| |
| |
| |
Mindert Wynstra
Merkedei
Pier lavearre stadich fytsend om de wite streken hinne, dy't it fytspaad yn twa helten dielden. Hy besocht him op it ritmyske slingerpatroan te konsintrearjen om sa even it trelit te ferjitten dat er niiskrekt op skoalle teweechbrocht hie. Mar dat slagge him net. Fal dea - fal dea - fal dea bûnze it troch syn kop yn itselde ritme weryn't er elke kear it stjoer omgoaide om net op 'e wite streken te kommen. Pas doe't er in lichte mislikens opkommen fielde, hold er op fan slingerjen. Mar nammerste hurder kaam it byld wer by him boppe. ‘Fal dea!’ Hy hie it der samar útflapt, wat binnenmûlsk, hast ûnfersteanber, tocht er, mear foar himsels as foar dy fint, mar Wolters hie it blykber hearre kinnen, of hearre wollen, want hy moast it nochris sizze. En dat hie er dien. Stomgenôch! En Wytse hie him stikke litten. Dat wie him raar ôffallen. Dy hie mar wat stom stien te gnizen en neat sein. Wylst Wytse hast alles fan hím oerskreaun hie en net oarsom. Mar hý hie in ien krigen, om't er spykt hie neffens Wolters.
In ien foar wiskunde. Pier wist dat er dat ûnmooglik mear ophelje koe en mei in fiif foar Frâns en Dúts betsjutte it dat er sitten bliuwe soe. Dat hie er fuort wol foar it ferstân hân en dêrom hie er him even gean litten. ‘Fal dea om myn part,’ hie er de twadde kear sein, no stadich en dúdlik.
Wolters hie noch even mei him by de direkteur lâns west, mar hy koe ynpakke, nei hûs, en hy hoegde fan 'e middei ek net wer te kommen. Moarn... as er syn ekskuzes oanbiede soe, miskien.
Pier wie der ôf. Hy wie net wend dat er útkaffere waard en joech dêr ek noait oanlieding ta. Hy wie earder in wat stille jonge, dy't altyd trou syn wurk die en net dwers wie yn 'e klasse. Hy mocht wol graach nei skoalle gean en hold fan lêzen en muzyk. Pier fytste noch stadiger no. Der waaide in waarme soele wyn. Hy stapte ôf en sette de fyts yn 'e berm om syn jekje út te lûken. De swietrook fan oerfloedich bloeiende kamperfoelje waaide him om it gesicht, mar hy murk it amper op. Hy stinde der op om, hoe't er it syn mem fertelle soe. It sittenbliuwen koe er better noch mar even net oer prate.
Hy stiek de dyk oer, naam de langste wei nei hûs en roaide dat er krekt om iterstiid thúskomme koe as er stadich trochfytste.
| |
| |
De tsjerketoer sloech tolve, doe't er de Parkstrjitte ynried. Syn each foel fuort op it blauwe bestelweintsje, dat foar it hûs stie. Fan fierren koe er de grutte goudkleurige letters al lêze: STEILE WAND - STUNTTEAM RIGOLETTI.
Pier syn tante Janny neamde harsels Janine, sûnt se by in stuntteam fan motorriders hearde en mei in steile wandattraksje de merken ôfreizge.
Se hie hast gjin gedoente mear mei har famylje, want se wie altyd ûnderweis, mar hiel inkeld, as se op 'e merke yn Ljouwert stienen, kaam se wol ris del. Pier hie noch noait in steile wand sjoen. De merke by harren op it doarp wie net grutter as in sjittinte en in sweef, mar syn fantasije wie troch de jierren hinne ryklik fuorre troch de ferskining fan Janine. Sy like út in oare wrâld te kommen mei har fûnkeljende swarte eagen en har sniewyt hier, har gouden ringen en har klean yn bûnte, felle kleuren en sy fuorre him mei ferhalen oer stunts en keunsten dy't syn ferstân te boppe gongen.
Se hie in famke, amper like âld as hy, dat koe al motorride, ear't se fytse koe. Hy hie har ien kear sjoen, mar dat wie hiel lang lyn. Der gie fan syn tante in betsjoening út, dy't al dreamen yn him wekker makke doe't er noch mar sa'n jonkje wie. En likegoed no noch, no't er fjirtjin jier wie en wist dat it in wrâld wie fan skyn en klettergoud, fielde er dy opwining wer en dat langstme nei dy wrâld fan sigeuners en artysten.
Hy fytste achterom en trape even hurder noch, want hy wie benijd en hope dat syn tante noch even bliuwe soe. Mei it ferhaal fan skoalle hoegde er no net oan te kommen.
De keamer stie blau fan de reek. Syn tante kaam oerein en stiek him de hân ta.
‘Ha Pierke, fijn om dy wer te sjen. Hoe is 't mei dy?’
‘Goed,’ sei er.
‘Pier komt aanst al wer yn de tredde klasse,’ sei syn mem.
Hy knikte mar wat. Doe earst seach er it fanke sitten op 'e bank: itselde ljochte hier as syn tante, útkamd ta in grut wyld bosk. Har dûnkere eagen hie se mei pears opmakke, mar, oars as syn tante dy't licht en pezich wie, seach sy der swier boud út. Se wie grut en stevich en de klean sieten har strak spand om de tsjokke rûne foarmen en se die gjin war om dy te kamûflearjen.
‘Dit is Trudy,’ lake syn tante, ‘froeger hat se hjir ek al ris west, mar dat witsto grif net mear. Doe wienen jim noch sa lyts.’
Pier skodholle.
‘Trudy siet earst op in ynternaat, mar dat is no foarby... no ja, foarlopich dan.’
It fanke gnyske wat.
‘Se helpt ús op 't heden yn 'e kassa en sa.’
| |
| |
Trudy kaam oerein en joech him de hân. ‘Hoi.’
‘Hoi, Pier,’ stelde er him foar.
‘Ja, dat wist ik dus al.’ Se lake wat smeulsk. It fanke wie wol in kop grutter as Pier. Se rûn de keuken yn. Hy seach hoe't se de klean strak luts ûnder in brede, swarte riem.
‘Lit Trudy de tún mar even sjen, dyn kninen en sa,’ sei syn mem, ‘sy wol der miskien noch wol even út. Meitsje wy de tafel gau ree. Do moatst aanst op 'e tiid wer nei skoalle.’
‘Hast kninen?’
Se rûn foar him út de tún yn. Har hege hakken sakken wei yn it gers. Se skopte de skuon út.
‘Wat leaf,’ sei se, ‘kinst se aaie?’
Hy makke it hok iepen en pakte de âld mot by it nekfel. Se naam it bist fan him oer en krige it op 'e earm. Pier seach, hoe't de knyn stiif tsjin 'e wuiving fan har boarsten krûpte. Trudy seach him even oan, doe sloech se de grutte swarte wimpers del. Pier seach yn it ljocht fan de sinne, dat se net echt wienen, mar op har eachlidden plakt sieten. Har earmbannen makken in fyn tinkeljend lûd, doe't se it bist oer de rêch aaike. Se hie lange, blaupearse neilen, seach er, ek net echt. Wylst se de knyn, dy't begûn te spinfuotsjen, werom yn it hok sette, hong se even by Pier op it skouder. Hy fielde de sêfte druk fan har boarsten en de waarmte fan har lichem troch de klean hinne.
‘Ik hie op it ynternaat in eigen knyn,’ sei se, ‘teminsten, ik mocht him dêr fersoargje, mar se ha my der ôftrape.’ Se lake even en begûn in sjekje te draaien. ‘Ik hoopje mar, dat de oaren der wat om tinke.
Dat bist is de ienige oer wa't ik noch wol ris yn sit. Hast ek fjoer?’
Se stie lyk foar him.
Pier skodholle. ‘Ik rook net... noch net.’ De lucht fan rûkersguod hong om har hinne. Se folde de hiele tún mei har oanwêzigens. Hy fielde in wûndere sensaasje. Der gie fan har noch mear betsjoening út as fan har mem. Hy rûn har nei de keuken yn.
‘Ik gean fan 'e middei nei de stêd,’ tocht er, ‘nei de merke.’
De tiid foel him net ôf. Hy hie mei de wyn yn 'e rêch hurd oantrape. It hie krekt twa oere west, doe't er de stêd ynried. Hy taaste even nei it jild. De bûse hong der swier fan. Hy hie de hiele koker mei fiifgûnemunten der yn rûgelje litten, sûnder dat syn mem it fernommen hie. Hoefolle it wiene, hie er ek net mear teld. Hy hie se yn in healjier byinoar garre mei it rûnbringen fan reklamekranten, trije kear wyks. Allinnich fiifkes hie er garre. It moasten der mear as tweintich wêze, mear as hûndert gûne. In soad jild, mar dat koe him op dit stuit neat mear skele. It wie syn eigen en hy gie nei de merke!
| |
| |
Fedde en Jeep hienen de hiele moarn al op it merketerrein omseurd. Se wienen net nei skoalle gien, mar daalk nei de stêd riden. De earste merkedei soe har net ûntkomme.
Hast alle spullen hienen noch yn opbou west fan 'e moarn. Se hienen der wat op 'e brommers tusken omflein, oant it merkefolk har nocht hân hie.
Jeep hie in slinger oan 'e kop krigen fan de man fan de sweef. Doe hienen se noch besocht om hjir of dêr in hantaast te helpen yn 'e hope wat frijkaartsjes fersiere te kinnen, mar gjinien hie ferlet fan dizze mannen hân.
Fedde wie in grouwe fint, krekt santjin wurden, mei in grut bosk fet hier, dat him slûk by de holle del hong. Hy lispele, want hy miste in pear tosken út syn boppegebit.
Jeep, of Piggy sa't er troch syn maten neamd waard, wie like âld, mar folle finer as syn freon. Hy wie lang en meager en hie it hier yn stikeltsjes skeard mei noch in matsje yn 'e nekke. Hy hie in wipnoas en syn noastergatten stieken wat nei foaren. It die wat tinken oan in bargesnút en dêr hie er ek syn bynamme oan te tankjen.
Fedde en Jeep kamen út itselde doarp as Pier en sieten op 'e selde skoalle, mar op in oare ôfdieling en mear as de helte fan de tiid wienen se der net. Sûnt se beide in brommer hienen, toerden se geregeld nei de stêd en hongen dêr wat yn in gokhal om of rausden mei de brommers troch it winkeljend publyk. Se hienen nocht oan ûnnocht.
Net alle spullen gongen de middeis daalk al iepen, mar guon wol. Fleurige muzyk en jankende sirenes lokken minsken nei de merke. It reuzerêd wie ien fan de earste grutte attraksjes dat begûn te draaien.
Dêr kaam ek wol wat folk op ôf. Meast jonge memmen mei lytse bern dy't net nei skoalle hoegden en âldere pearkes dy't foar de drokte út even oer de merke woenen. Fedde en Jeep bedarren ek yn it reuzerêd, mar it gie harren lang net hurd genôch. Se raasden en flokten earst wat nei de minsken ûnder, mar dy lutsen har der neat fan oan. Doe begûnen se te flybkjen en te goaien mei stientsjes en peukjes dy't se ûnder it bankje yn de gondel fûnen.
It waaide wat te hurd om guon te reitsjen, mar de minsken yn de bakjes foar en achter harren sieten neat net noflik. Doe't it rêd yn de lêste rûnte noch stadiger begûn te draaien om de earsten der wer út te litten, hongen Fedde en Jeep krekt boppe yn. Se flokten en se tjirgen en Fedde begûn it bakje hinne en wer te wrikken. It woe wol skommelje en yn in omsjoch slingeren se as in touter hin' en wer. Bern achter en ûnder har raasden moard en brân, mar dat fitere de maten allinnich mar mear oan. Se laken en skuorden noch wat hurder ta. De oare gondels
| |
| |
begûnen ek al wat mei te skommeljen. Pas doe't der fan ûnderen mei de plysje drige waard, bûnen se wat yn.
Se wienen hast ûnder en sieten grutsk gnizend om harren hinne te sjen, doe't Fedde Jeep in dúst yn 'e side joech.
‘Hee... moatst dêr ris sjen!’ Hy wiisde. ‘Is dat net dat etterbakje fan Van Dyk?’
‘Ferdomd ja! Wat soe dy hjir moatte.’
‘Is er allinnich?’
‘Sa te sjen wol.’
Se seagen inoar in amerij oan. Doe sei Jeep: ‘Kom mei, wy kinne him wol even útknipe!’
Pier van Dyk stie oan it slot fan syn fyts te poarkjen. It wie ferset en hy koe it kaike der net út krije. Fedde en Jeep kamen fan achteren op him ta.
‘Hoechsto net op skoalle te sitten!’ bearde Fedde ynienen mei in swier lûd. Pier makke sawat in luchtsprong, sa skrok er. Doe't er seach wa't der achter him stienen, gniisde er mar wat en skodholle.
‘Fan 'e middei net,’ sei er.
Hy wachte even, doe sei er: ‘Se ha my fan skoalle stjoerd.’ Hy hope dat it wat yndruk meitsje soe op dizze jonges, dy't er net fertroude.
‘Soa,’ sei Fedde, ‘gefelisiteard, dan meist ús wol traktearje.’
‘Kom hjir mar mei dat fytske,’ sei Jeep, ‘dat wurdt sa neat mei dat slot.’
Hy naam him mei nei syn brommer, dy't mei in swiere ketting oan in peal fêst siet. Jeep makke it hingslot los en lei de ketting troch it tsjil fan Pier syn fyts.
‘Sa, dy litte se wol stean. No Pierke, wat soest sizze fan de autoscooter?’
Se panderen it merketerrein op, Pier tusken de beide mannen yn dy't wol in kop grutter wienen as hy. Se wienen grif betûfte merkegongers, mar hy fûn der neat oan, dat sy har no daalk oer him ûntfermen. Leaver soe er sels wat op 'e merke omstrune en syn eigen dingen dwaan. Hy hie op skoalle noait gedoente mei dizze jonges en hie der no ek gjin ferlet fan.
Se soenen him aanst ek wol slite wolle, tocht er. Hy helle in fiifgûnestik foar 't ljocht.
‘Kinst in fiifrittekaart foar krije,’ sei Jeep, ‘jou my mar, ik ken dat fanke yn 'e kassa wol.’ Hy snipte de munt út Pier syn hân en stie al foar it glêzen hokje.
‘Do krigest hjir in muntsje,’ sei Fedde, ‘moat yn dat gleufke en dan kinst ride.’
Se sochten alle trije in weintsje en Jeep ferparte de muntsjes. It wie noch hiel rêstich, allinnich wat memmen mei lytse bern toerden der foarsichtich om. Pier moast even útfine hoe't it wurke, mar doe krige er de gong der yn.
Jeep en Fedde jagen út en troch wat tsjin him oan, mar wienen it grutste part fan de tiid mei har beiden yn 'e slach.
| |
| |
Doe't de sirene gong, waard Pier nei de kant ta dirigearre. Jeep en Fedde hienen noch in muntsje en toerden troch. Pier stapte op it plankier foar de autoscooter. Hy eage de merke ris oer. It foel him net ta. Hy hie it feestliker ferwachte as in drok beweech fan minsken, apparaten, kleuren en muzyk. Hy miste de geheimsinnige grutte tinten dêr't bjusterbaarlike keunsten fertoand waarden en dêr't fierliedlike lonkjende froulju de minsken hinne lokken.
Fan al dy bylden út syn dreamen fûn er hjir neat werom. Doe't er Trudy sjoen hie fan 'e moarn, hie er even miend dat it gjin betinksels wienen, mar dat dy wrâld ek echt bestie. No stie er wer mei beide fuotten op 'e grûn. Dit wie net feestlik en drok. Dit wie in deade boel. Mear as de helte fan de tinten wie noch ticht en grutte spullen stienen stil en dea te wachtsjen op wat klanten.
Hy rûn nei de tinte neist de autoscooter. Yn grutte glêzen bakken leinen klokjes, ringen, earmbannen en horloazjes, folle net genôch, en dêr mochtst yn grabbelje mei in griper. Hy fielde in earm op it skouder.
‘No, mar even in gokje, net? Do hast noch wol in pear sinten.’ Jeep tikke even op syn broeksbûse. Pier helle in gouden fïifke foar it ljocht.
‘Kinst wol wikselje,’ sei Fedde. De man yn de tinte hie al fiif gûnen yn 'e hân en lei se op 'e glêzen bak. Fedde en Jeep namen beide in gûne.
‘Sjoch, it is net sa moeilik,’ sei Fedde. Hy liet de gûne yn 'e gleuf rûgelje. ‘Sjoch earst mar even, hoe't wy dat dogge.’ Jeep stie oan 'e oare kant fan Pier en liet de griper al boppe de klokjes sakje.
‘Shit, dat skeelde neat!’
Fedde helle in sulveren ring omheech, mar doe't de griper boppe wie, foel it ding wer yn de bak.
‘Ferdomme,’ sei er, ‘it lukt my oars altyd. Noch ien kear dan.’
Hy pakte noch in gûne. Ek Jeep wie al wer dwaande. Pier liet sels de fiifde gûne yn 'e gleuf falle en drukte op 'e knop. Hy krige de griper handich boppe de earmbannen en ta syn eigen fernuvering helle hy der fuort ien út.
Fedde sloech him op 't skouder: ‘No moatst trochgean, jong! Do hast der slach fan.’
Pier fiske noch in fiifke út de bûse.
‘Hast oars net as sokke dingen?’ nokkere Jeep. Hy die wer in taast nei de bûse fan Pier. Dy die in pear stappen op side. De man yn 'e tinte lange him wer fiif gûnen oer. Se spilen alle trije fierder. Jeep slagge oan in wekkerke. ‘Noch ien priis,’ sei er, ‘dan kinst se ynruilje. Foar trije prizen meist wat útsykje.’
Pier, dy't net wist wat er mei dy earmbân oanmoast, wiksele op 'e nij fiif gûne.
| |
| |
It waard geandewei wat drokker op 'e merke. Der kaam no ek wat mear jongfolk opsetten. Fedde en Jeep hienen har eagen falle litten op in pear mokkeltsjes dy't joeljend yn 'e rûp rûnfleagen. Pier glûpte de Cake-Walk yn, mar doe't er in skoft letter oer de rolbaan nei bûten rûtste, stienen Jeep en Fedde him wer op te wachtsjen.
‘It is like djoer ast allinnich of mei syn trijen yn it reuzerêd giest,’ sei Fedde, ‘do betellest it per bakje.’
It rêd gie hiel stadich rûn, want hast alle gondeltsjes rekken fol. De mage begûn Pier wat te knipen mei't se heger kamen. Se hienen in machtich útsjoch oer de stêd, mar it lichte skommeljen fan de gondel joech him in frjemde pimpering yn it liif. De merke, fier ûnder harren, like no mar in lyts gewjirm fan tintsjes en spullen. En folle mear wie it ek net. Wat falske skyn. De muzyk en it getoeter ferwaaiden hjir ta lucht. Pier hie it wol besjoen. Hy gie aanst nei hûs.
Doe't se foar de tredde kear omheech gongen, begûn Fedde wer te skommeljen. Pier waard wyt om 'e noas en hold himsels stiif fêst oan it bankje. It begûn him te draaien foar eagen. ‘Hâld op, ferdomme!!’ raasde er. Jeep skode stiif tsjin him oan. ‘Wy wolle gjin gedonder,’ sei er.
Fedde sette noch wat mear oan.
‘Wy ha fan 'e moarn gewoan op skoalle west, begrepen?’
Pier knikte. It izer knarste en pipe ûnder it geweld fan Fedde. ‘En do ferlinkst ús net, jonkje!’
Minsken út it bakje achter harren rôpen dat se stil hingje moasten.
‘Hâld jimme de bek!’ rôp Fedde en raamde troch. Pier hie it gefoel dat er foel, sa dwyl waard er yn 'e holle.
‘Oars witte wy dy te finen,’ begûn Jeep wer, ‘hast dat goed begrepen?’
Fedde gie sitten. Hy hime der oer. Drippen hongen him oan 'e noas.
Pier rûkte de soerige switlucht fan de jonges dy't no deun tsjin him oansieten. ‘Hoefolle hast noch?’ frege Jeep. Pier kokhalze, hy wist it net mear.
Se sakken stadichoan wer yn it dekor fan de merke.
‘Ik wol aanst earst even sjen oft Miss Turbo Tits der al wer is,’ sei Fedde, ‘ik ha dy wein wol stean sjoen, by de steile wand.’ ‘De steile wand is ticht,’ flústere Pier.
‘Turbo Tits is net fan de steile wand,’ sei Jeep. ‘Nee, dy is mear fan de steile stang,’ skattere Fedde it út. Hy joech fan wille noch ris in bêste raam oan it bakje.
Doe't Pier wer grûn ûnder de fuotten fielde, sakke de dwilens wer wat ôf, mar hy hie syn bekomst. Hy woe hjir wei út it lawaai en geflikker om him hinne, út de lucht fan oaljekoeken en bakte fisk, dêr't er fan kokhalze.’ Hy suchte in pear kear djip.
| |
| |
‘Sa,’ sei er, ‘ik ha 't wol besjoen. Ik wol mar wer ris op hûs oan.’
‘Watte,’ begûn Fedde, ‘jonkje, it moaiste komt noch. Do hast noch neat sjoen. Kom mei!’
Pier skodholle en bleau stean.
‘Doch no net sa flau,’ sei Jeep. De maten rûnen in eintsje de merke op en praten even mei inoar.
‘Ik wol myn fyts ha!’ rôp Pier, ‘it wurdt my te let!’
Fedde rûn troch. Jeep kaam wer werom en lei de hân by Pier op 't skouder.
‘Moatst lústerje,’ sei er, ‘wy wachtsje noch op dy fint fan de sweef. Dy hawwe wy fan 'e moarn holpen mei opbouwen. Dêr krije wy noch jild fan. Hy wie no nei de bank, seinen se, mar hy kin hjir sa wer wêze. Sjoch, dan krigesto dyn sinten ek wer. Wy ha no ommers alles fan dý brûkt. Dat wolst dochs wol wer ha, net?’
Pier knikte.
‘No, dan moatst even geduld dwaan.’
Pier seach op it horloazje. It wie al healwei fjouweren en hy hie noch wol in oere fytsen. Hy wie no eins al te let.
Yn 'e fierte kaam Fedde wer oanpanderjen. Hy gnyske frijwat.
‘Is se der?’ frege Jeep.
Fedde knikte, ‘Tsien gûne, kom mei!’
Se rûnen de merke wer oer.
‘Kinst ús ek noch in tientsje liene, Pierke?’ frege Jeep, ‘do witst datst it wer werom krigest no?’
‘In tientsje?’
‘Ja, elk in tientsje. Dat hast noch wol. Mei in kertier hast it werom, dan is dy draaimolekoopman hjir wol wer.’
Jeep helle in pakje sigaretten út de bûse en stiek ien op. Doe hold er Pier it pakje foar. Dy skodholle en warde it ôf.
‘Wat wolle jim dan?’
Fedde nokkere wat. Jeep pakte Pier by't skouder.
‘Do witst wat wy ôfpraat ha, dêr boppen, hin?’ Hy knikte nei it reuzerêd.
‘It bekje ticht.’
Pier knikte.
‘No, yn dy wenwein dêre, dêr sit Miss Turbo Tits en dêr geane wy no even hinne.’
‘Joehoe!! Truus Turbo Tits!!’ jodele Fedde, ‘sokken, jong!!’
Hy hold de hannen in ein foar him ut, ‘foar in tientsje lit se se sjen.’
‘En meist der yn knipe,’ nokkere Jeep, ‘no, kom op. Ik gean earst wol.’
Jeeps hân glide Piers bûse yn. Hy grabbele seis fiifgûnestikken byinoar.
‘Krekt genôch’, rôp er, ‘foar ús allegearre!’
‘Ik hoech net,’ sei Pier, doe't it syn beurt wie, ‘ik wol nei hûs.’
‘Wat sille wy no ha,’ rôp Fedde, ‘dat giet samar net. Do silst der hinne, ferdomme.
| |
| |
| |
| |
Ik ha al foar dy betelle!’
‘Kom op, Pierke,’ sei Jeep en pakte him by de earm, ‘do wolst ek wol ris wat beleve net?’ Hy luts Pier mei nei it trepke fan de wenwein.
‘Lit my los!’ rôp Pier, ‘ik wol net!’
It swit briek him út. It wie krekt oft de muzyk en de toeters om him hinne ynienen losbrieken yn in hels lawaai. Hy besocht him los te skuorren. Hy soe net witte, wat er dêr moast yn dy wein, wat er sizze moast, wat er dwaan moast.
Fedde en Jeep hienen him no elk oan in kant beet en sleepten him de trep op.
‘Truus ben je thuus!’ raasde Fedde en skopte de doar iepen. Se treauwen Pier nei binnen mei sa'n gong dat er fuort in pear meter trochskeat.
Trudy siet op in learen bankje, achter yn 'e wenwein en kaam stadich oerein. Se lei de sigaret yn in jiskepantsje, knope it bloeske ticht en gie lyk foar Pier stean. Hy trille oer de hiele lea. Doe helle se út en sloech him mei de flakke hân lyk yn it gesicht.
‘Do goare, lytse fyslak,’ siste se, ‘donderje op!’
Se draaide har om en pakte har sigaret. Pier stroffele de wein út. Hy ferbiet de triennen, doe't er nei syn fyts draafde dy't foar âld izer oer it trotwaar lei.
Der stie noch in stive wyn en Pier moast der lyk yn op. Hy wie op healwei al deawurch en hy fielde him stadichoan beroerder wurden. Yn 'e lijte fan in boskje stapte er ôf. Wylst er tsjin in beam oan hingjend stie te spuien, stode de sike-auto mei in blau swaailjocht him foarby. Even tocht er oan Fedde en Jeep, dy't him krekt bûten de stêd foarbyjage wienen en mei de noazen op it stjoer út it sicht ferdwûn wienen. Doe hie er winske dat se harren te pletter ride soenen. No krige er ynienen bange fermoedens en skrok er fan syn eigen gedachten.
It hie al fiif oere west doe't er it doarp ynried. By de patattinte op it plein seach er Fedde en Jeep stean, noch op 'e brommers, tusken de oaren dy't dêr ek altyd omhongen. Hy koe suver even rommer sykhelje. Der wie harren dus neat oerkaam.
Jeep makke him los út de groep en ried yn in wide bocht op Pier ta.
‘Hast it al heard?’ rôp er fan fierren.
Pier skodholle en fytste troch. Jeep ried no mei him op.
‘Wolters is dea, dy wiskundeknakker. Is yn 'e gong op skoalle yninoar sakke. Se hawwe him noch al nei it sikehûs brocht, mar hy wie al wei. Hast de sikeauto net sjoen?’ Pier knikte ferwezen. Jeep joech gas.
‘Moarn frij, de hiele dei!! Joehoe!!!’ rôp er en in eintsje op it achtertsjil ridend draaide er it plein wer op.
| |
| |
Pier hie in kleur as in geast, doe't er de keamer ynstapte. Hy siigde op 'e bank del.
‘Wêr komsto yn fredesnamme sa let wei!’ fûtere syn mem, ‘en wat sjochst der út! Wat is der mei dy?’
‘Menear Wolters is stoarn fan 'e middei op skoalle,’ sei er, heal yn trance.
‘Sorry,’ sei syn mem, ‘it spyt my dat ik sa útfoel. Dat koe 'k net witte. Dat is my ek wat. Wat ferskriklik. Hoe koe dat samar?’ Pier luts oan 'e skouders. Hy die de eagen ticht en helle him de sitewaasje fan de moarns wer foar de geast.
Syn mem sette in kop tee by him del en aaide him even troch it hier.
‘Dan hoechst jûn ek net nei de merke, tink. Sjoch, ik hie wat frijkaartsjes krigen fan ús Janny. Ik tocht: al fêst foar dyn rapport.’ Se lange Pier de kaartsjes oer en skodholle. ‘De holle sil dy der no wol net nei stean, tink.’ Pier ferskuorde de kaartsjes ien foar ien en liet de snipers dwarrelje.
| |
Mindert Wynstra
Libben
31-12-1945 berne yn Drachten, opgroeid yn Lippenhuzen.
Earst lieder jeugd- en foarmingswurk yn Stiens, no direkteur fan de iepenbiere bassisskoalle fan Warns.
| |
Wurk
Begûn yn 1975 mei skriuwen. Skreau in ienakter foar toaniel, dy't troch de provinsje wurdearre waard mei in oanmoedigingspriis.
Letter berneboeken:
Kninekeutels yn it oerwâld - 1982
Tante Ka en oare ferhalen - 1986
(yn 'e mande mei oare skriuwers):
Heechterp en it geheim fan de stien - 1987
Foar jongerein:
Nul-Nul - 1988
Ferhalen yn Jongereinnûmer fan Hjir en yn in ‘misdiedbondel’, dy't yn 1990 útkomt.
In filmsenario foar in bernefilm:
De stilte fan Joachem - 1989
|
|