[Nummer 4/5]
Ynlieding
By it wurd ‘literatuer’ komme al gau oare wurden by jin op, wurden lykas literatuerlist, skoalûndersyk, eksamen en mear fan dat soart yslike saken. Dat literatuer ek noflik, ûntspannend, ja sels moai wêze kin, wol jin by al dy aaklikheden wolris út it sin reitsje. No binne der hiel wat minsken, dy't in soad frije tiid yn dy literatuer stekke. Dat kinne skriuwers wêze, dy't ferhalen skriuwe of fersen, èn minsken dy't wurk fan skriuwers trochjaan en stal jaan wolle, sawol yn de foarm fan boeken as fan literêre tydskriften. Al dy minsken, neist fansels de lêzers, litte sjen datst ek niget oan literatuer hawwe kinst.
Lang hat it sa west, dat by praat oer literatuerlisten en -eksamens net daliks oan jongereinliteratuer tocht waard. Faak mocht dy net iens op in list stean. Stadichoan lykwols is de lêste jierren de belangstelling foar dy literatuer, ek yn it ûnderwiis, groeid. Boeken as De hele Bibelebontse berg, it foarich jier útkommen boek oer de skiednis fan it Nederlânske berne- en jongereinboek, en Wat heten goede kinderboeken, in proefskrift dêroer, litte dêr wat fan sjen. Oan PABO's en universiteiten is der omtinken foar, krekt lykas yn tydskriften en kranten. Ek yn Fryslân is sûnt de santiger jierren de belangstelling foar dit hoekje fan de literatuer grutter wurden. In wurkgroep fan it Skriuwersbûn ûnder de tapaslike namme Berneboekepraat docht al sûnt 1979 syn bêst om dy literatuer, en foaral de Fryske, hieltyd wer yn 'e belangstelling te krijen. Stúdzjedagen foar minsken út it basisûnderwiis, oandacht op PABO's, yn bibleteken en net te ferjitten literêre prizen bringe dy boeken hieltyd wer by de minsken. De trijejierlikse Simke Kloostermanpriis koe al trije kear útrikt wurde. Mar ek nasjonaal en ynternasjonaal sjongt de Fryske jongereinliteratuer har sankje mei.
Dat der no in dûbeldik nûmer fan Trotwaer ferskynt, groatfoal mei wurk fan jonge minsken, hat in dúdlik oanwiisbere oanlieding. It nûmer ferskynt yn oktober 1990. Dan komt de kommisje ‘Frysk Festival’ foar it ljocht mei de útfiering fan har plannen. It hiele jier troch hawwe der al festiviteiten west op allerhanne kultureel mêd. Yn oktober is de literatuer oan bar en it like de ‘feestkommisje’ aardich ta, om dy no ris hielendal op te setten om de berne- en jongereinliteratuer hinne. Fjouwer dagen lang sil der fan alles te rêden wêze, fan in sympoasium oant en mei in Bibelebonts feest, allegear yn it teken fan ‘Europa 1992’.
In oare oanlieding wie it feit, dat leararen Frysk yn it fuortset ûnderwiis der gauris oer klagen, dat se har learlingen en studinten