Willem Tjerkstra
De kondoomrees
‘Ik bin Simon, homo en aidspasjint.’
It wurdt deastil yn it lokaal. Rob, dy't op ien fan de efterste banken wat ûnderút hong, skoot rjocht op de stoel. Efter de tafel, foaryn de klas, sitte de trije foarumleden: dokter Bakker, in ferpleechkundige, dêr't er de namme fan fergetten is en Simon, meager en skier om de holle. Se binne hjoed op skoalle útnoege om oer aids te fertellen.
‘Jim wolle witte, hoe't ik it krigen ha...’ It lûd fan Simon klinkt heas, mar sûnder wifel deryn.
Hy leit de linker hân ûnder de holle en glimket.
‘Ik ha in protte freonen en geregeld gie ik mei ien op bêd, it wie faak in oaren. Soms sûnder kondoom, dat sadwaande. Ik wol hjir net as in sedepreker sitte... jongelju, sjoch nei Simon, brûk in kondoom, want oars krigest aids. Jim krije fan my ynformaasje en fierder draacht elkenien sels de ferantwurdlikheid foar syn libben en dat fan oaren... binne der noch fragen?’
Rob sykhellet djip en sakket wer ûnderút. Hy is de lêste dy't in fraach stelle sil, mar wat dy Simon seit, rekket him djip. It learen giet him bysûnder goed ôf en op seksueel gebiet wit er it measte ek, alteast yn teory, mar de puzzelstikjes fan syn eigen lichem hat er noch net allegearre teplak.
‘Wêrom hast net altyd in kondoom brûkt?’ It is Bouke dy't de earste fraach stelt.
‘Kinst dy yntinke datst safolle mei in freon op hast, wierskynlik foar dy in freondinne, datst dy alhiel oerjoust? Der hawwe foar my mominten west dat ik bewust it risiko nommen ha, dat ik om sa te sizzen foar ien stjerre woe. Of is dat foar in hetero oars?’
Simon syn eagen glide by de banken lâns. It bliuwt frjemd stil yn it lokaal.
‘Libben, leafde en dea lizze op ien line en ik bin fan it iene yn it oare gliden... ferdomme, no krije jim wol in preek!’
‘Hast der spyt fan?’ freget Janny.
‘Nee, mar ik meitsje der ek gjin propaganda foar.’
Rob fielt in frjemde spanning, dy't him waarm makket en oandriuwt ta in fraach, hokker fraach kin neat skele. En as Simon nei in antwurd de eagen wer fan de iene nei de oare glide lit, freget er: ‘Bist ek bang foar de dea?’
‘Ik soe lige, as ik nee sei, mar ik ha fan it libben geniete, in pilske dronken, de leafde