‘Ik sil earst kninefretten sykje.’
Sabeare tafallich rint er yn 'e rjochting fan it stekje mei de fiif spilen.
‘Ferjit de keunstdong net,’ rop ik him nei. Ik slach goed fûl mei de efterdoar, sadat er it goed hearre kin.
In oere lyn binne heit en mem tige ûnferwacht ôfset.
‘Do seist it wol eefkes tsjin Sjouke? Jim hoege net op ús te wachtsjen. En net te let op bêd gean, hear!’
Ik fiel yn 'e bûse, oft ik it stientsje noch wol ha. Mei sin haw ik it útsocht op it grintpaadsje njonken ús hûs; it moast ommers krekt passe! It duorret net iens sa lang, dêr begjint Sjouke al te razen en te âljen.
‘Help, help, au, au, ik sit fêst! Help!’ Sabeare kjel draaf ik nei him ta.
‘Do soest om kninefretten.’
‘Dat soe ik ek, mar ik stiek by fersin de holle troch it stek en no sit ik fêst.’
Ik gean op knibbels by him lizzen, pak him by it skouder en begjin te lûken.
‘Au, au, au, net dwaan!’
Ik lit him wer los en helje it stientsje út 'e bûse. In pear dagen lyn ha 'k útfûn, wat it geheim fan it stekje is: de fjirde spyl, dêr sit it him yn. Dy hal oan 'e ûnderkant wat romte. De ferbining tusken spyl en dwersbalke is yn 'e rin fan 'e tiid wat útsliten en dêrtroch sit der wat romte yn. Ik kin him sa'n oardel sintimeter hinne en wer bewege. Op it wiidst is der krekt genôch romte om in net al te grutte holle - Sjouke hat mar in lyts kopke - trochhinne te wrotten. Is de romte tusken de spilen lykwols op it smelst, dan kin der gjin kop mear troch. Sjouke âlet en âlet mar troch en ik rop him ta dat er meiwurkje moat. Ik begjin tsjin de fjirde spyl oan te drukken. Yn 'e holte oan 'e bûtenkant lit ik it stientsje falle en druk it mei de tomme goed fêst. In pear dagen lyn ha 'k it útprebearre. Allinnich mei in skroevedraaier koe ik it stientsje der wer út krije. Sjouke is eefkes opholden mei jammerjen. Hy hat neat yn 'e gaten en docht krekt, as wurket er tige mei om los te kommen.
‘It wol net,’ sis ik en kom oerein.
Sjouke begjint wer te jammerjen.
‘Do moatst heit en mem ophelje!’
‘Dy binne net thús.’
‘Dat lychst!’
Hy begjint op it allerfûlst te roppen.
‘Help, help my, ik sit fêst!’
Der komt gjinien.
‘En de buorlju hoechst ek net op te rekkenjen, want dy binne útfanhûs.’
Ik kin oan syn eagen sjen dat er no wit dat er fan my gjin help mear ferwachtsje kin. Hy freget my dan ek neat mear. Hy tinkt fansels noch altyd dat er my net noadich hat. ‘Aanst as it tsjuster wurdt, komme de nachtroeken.’