syn wat sneu gekrimmenear oer dat er him ferfeelt sûnder Martha. En hielendal oan 'e ein fan it ferhaal komt er wer thús, al wer wat mear mânsk, want út de lêste siden docht bliken dat er net yn ien kear nei hûs rydt út Hendaye wei, mar it kalm oan docht. Neffens myn berekkening docht er dêr trije dagen oer, wylst - neffens my - dat stik yn oardel dei te riden is.
De reis nei Portugal dy't Tom yn 'e holle hat liket Martha hielendal net goed ta. Hja mei dan wol sein hawwe dat se ‘it prima fine soe as Tom in pear wiken der allinnich op út gong’ mar it falt har raar ôf as Tom dat yndied wol: ‘Ja, Tom, yn teory fansels, dat moat soms kinne. Mar wy geane fansels tegearre’ (s. 8). Dit boekje giet oer de konsekwinsjes fan útspraken oer frijheid en tolerânsje yn in relaasje. Want foar Martha hat it ek gefolgen: De earste dagen is se o sa mei Tom dwaande en kin se nachts net sliepe en is se ûnwennich; ‘hy wie ommers deaûnwennich. Hied er net iens mear in skjinne ûnderbroek’ (s. 32). Dy dagen sjocht Martha harsels as immen dy't allinnich thúsbliuwt omdat de oar op fakânsje is. Se wol dan ek fuortendaliks in hûn om har selskip te hâlden.
Mar stadichoan begjint se fan har frijheid te genietsjen, giet nei har freondinnen ta en ferjit se Tom wolris, dy't alle dagen op deselde tiid bellet. As lêzers folgje wy Martha dus, dy't iepen stiet foar alle nije dingen en yn it lêst fan 't ferhaal seit (s. 54):
‘Ja, doe't er noch fier fuort ferleafd op my siet te wêzen, dat is fansels geweldich, dat is moai. Mar ik moat dy sizze, Sanne, no't er wer tichtby komt, ik hâld fan him, hear, mar ik krij it wolris in bytsje benaud, dat is hiel earlik... Om my mocht er nóch wol in skoft fuortbliuwe. Ja it foldocht my, goed besjoen, prima, hieltyd better, mar alles wurket ek mei, moai waar, elke dei wer. It wie earst wat wennen, allinnich, mar no...’
Wat Martha hjir seit wurdt lykwols by tafel net heard en net ien sil har hjir op oan sprekke. En it weacht net sà swier by Martha dat sy no daliks de boel ynpakt en in oar hûs siket om fan har krekt ûntdekte frijheid te genietsjen. Boppesteand stikje stiet foar de betsjutting fan 't ferhaal: as frou fan Tom libbet se yn in min of mear fêstleine wrâld, dêr't se har hielendal net ûngelokkich yn fielde, en fan Tom kinne je wier net sizze dat it in rotfint is. En as Tom yn syn wol wat hiel let opbloeide mar lichte midlife-crisis (‘as ik wat wol moat ik it no dwaan’, s. 12) yndied mei de auto it suden yn rydt en dus út dy fêstleine wrâld stappe wol, is it Martha foar wa't de wrâld iepengiet.
Yn Op stap wurdt gjin swiere problematyk behannele. It liket in subtyl oanwizen fan 'e skriuwster dat de swierrichheden net allinne