fielde ik al, dat it feitlik neat te betsjutten hie. Ik makke mysels wat wiis en woe de wierheid net hearre.
Ik bin bang, dat ik net dúdlik genôch bin. Hoe sil ik no útlizze wat ik krekt bedoel...
Ja, it wie even stil, mar dêr bin ik wer. Wat ik sizze woe is dit: Do wiest en bist wierskynlik noch earlik. Seist doe teminsten gewoan tsjin my, datsto hast noait yn 'e bar kaamst, omdat it dy te djoer wie. Fjouwer bern op skoalle kinne dyn âldelju mar amper betelje, haw ik begrepen. Dêrom giest ek yn 'e bollen. Hiest der wat foar oer om te fertsjinjen. Gjin geseur en gjin ferwiten. Dat fûn ik moedich fan dy.
Dêrtsjinoer wie ik net oprjocht. Hè, wat heart dat âldmannich. In oar wurd kin ik sa gau net betinke. Ik die opskepperich en ferfelend, wylst ik al wist dat ik it mis hie. Wennen jim noch mar neist ús, haw ik letter tocht. Jim sitte hast al tsien jier yn dat oare hûs of is it langer lyn?
Yn july en augustus haw ik in skoft achter elkoar op itselde kantoar sitten. De kollega dêr't ik it earder oer hie, sei fuort al tsjin my dat it skande wie dat ik de skoalle net dien makke hie. Wat wit dy âld keardel dêr no fan, tocht ik earst. Do witst it tink ek wol, dan komme se mei dy ferhalen oan. Wý hawwe gjin kânsen hân. Wý moasten al hiel jong wurk sykje.
Jo hawwe it wol aardich fier skopt, sei ik op in moarn tsjin him. Doe waard er suver nidich op my. Oft ik wol wist, wat him dat koste hie. Nee, hoe soe ik dat witte kinne. Hy lei my ûngefear út, wat er allegearre by de ein hân hat. Stapke foar stapke is er hegerop kommen. Dêr hoech ik fierder net op yn te gean. Dêrnei sei er tsjin my: As ik dy wie, gie ik werom nei skoalle. Op myn fyftichste wie ik noch oan it studearjen. Ik wol dy net beledigje, mar dêr sjoch ik dy net foar oan. Bist net sa'n trochsetter, it spyt my dat ik it sizze moat.
Dy wurden wiene in klap yn myn gesicht. Gjin trochsetter, ik soe ris sjen litte, wa't in trochsetter wie. It hat noch wiken duorre, foardat ik in beslút nimme koe. Hâld dy beet: Nije wike - ien oktober - gean ik wer nei skoalle. Onder voorbehoud toegelaten, seine se derby. Ien treast, Zylstra stiet dêr net mear foar de klasse. Hy is ferhuze nei Grinslân of Drinte, ik wit it net presiis.
No Sytske, dit wie it dan. Liuwe yn 'e bychtstoel, kinst wol op it bantsje sette. Ik sjoch wol tsjin moandei oan, hear. Ik soe lige as it net sa wie.
Myn útspatting hat ek wol wer foardielen hân. Yn maaie haw ik myn rydbewiis helle. Ik bin mem har privee-sjauffeur. Se mei net mear achter it stjoer, om't se bytiden stiiffol medisinen sit. It is in wûnder, dat se har by my yn 'e auto sa rêstich deljout. Yn it