Wurdearring foar syn jongesboeken hat Inne de Jong wol krigen. Piebenga hâldt it by de opmerking: ‘De leafde foar it gea fan syn jonkheit hat De Jong útskreaun yn in pear moaije jongesboeken (Piebenga 1957: 255). Anny de Jong seit it yn Tekst en Utlis sa: ‘It is in útsûndering as lyryske dichters tagelyk knappe fertellers binne. Inne de Jong is sa'n útsûndering; dat hat er bewiisd mei syn treflik jongesboek fol spanning en aventoer mar ek mei in poarsje suver bernlik sentimint.’ Yn har tige beheind oersjoch ‘Het Friese jeugdboek’ yn Van wormcruyt met suycker tot jeugdliteratuur (1973) jout Durkje Rienks-Wallinga rojaal omtinken oan Inne de Jong: ‘“Jonges fan Gaesterlân” met het vervolg “Nije aventûren fan de Jonges fan Gaesterlân” behoren tot de uitschieters. Inne de Jong heeft hierin al zijn liefde voor Gaasterland vorm gegeven. Deze draagt hij op de lezer over door de wijze, waarop hij vier opgroeiende knapen deel laat hebben aan het leven ook van de volwassenen in een tijd toen de lijstervangst nog bloeide en de klop van de eikschillers door de bossen klonk’ (Rienks-Wallinga 1973: 177). | ||||||||||||||||||||||||||||||||
De tsien fan Martens Afke(oarspronklik yn it Nederlânsk 1903; fyftichste werprintinge 1989; yn it Frysk oerset 1957, werprinte 1965; op 'e nij yn it Frysk oerset 1989, en datselde jiers noch twa kear werprinte) | ||||||||||||||||||||||||||||||||
De jonge priiskeatser(1939; werprinte yn 1953, 1970 en 1985; yn it Nederlânsk oerset 1932, njoggende printinge 1981)
Fan de fiif Fryske jongereinboeken dy't yn it ûndersyk fan L. Pietersen it faakst neamd waarden as antwurd op de fraach: ‘Kunt u misschien ook de titel en eventueel de schrijver noemen van een Fries jeugdboek, waaraan u bijzonder gehecht was?’ binne twa troch Nynke fan Hichtum skreaun. Sy is sûnder mis de meast bekende en meast lêzen ‘Fryske’ skriuwster fan berneboeken út de earste helte fan dizze ieu. Ut it feit, dat Afke's tiental earst yn 1957 yn it Frysk oerset | ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 231]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
is en dus troch fierwei de measte minsken dy't oan it ûndersyk meidien hawwe, yn har jeugd yn it Nederlânsk lêzen is, en út it feit, dat Pietersen yn syn ûndersyksferslach de Nederlânske titel Jelle fan Sipke-Froukjes brûkt yn stee fan De jonge priiskeatser, kin men de konklúzje lûke, dat dy beide boeken troch de sljochtwei lêzers as ‘Frysk’ boek oanmurken wurde, likefolle oft sy dy yn it Nederlânsk of yn it Frysk lêzen hawwe. De lêzers hâlde dus gjin rekken mei it formele ûnderskied, dat Afke's tiental net ta de oarspronklik-Fryske berneliteratuer heart, en De jonge priiskeatser wol. De jonge priiskeatser is earst yn it Frysk skreaun, mar de boekútjefte ferskynde sân jier letter as de Nederlânske (Breuker 1989). Dat lêzersgedrach rjochtfeardiget in fergeliking tusken beide boeken as ‘klassike Fryske’ berneboeken. De struktuer fan Afke's tiental is kompakter as dy fan De jonge priiskeatser. It ferhaal yn De tsien fan Martens Afke duorret net langer as in healjier en rint fan de kâlde winter dy't foar earme minsken djoer is, oant en mei in fleurige, soargeleaze simmerske dei op it wetter. De lokaasje is frij beheind: it ferhaal begjint en beslút yn 'e keamer dêr't mem Afke ek de measte tiid fan it ferhaal bliuwt, de húshâlding bliuwt by honk, de aventoeren spylje har foar in grut part yn 'e keamer, yn 'e tún of yn 'e omkriten ôf, heit Marten fertelt de ferhalen oer Japik Ingberts yn 'e keamer; Sytske en Baukje meitsje de fierste reis: hielendal nei Ljouwert, dêr't se al gau sa ûnwennich fan thús wurde, dat fan útfanhûzjen by Wypkje har mefrou neat telâne komt; nei de boatreis fan in dei komme de bern mei heit wer feilich by mem thús. De gearhing tusken dy rige sketsen wurdt bepaald troch de beheinde tiid, de konkrete lokaasje en de iene húshâlding; mar benammen troch de gearhing yn tematyk: de leafde fan in mem foar har bern. It is in typearjend foarbyld fan in boek oer in húshâlding. Opmerklik is, dat net ien bern of in ploechje kammeraten de haadpersoan útmakket, mar dat de lêzer him yn ôfwikseling idintifisearret mei bern fan ferskillende jierren. Faaks is dit literêr besjoen wol it knapste fan it boek: hoewol't it perspektyf noait by de eigentlike haadpersoan Afke leit, wurdt sy folslein autentyk en oertsjûgjend útbylde troch de minsken om har hinne. It klassike karakter fan De jonge priiskeatser sit him earder yn de útbylding fan ien dúdlike haadpersoan, in rjochte en sljochte Fries, dêr't de jonge lêzers dy't fan hûnen, fan keatsen én fan har mem hâlde, har maklik mei idintifisearje kinne. It is dan ek in echt jongesboek. De struktuer dêrfan is sa hecht net as dy fan De tsien fan Martens Afke. It ferbân tusken de ferskillende ferhalen en aventoeren dêr't Jelle de haadrol yn spilet, is net earlik sa oertsjûgjend. It ferhaal beslút as in | ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 232]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
mearke: de keatskening Jelle kriget syn prinsesse Aaltsje! It ferhaal spilet him ôf yn Fryslân, de ferhaalromte is frij konkreet oanjûn en bliuwt beheind ta it doarp Njoggenhuzen yn de omkriten fan Dokkum en (oan de ein) Frjentsjer. De fertelde tiid duorret frij lang foar in berneboek: Jelle groeit op fan in jonge fan in jier as alve, tolve oant in jong folwoeksen keatser fan amperoan tweintich jier. Jelle moast wol sa âld wurde, om't Nynke fan Hichtum him wer mei syn kammeraatske Aaltsje yn kontakt bringe woe by gelegenheid fan it ‘Frjentsjerter keatsen’. De freulepartij foar jonges yn Wommels waard yn 1903 foar it earst spile, dat dy wedstriid koe Nynke fan Hichtum net brûke foar it kontakt tusken Aaltsje en Jelle. It ferhaal spilet him ôf om 1870 hinne, dus fier foar de tiid dat it boek skreaun waard; De jonge priiskeatser ferpleatst de lêzers dan ek nei in tiid dy't makliker romantisearre wurde kin as de eigen tiid. De tsien fan Martens Afkes spilet helte dúdliker yn de eigen tiid. De earmoed yn De tsien fan Martens Afke is in hiel wêzentlik motyf yn it boek, mar dochs bliuwt it in grut-minske probleem dat gjin eksplisite ynfloed hat op de beropskar of libbensrin fan de bern. Dy earmoed wurdt tekene as in fanselssprekkend part fan it bestean, sûnder ferbittering of opstannigens, mar ek net idealisearre. Dat is wat mear it gefal yn De jonge priiskeatser; Breuker seit dêrfan: ‘In oar minder sterk punt foarmet de wat al te idealisearre beskriuwing fan de earmoed yn de foarige ieu’ (Breuker 1989: 59). Der sprekt foarútgongsleauwe út de wurden fan heit Sipke: ‘jimme bern sille it wer wat better krije as jimme sels, en sa fuort hinne, krekt salang, oant der gjin earmoed mear yn 'e wrâld is’; dy wurden wurde noch fersterke troch de flashforward fan de auktoriale ferteller dy't dêr fuort op folget: ‘Dy wurden kamen Jelle efternei, doe't er sels troud wie, faken yn 't sin, en dan sei er tsjin syn wiif: “Us heit hie gelyk, ús bern hawwe 't alwer better as wy it hân hawwe, en dy sille der ek wol foar soargje dat har eigen bern en bernsbern it altiten noch wer better en rommer krije”’ (útj. 1985, s. 219). Dy foarútgong wurdt lykwols net neistribbe troch te learen. As Jelle hast fan skoalle kin, wol master him fierder leare litte om skoalmaster te wurden, mar dêr kin neffens heit neat fan komme; Jelle moat mei fertsjinje om it mem wat makliker te meitsjen. Dêr hat Jelle sels alhiel frede mei: ‘Wel ik haw der ommers al lang sin oan hân, om in pear sinten te fertsjinjen, dat wit de boerinne dochs wol. No ja, leare, dat hie 'k ek wol graach wollen, mar arbeidzjen liket my dochs folle moaier ta’ (s. 184). Foar de publikaasje yn boekfoarm hie dit boek al grutte kâns om oanmurken te wur- | ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 233]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
den as ‘klassyk’ berneboek: it wie al earder yn it Frysk yn ôfleverings yn de krante publisearre, en as boek yn it Nederlânsk. It wie sawat it lêste oarspronklike boek fan in tige ferneamd skriuwster en nei-fertelster fan wurk fan oaren. Boppedat waard it boek opfleure mei tekeningen fan Tseard Bottema dy't bydroegen hawwe oan it klassike karakter fan it boek, alteast fan de Fryske ferzje. Afke's tiental wie mei de tekeningen fan C. Jetses en letter dy fan J.H. Isings al lang in ‘klassyk’ berneboek yn it Nederlânsk, èn in ‘klassyk Frysk’ berneboek, foardat de Fryske oersetting ferskynde mei de tekeningen fan Tseard Bottema. It typysk-Fryske karakter fan dy oersetting, fan De jonge priiskeatser en fan Der wie ris in âld wyfke (1908) wurdt nei myn smaak wol tige stipe troch de tekeningen fan Bottema. | ||||||||||||||||||||||||||||||||
Moarke
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 234]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
J. Visser-Bakker 1980: 34). De gearhing tusken dy aventoeren is net grut, dat it oantal haadstikken en de folchoarder is minder fan belang as by in boek om sels te lêzen. Moarke hat yn 1938 yn ôfleverings stien yn it wykblêd Sljucht en Rjucht, de foargonger fan Frysk en Frij. Foar de minsken dy't de aventoeren fan de swarte kat yn it boek Moarke fuort nei de oarloch nochris wer lêze koenen, wie dat ek in weromsjen nei de jeugdjierren fan foar de oarloch. Foar lettere generaasjes keapers en (foar)lêzers spilet grif ek jeugdsentimint mei. Sokken sljochtsje it âldwivige taalgebrûk en it (lytsboargerlike) hâlden en dragen fan Moarke wol oer. De skriuwster hie al earder berneferhalen skreaun, bygelyks De teltsjes fen de komkommerploech (1938), en fierders namme krige as toanielskriuwster. De njoggentjin tige realistyske tekeningen fan Sj. Kuperus hawwe fansels ek tige bydroegen oan it sukses fan dit boek. | ||||||||||||||||||||||||||||||||
Persoanlike noat: De kar
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 235]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
Krekt as Jelle libbet Kei yn in húshâlding dy't sunichoan moat. Krekt as Jelle, komt Kei fan de legere skoalle ôf. Foar him is de beropskar (trochleare foar skoalmaster of nei de boer) wol in eksistinsjeel probleem. De earmoed-problematyk fan de minne tritiger jierren wurdt eksplisiter belibbe troch Kei as troch Jelle om 1870 hinne; de soargen fan heit en mem meitsje dat Kei sels beslút om net troch te learen, mar nei de boer te gean. Dochs hat it boek in iepen ein: de lêzer priuwt de twivel dy't Kei bekrûpt as er de earste deis op it lân stiet en nei de oare jonges sjocht dy't op 'e fyts nei de Mulo geane. Foar my persoanlik heart De kar omreden fan it personale perspektyf, de tematyk en beskriuwingskeunst perfoarst ta de klassike berneboeken yn it Frysk. | ||||||||||||||||||||||||||||||||
BeslútOp de foargeande bledsiden haw ik it ien en oar nei foaren brocht oer âldere Fryske berneboeken dy't yn de rin fan de jierren bekend bleaun binne. Der binne yn it ferline fansels ek boeken heech wurdearre dy't no folslein fergetten binne. It is ferliedlik om in stikmannich boeken dy't hjoeddedei hiel bekend binne en tige priizge wurde, bygelyks troch de Simke-Kloostermanpriis en de Europeeske berneboekepriis, mei deselde fragen te bestudearjen. Yn prinsipe kinne eigentiidske boeken mei deselde kritearia fan Klaus Doderer dy't yn dit artikel brûkt binne, analysearre wurde. Wy sille lykwols ôfwachtsje moatte oft eigentiidske Fryske boeken dy't op it heden o sa yn 'e swang binne, oer fjirtich, fyftich jier as ‘klassyk’ oanmurken wurde sille. Ik tink dêrby oan boeken lykas Cap Súd (1980) fan Reinder R.R. van der Leest, Swart op wyt (1985) fan Akky van der Veer en Bartele Bûse (1988) fan Berber van der Geest, dy't alle trije tige priizge binne en ek alle trije de Simke-Kloostermanpriis krigen hawwe. Cap Súd en Swart op wyt binne jongereinboeken dy't eins net goed fergelike wurde kinne mei Sipke en ik of De jonge priiskeatser; der leit in heale ieu tusken wêryn't de wrâld gâns feroare is, en wêryn't ek de bern en jongerein gâns folwoeksener wurden is, alteast yn de boeken. Cap súd en Swart op wyt binne ek yn dy sin ‘folwoeksen’, dat der gjin plaatsjes yn steane. Bartele Bûse is krekt wol in berneboek, en wol foar de jongere bern. Dat boek soe wolris klassyk wurde kinne as foarlêsboek. Yn dy funksje soe it mei de oare boeken fan Berber van der Geest hiel goed it plak fan Moarke en fan Jonges fan Gaasterlân oernimme kinne. De yllustraasjes fan Laura Tietjens foarmje sasear ien gehiel mei it ferhaal, dat dy op 'en doer ek bydrage oan it klassike karakter fan dat berneboek. | ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 236]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
Oer de funksje fan tekeningen yn en omslaggen fan jeugdboeken foar de wurdearring troch de jonge lêzers binne gjin systematyske gegevens bekend; mar wy kinne mei de klompen wol oanfiele, dat it omkaft en de yllustraasjes in bepaalde rol spylje by it keapjen, lienen, lêzen en op 'e nij lêzen fan boeken. Yllustraasjes hawwe dus ek ynfloed op it takennen fan it etiket ‘klassyk’ oan berneboeken. Hoe't dat ek wêze mei, ik leau, dat ik net fier mis wêze sil, as ik oer dy trije boeken it oardiel útsprek, dat Jant Visser-Bakker formulearre hat oer de ‘evergreens’ Moarke en Jonges fan Gaasterlân: ‘Dizze beide fryske boeke hawwe dat hwat in berneboek foar altyd wearde jowt, karakter lit ik mar sizze’ (Visser-Bakker 1980: 34). | ||||||||||||||||||||||||||||||||
Brûkte literatuer
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 237]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||
1 Safier my bekend is oant no ta gjin Nederlânske priis foar BJL ea takend oan in Frysk boek. Wol hat de oersetting fan Swart op wyt op de Vlag- en wimpellijst stien. Fierders binne de folgjende boeken mei eare neamd by de ynternasjonale Premio Europea di Padua: It Abee fan Boukje, Swart op wyt en Bartele Bûse. 2 Kanonfoarming yn de offisjele literatuerskiedskriuwerij (besprekken, it neamen yn de literêre hânboeken) is der wol yn de foarm fan haadstikken oer de Fryske BJL yn de Nederlânske hânboeken en neislachwurken lykas Wormcruyt met suycker (1950), Van wormcruyt met suycker tot jeugdliteratuur (1973) en it Lexicon van de jeugdliteratuur. It is tige spitich, dat gjin oersjoch fan de Fryske berne- en jongereinliteratuer opnommen is yn it nijste hanboek: De hele Bibelebontse berg. De geschiedenis van het kinderboek in Nederland en Vlaanderen van de middeleeuwen tot heden (1989).
3 Om't yn it ferfolch-ûndersyk fan D. Gorter e.o., Taal yn Fryslân (1984) dy fragen net werhelle binne, kinne boeken fan nei 1967 net op deselde wize yn it te ûndersykjen korpus opnommen wurde. |
|