‘Ik??’
‘It is jimme mem har fyts.’
Bauke skytskoarret der tsjin oan. In held hat er noait west.
Sicco laket. ‘Hy byt net.’
‘Mar as dy fint dat sjocht...’
In bytsje skean sjocht Bauke nei de ruten fan de bar.
‘Wa seit, dat er dêr sit. Trouwens, it kin ek wol in frou wêze of in fanke. Dy stelle ek.’ Ja, dat kin, moat Bauke tajaan. Lokkich rint Sicco al op de fyts ta en makket dêr, sabeare, syn fiter fêst.
Hy knikt. De fyts stiet op 't slot.
Wat moatte se no?
Se rinne in eintsje troch en bliuwe yn de portyk fan in blommewinkel stean.
‘Sjochste in plysje?’ freget Bauke.
Sicco skodhollet. As men se nedich hat sjocht men se net.
‘Skilje dyn mem,’ seit er.
‘Hasto in kwartsje?’
Se sykje har bûsen nei, mar tegearre komme se mar op fyftjin sint. Hiene se no niis mar net in pûde patat kocht.
‘Wy nimme 'm gewoan mei,’ beslút Sicco resolút.
‘Hoe dan?’
‘Ik til 'm oan de pakjedrager op en do nimst it stjoer. Nee... wachtsje... wy litte earst de achterban leech rinne...’
Bauke sjocht 'm oan. ‘Werom?’
‘No suffert, dan tinke de lju dat wy in lekke bân ha. Oars tinke se dat wy 'm stellen ha.’ Bauke suchtet en sjocht wer nei de ruten. ‘Dat seist no wol, mar as se ús sjogge komme se ús achternei. En se sjitte jin foar in kwartsje dea optheden.’
‘Dat ha wy net iens,’ laket Sicco, ‘mar meist hjir ek stean bliuwe, dan helje ik dyn mem wol.’
‘En as der immen op fuort fytst, kin ik der achteroan drave. Ik bin gek!’
Sicco rint wer werom.
‘Wat silst no?’
‘Ik lit de bân leech rinne. Wy moatte dochs wat.’
Fol bewûndering sjocht Bauke ta, hoe't Sicco it fentyltsje út it tsjil hellet en floitsjend, as in oerwinner, op him takomt.
‘Sa,’ seit er, ‘it earste stik fan har fyts hat jimme mem wer. Asjeblyft!’
‘Mar wat no?’ wol Bauke witte wylst er it fentyltsje yn it achterbûske fan syn spikerbroek docht.
‘Der lâns kuierje en 'm meinimme.’
Dat is makliker sein as dien, fynt Bauke, mar hy docht dochs, wat Sicco seit. Djip yn syn hert hopet er, dat de dief nei bûten komt en fuort fytst. Binne se der ôf.
Mar soks bart net fansels.
Der bart eins neat.
Se rinne gewoan mei de fyts fuort. Stellen giet maklik.