Reinder Rienk van der Leest
Libben
Berne 29 juny 1933 te Drachten.
Berop: learaar. Begûn yn 1966 mei it skriuwen yn it Frysk, nei't er boekbesprekken oer wurk fan Kweekskoalle-maten Jan J. Bylsma en Tjitte Piebenga lêzen hie.
Publisearre gedichten, romans en ferhalen. Krige yn 1981 de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Kunst en Fleanwurk en yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar it jongereinboek Cap Súd, dat er yn opdracht fan de Provinsje skreaun hie.