bankje kin? But that's another story, tink ik.
Yn ferhaal nû. 4, ‘Lavindel’ (de swietrook yn beppe kast), it jongste ferhaal út 1987, is Brand fereale op Marijke, dy't krekt by him yn 'e klasse kommen is, giet er mei har riden, sjongt er yn it jongeskoar by in útfiering fan de Matthaeüs dêr't ek Marijke by is, makket er de dea en begraffenis fan syn beppe mei en giet er mei Marijke by pake op besite. De skriuwer nimt de tiid om de lytse soargen (efterôf besjoen) fan it jongeslibben te fertellen. Hy behearsket de keunst fan it dosearjen: hy soarget ek wer foar genôch spanning (û.o. de moeting mei in ferpleechster yn nachtklean, by it foar bern sa nuodlike suteljen mei bernepostsegels), dat it wurdt ek wer net te smout en te leaf. Yn kursive parten jaget ridder Valiant tusken dit alles troch.
Ferhaal nû. 3, ‘Hjerstferhaal’, hat as ûndertitel ‘Op 'e wize fan in symfony’ mei de dielen ‘skerzando’, ‘pasjonata’, ‘pastorale’, ‘elegy’. It giet oer Brand as learaar tekenjen, Picasso, sa't de bern him neame, dy't as learaar en as partner foar syn frou Maria tekoartsjit, wylst er wol wer goed opsjitte kin mei syn nije kollega Anna en in treflik sjonger fan protestlieten op aksjegearkomsten is. It earste diel, ‘Skerzando’, is yn de ik-foarm skreaun en de haadpersoan nimt mei irony himsels waar (s. 41): ‘Kom mar, beest, seit se, en dat doch ik dan mar’. Fanôf diel 2 giet it fierder yn de hy-foarm, al rint it yn it lêstoan wolris wat trochinoar (s. 62/63). Stadichoan wurdt it kontakt mei Maria en de oare minsken minder (s. 53): It giet mis mei Brand as er fêst komt te sitten tusken syn gefoel dat er op skoalle prestearje moat en de winsk fan Maria dat hy mei har nei de dokter giet fanwegen in miskream. Yn tsjinstelling ta ferhaal nû. 1 is hjir de isolaasje fan de haadpersoan wol begryplik en foar de lêzer akseptabel makke. De ferskillende kontakten fan Brand, de wrâlden dêr't hy yn libbet, binne goed kombinearre, sadat it allegearre fasetten fan de iene wurklikheid fan Brand wurde.
Ferhaal nû. 2, ‘Brief oan Hilde’ (1984), hat krektlyk as it earste ferhaal wer in soad kursyf. Ik nim mar oan dat de haadstream de brief oan Hilde is, al hat er net de uterlike skaaimerken fan in brief. De kursive parten beskriuwe dan yn gronologyske folchoarder it kontakt fan de briefskriuwer mei Hilde. De brief is skreaun op in bepaald stuit, nei't de skriuwer Hilde dea fûn hat, en jout dus in soarte fan weromsjen fanút ien punt wei. De ferskillende perspektiven hiene faaks in nijsgjirrich gehiel opleverje kinnen, mar my is net botte dúdlik wurden wat der no eins bart, útsein dat der hiel wat ôflijd wurdt. Benammen hoe't it krekt sit mei de sketsen of skilderijen, dy't wol wichtich binne yn it gehiel, is foar my ferburgen