‘Dêr hiene wy 't net oer. Dat is allegearre takomstmuzyk. Us Jikke sil nei de supermerk, dêr kin se jild as wetter fertsjinje.’ ‘Wat moatst dêr dwaan? Wat by de kassa sitte?’
‘Nee, heit, ik kom by de griente- en fruitôfdieling.’
‘Soa!’ - Heit hat net folle fidúsje yn dat baantsje. ‘Se hiene der okkerdeis sa'n opslûpen jonge, dy bealge him healdea.’
‘Ik net, hear, ik bin alle grientebakken treast,’ skept Jikke op.
De woansdei dêrop komt Jikke om healwei sânen thús.
‘Rêdbraakt’, seit Herman pleagjend.
Jikke hat gjin moed mear om dêr tsjin yn te gean, mar falt as úthûngere op it iten oan. ‘Koest net ris in banaantsje snippe?’ begjint Herman wer.
‘Ik bin gjin dief; ús heit en mem hawwe ús leard, earlik troch it libben te gean,’ troeft Jikke.
Dan sjocht Herman har skansearre neils. ‘Asto dêrmei nei in pedikuere giest, kostet it dy mear as dat luzige tientsje datst fertsjinne hast.’
‘Der binne gjin bern op 'e wrâld dy't sa min meielkoar opsjitte kinne as uzes,’ klaget mem.
‘It komt wol goed,’ susket heit. ‘Dat hottefyljen heart der by.’
Dyselde jûn ride broer en suster in eintsje om, op Herman syn spiksplinternije brommer.
‘As ik earst mar ris achttjin jier bin, dan keapje ik in swiere motor,’ fertelt de jonge. ‘Hast in jildbeamke op dyn keamer? Of is ús heit sa mâl mei dy?’
‘Nee, dat net, ik moat it yn 'e simmerfakânsje fertsjinje, as ik dit jier wer foar tydlik by de bank komme kin teminsten. En ik hoech net mei fakânsje, ik ha der leaver wat foar. Moatst ek sjen datst sokssawat krigest. Bealgest dy no heal dea foar dy “Super Jopy”.’
Seis wike hâldt Jikke it fol; dan moat se it oerjaan. It is tefolle en it húswurk foar skoalle sjit der by yn.
Dochs hat se der in pearhûndert gûne oan oerhâlden. Sunich as se is, bringt se dat nei de bank.
De raskninen komme tichterby!
Moedich sneupt se de advertinsjes nei, om in wat makliker baantsje.
Herman en sy sitte dan njonken elkoar op 'e bank.
Goed, se kletse elkoar geregeldwei mei de krante om 'e earen. Mar ienriedich sykje se tegearre om in geskikt baantsje foar Jikke!