Jan set it op in draven. Heal stroffeljend en roppend ferdwynt er achter wat beamkeguod.
‘Hjirhinne!’ hearre de oaren him even letter roppen. ‘Ik haw him!’
Se fine him op knibbels by in man, dy't op 'e grûn sit mei beide hanne om syn rjochter ankel. Oan syn gesicht is te sjen dat er pine hat. It glimke dat er nei de bern stjoert, mislearret.
‘I have broken my leg,’ tsjirmet er.
Dat fersteane se. Dy earme man! Hjir moat holpen wurde, jawis, mar hoe?
‘Wy drage him mei ús fjouweren nei ûnderen,’ stelt Evert foar. Mei muoite krije se de man fan 'e grûn en witte op itselde stuit, dat it neat wurdt.
‘Fiersten te fier,’ seit Harm.
‘En fiersten te steil,’ stimt Harm mei.
De pasjint kreunt, as se him foarsichtich wer op 'e grûn sette.
‘Wy moatte help helje. In pear fan ús bliuwe hjir, de oaren moatte de heiten helje,’ makket Evert út. ‘Wa?’
Nei in pear tellen binne Jan en Harm al nei de camping, want dat is it tichtstby bekende punt.
‘Treast him mar in bytsje!’ ropt Jan oer syn skouder nei syn suske.
Dat is maklik sein, tinkt Neeltsje. Hoe moat se yn it Ingels ien treaste? Of moat se him mar ris oer de holle strike? Dat doart se net. By de yngong fan de camping stiet Jan syn heit, mei in gesicht fan sân dagen ûnwaar. ‘Hoe lang duorret by dy in oere?’ byt er Jan ta. ‘En wêr is...?’
Mar Jan hat it net oan tiid om rabbelemintsjes oan te hearren. Fluch leit er de situaasje út.
Fuort is heit. Hy draaft nei it campinggebou. Binnen in pear menuten is der aksje. Sân, acht man steane al klear mei in draachberje dy't opteard wurde kin. It binne Switsers, se kenne it klappen fan 'e swipe wol.
‘Jim foarop,’ seit heit koart.
‘Foarsichtich hear!’ Dat is mem, dy't ûnderwilens ek fernommen hat dat der wat te rêden is.
In bytsje grutsk wize de jonges de wei. Se fiele har belangryk.
Neeltsje en Evert sitte trou op harren post, as de ploech oankomt. De Ingelsman sjocht bliid en wiuwt nei syn rêders mei syn frije hân, wylst er de oare noch altyd om syn ankel hâldt.
Sûnder folle praatsjes lizze de Switsers de ûnfortúnlike klimmer op 'e berje en begjinne linich oan de weromreis.
By de camping stiet al in ambulânse te wachtsjen.
‘Hast wat fergetten, Jan!’ gniist Evert.
‘Do hiest ‘Grüsse’ sizze moatten, doe'st ús seachst.’