Josse de Haan
God-herself, the law of the KNIL
weiwurden kaaiwurden
Amsterdam, 6 april 1990
De ‘twaddehânswjerklank’ fan cvdw kin gearfette wurde yn in tal stekwurden, lit ús sizze, de kaaiwurden fan syn yndoktrinearre brein:
blasfemy/lúkse/blastich/oantraapje/tsjerke/twaddehâns (want cvdw is superieur)/de Minsk (besiele)/de duvel (ûntsiele, mar wol alve teannen)/folkfijannige eleminten (Freud, Breton, Dada)/net fris/wyldseauwige, ûnfoege, lichaamlike leafde/net algemien begryplik/cvdw's jefte/de dichter is in meunster/ poze, foardegekhâlderij, (sels)bedroch.
Tsjinoer de anargo-liberale ynfalshoeke yn 'e krityk fan Jan Wybenga op Geefike pears gers (L.C., maart '88) komt dan no nei twa jier stinnen Trotwaer yn 'e persoan fan cvdw mei in swarte knibbelhoasreaksje út 'e artikelsafollerûnten. Oer klisjees sprutsen! In 70 jier lyn krigen de dadaïsten/surrealisten itselde soart kommentaar. De heksen en duvels yn skriuwers-keunstners moasten op 'e brânsteapel, want dizze folksfijannige eleminten brochten it folk ommers op ferkearde ideeën. Oarlochfiere lykas krekt bard wie ('14-'18), wie teminsten sûn. Trotwaer 1990: in moai nij jaske, en romte foar the law of the KNIL. De duvel moat wer útbaarnd wurde (dichters, keunstners, swarten, joaden, homo's, ensf.). Ja, anno 1990, Fryslân op it smel trotwaer.