fan it ammerke goed oersljochte is, rint er wer hastich fierder.
Yn 'e fierte sjocht er de weinen stean. De hynders steane rêstich byinoar; de azem is goed te sjen. Mei in wide bôch rint er om it kamp hinne en berikt it wer fan d' oare kant. Syn wein stiet as lêste en hoeden slûpt er derhinne. It ammerke set er op 'e bok. It stiet op lemieren en der is noch gjin beweging op it kamp!
Súntsjes iepenet er de doar en docht him wer sêft ta. Hy strûpt de wiete klean út en mei in sucht joút er him op de matras del. De ring hellet er fan de finger en skoot dy ûnder it hollekessen.
Hy skrillet op fan it lûde klopjen op de doar en sjocht betize om him hinne. Sliepdronken giet er hastich stean.
- Gau de skonken troch de broekspipen en de oerstrûper oan! -
Hy docht de doar stadich iepen. Erbo stiet mei bôle en tee yn 'e hân op it trepke.
‘Hast beien socht, wy hawwe dy mist by 't jûnsmiel. No, do hast lekker sliept, tink, mar wy wachtsje op dy!’
Kalm nimt er it iten oan.
‘Oer in kertier sille wy fierder!’ En fuort is er. Allinne syn hynderke stiet der noch. Hy spant it bistke yn en wachtet geduldich op de bok. Underwilens yt er en fernimt no pas dat er sin oan wat hat.
In skreau en de reizgers geane wer op wei.
De nacht folget op de dei en de dei folget op de nacht. Troch bosken en oer iepen fjild giet it almar fierder. As se wer yn in mânsk bosk ride, lizze der farske spoaren foar harren. De reizgers wurde ûnrêstich en drokker yn praat en maneuvels. It karrespoar rint wer omheech en it hynderke spant de rêch. Hy springt fan de bok en rint njonken it bistke de hichte op, de leie los yn 'e hân. As it paad wer nei ûnderen laat, sjocht er in grut iepen terrein dêr't in soad wenweinen opsteld steane. Hy bliuwt stean en skôget de omjouwing. It liket fan boppen ôf sjoen krekt oft der twa grutte achten troch de wenweinen foarme binne. It hynderke rûkt de ein en wol wer fuort. Hastich remmet er de wein ôf en stadich rinne se by de gloaiïng del.
Helpsume hannen rêde mei it opstellen en yndie de rûnten wurde grutter makke. Mei fernuvering folget er al dat wurk. Alle weinen moatte wer ferset wurde om harren der by te setten. Der wurdt net skeld, it wurdt dien, de gewoanste saak fan de wrâld!
Dei nei dei komme der noch weinen by en alle kearen wurde de rûnten wer oanpast. Ut hiel de wrâld komme se; út hiel de wrâld wolle se nei dat iene plakje. Guon komme út waarme en guon út kâlde streken mei allegearre itselde doel foar eagen. Dy't mei