komt se wer thús, mar de polder is dan net mear wat dy earst (foar har) wie.
It leit eins suver yn de reden om te ûnderstellen dat de nije polder de metafoar is fan de him stadichoan opfoljende leechte, it lân dat opboud wurde moat, it libben dat op 'e nij ynfolle wurde moat ensf. Ynearsten hinget der in fleurige glâns oer Frouke har libben yn it nije doarp. Se draait mei al har ynset yn frijwilligerswurk mei: it doarp moat tierich wurde. Har omstannichheden lykje ideaal, seker as de skriuwster dy ôfset tsjin de problemen dy't minsken om Frouke hinne hawwe. Sa rint it houlik fan in buorfrou op de klippen fanwege de dranksucht fan dy har man. Nee, Frouke foarmet mei har Piter en bern (jonkjefamke) it ideale Libelle- of boargermansgesin. Wat wol men noch mear? En dêr sit, tink ik, no krekt de oast. Want is de polder tagelyk net it benearjende symboal fan alles dat yn it foar al fêststeld, útstippele en úttekene is? Sa ûnderfynt se op in bepaald stuit har libben (s. 45):
Is dit it wat ik wollen ha... Alles falt kreas yn it fêste patroan dêr't de measte minsken harren yn bewege. In harmonieus en glêd bestean. Se is amper tritich en no al kin se har fierdere libben úttekenje. Mei Piter en de bern, mei Piter allinnich en dan is it oer.
By dy ûntefredenens komt it pleage wêzen mei in mooglik noch net folslein ferwurke postnatale depresje. Noch foar part I, it begjin fan de roman, set de skriuwster in sêne del dêr't in byld yn jûn wurdt fan Frouke har djipste ellinde. Oan de iene kant wurdt dêrmei oanjûn dat dy depresje ta it eardere libben fan Frouke heart, oan de oare kant wurdt dêrmei in drôve, swiere toan set dy't in skaad smyt oer it fleurige begjin fan part I. Fierderop yn part I, en ek noch yn part III as Frouke alles op in rychje set, spoeket dat ferline op 'e nij.
By wize fan útflecht konstruearret se deidreamen (s. 46):
Frouke tinkt oan de deidreamen dy't se yn de stille oeren, as it hûs leech is, yninoar set. Se is dêryn har eigen regisseur en tagelyk de haadpersoan. Har tsjinspiler is dan de iene, dan de oare. Piter komt der net yn foar.
Dy dreamen hawwe in eroatysk karakter. Guon komt in ‘do’ yn foar, in ideale minske dy't ûnberikber is, dy't te hurd rint, dy't fan har skieden is troch glês, dy't har net opmerkt. Guon spylje yn har skoalletiid doe't se foar it earst ferkearing krige mei hàr ideale man. Willem (s. 79):
Se fertelde Welmoed fan de deidreamen, dêr't se noait mei ien oer praten hie en dêr't Willem