Cornelis van der Wal
De Hoanne is gau kniesd
‘'t is strange the mind, that very fiery particle should let itself be snuffed out by an article’
Lord Byron
Yn it oanbegjin wie ik net fan doel en reagearje op dit brief fan 'e surrealistyske dichter/skriuwer, mar, om't der in stikmannich ûnwierheden yn steane it folgjende.
Wy geane de ‘rankuneuze feiten’ mar ris bylâns, en dan foaral punt e.: ik wie perfoarst net ‘kobaltblau klaaid’! Allinnich myn broek wie blau en fierders hie ik oan: in sniewyt oerhimd, grize geitewollen sokken en smoarch-wite gimpys. De kleur fan myn ûnderbroek moat in geheim bliuwe. Ik hie fansels wer frijwat bier en wyn sûpt, mar dat boeke ‘feest’ stiet my lykwols noch tige skerp by. It waard hâlden op 28-10-1989. It nijsgjirrige artikel ‘Twaddehâns wjerklank’, skreaun ein septimber 1989, ha 'k op 9-10-1989 nei Trotwaer ferstjoerd. It wie doe dus al lang klear.
In lytse sfearbeskriuwing fan dy jûn. Josse de Haan stie by de bar, dronk in gleske skjinne en like op de foto's. Ik stelde my foar en hy sei frijwat skuldbewust: ‘Ik moat dy leau'k ek noch in bryfke stjoere’. Want sà wie it: ik hie alhiel gjin berjocht oer myn evt. foarlêsbeurt krigen. Ik haw De Haan doe ek oer myn artikel ferteld en sein dat er dêr mar net lulk oer wurde moast. ‘Och, ik bin hiel wat wend’, sei er.
Punt f. hat dus alhiel neat te krijen mei ‘Twaddehâns wjerklank’. It giet oer mỳn poëzy, dêr't De Haan tige oer te sprekken wie, wat pleitet foar syn resepsjefermogen.
Ik hie nea in humorist efter De Haan socht, en as der al sprake fan ‘rankune’ wie, dan is dat no wol oer. Ien dy't my oansjocht foar in ‘swarteknibbelhoasideolooch’, kin, wat my oanbelanget, net mear stikken. En dat krekt, no't ik in pakt mei de Duvel sletten haw. Fierders moat ik ek noch meidiele dat ik in Joadske, homoseksuele neger bin, en dy bult wurdt ek hieltyd grutter.
Geeffike pears gers is in strieminne bondel, by de earste lêsbeurt fûn ik dat al. It rint oer fan pretinsje en sektarisme. Ik haw al útlein dat ik op in bepaald stuit in bytsje lulk op De Haan wie, mar it is neffens my no krekt dy lulkens dy't in beskate mear-