| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Literatuerhistoarje: skiednis fan it omgean mei literatuer
De besteande oersjuggen fan 'e Fryske literatuerhistoarje, dy fan Piebenga, Dykstra en de rige Tekst en útlis, sette de bêste skriuwers mei har bêste wurken op in rychje. Grif binne de goede boeken it wichtichste of sels iennich relevante oerbliuwsel út it literêre ferline. Minne boeken binne net wichtich en wat de minsken yndertiid mei literatuer útheefd hawwe ek net, sa't it liket.
Yn 'e fyzje op literatuer dy't út sokke literatueroersjuggen bliken docht, stiet de yndividuele lêzer dy't genietet fan literêre boadskippen (boeken) sintraal. Literêre wurken hawwe de funksje om te appellearjen oan it gefoel foar skientme dêr't guon minsken oer beskikke. Tige perifear stiet yn dy literatuerfyzje it gekriuw en gewriuw om literatuer en yn it algemeen it al te banale neieroankommen fan literatuer - dat soe der eigentlik net wêze moatte.
De measten fan ús - ‘ynwijden’ of ‘kenners’ - sille ek wol sa'n soarte fan fyzje op literatuer hawwe, want wy ha allegear in klap mei de estetyske moalpuodde hân. As wy by in multiple choice test de kar hawwe literatuer te karakterisearjen as ‘kunst’ of as ‘polityk’, dan kieze wy foar ‘kunst’. Dat literatuer ek berjocht oer de werklikheid en bydrage ta allerhande diskusjes is, sille wy net daliks ligen hite, mar wy binne oer it generaal spûûkbenaud fan en foar in al te pragmatyske omgong mei literatuer. Lêzers dy't út boeken wat leare wolle of boeken opfetsje as in ynstruksje foar it werklike libben, dêr fine wy fan dat it har ontbrekt oan in adekwate ynstelling op literatuer.
Wier is fansels dat it grutte gros fan 'e minsken net sa botte suptyl mei literatuer om giet. Mar dat soe foar ús, ‘lju dy't der ferstân fan ha’, gjin reden wêze moatte om in mear pragmatyske omgong mei literatuer überhaupt te fersmiten, of yn alle gefallen as bykomstich of twadderangs te wurdearjen. Literatuer hie fanâlds twa funksjes: fermeitsje en beleare. Wêrom sille wy net beide funksjes likefolle klam jaan?
Wat hjirnei folget is de tekst fan in lêzing dy't ik op 6 april 1990 foar it Literêrhistoarysk wurkferbân hâlden haw. Op in pear ferbetteringen en ferdúdlikingen nei haw ik de tekst gelyk bliuwe litten. It doel wie en bliuwt om troch middel fan in tal notysjes in petear op gong te bringen.
| |
| |
Yn syn besprek fan Myksomatoze yn Trotwaer 1975, 68-80 kin Bartle Laverman it net litte om even tsjin my te polemisearjen: ‘Lêzers fan dit tydskrift sille der mei op 'e hichte wêze dat Tr. Riemersma gjin foarstanner is fan it hifkjen fan literair wurk op oare as ynterne faktoren. Literatuer is frij neffens him. Frij hwêrfan freegje ik my ôf’ (77). Bartle en ik wienen it op dut punt net iens: ik hood fêst oan 'e opfetting fan 'e autonomy fan it literêre wurk, en Bartle hie Adorno lêzen.
Hie ik der yndertiid gjin êch foar dat allerhande saken út it libben yn literatuer bedarje en dat oarsom literatuer wer fan ynfloed is op 'e deistige werklikheid? Sjoen myn eigen skriuwerij is dat net oan te nimmen. Nee, mar der spile in oare kwestje. Ik hie der in greot beswier tsjin dat alles wat ik yn myn wurken utere foar myn persoanlike miening hoden waar, dat dat wurk opfette waar as in kopy fan in stikje werklikheid en dat it wurk begrepen waar as in praktyske ynstruksje foar it libben fan al den dei. De lêzers, en dan benammen de ‘gewoane’ lêzers, hienen it destiids slim hiem om it literêre wurk direkt te binen oan 'e skriuwer, de werklikheid en de lêzer. Skriuwden jo oer in man, dan wienen jo dat sels, skriuwden jo oer in frou, dan wie dat útsoarte jins eigen frou, en it doarp dat yn it wurk neamd waar, dat wie fansels it eigen doarp. En krûpten jo as manlike skriuwer yn 'e hûd fan in frouspersoan, dan wienen de lêzers even ferbjustere: hoe koe dut no? It is my oer kommen doe't ik ris in part foarlies út it manuskript fan By de hannen om't ôf.
Dat it direkt relatearjen fan it literêre wurk oan skriuwer, werklikheid en lêzer my slimme argewaasje joech, hoecht amper ferdúdlike te wurden. As skriuwer ommers rekket men sadwaande alle frijheid om mei de werklikheid te boartsjen kwyt. Lit men in haadpersoaan yn in roman wat frijmoedich tinke oer godstsjinst of houlik, dan roppe de lêzers daliks: sa tinke jo der dus oer en jo fine dat wy ek sa moatte. Dyselde argewaasje, dat sil jim dúdlik wêze, hat my ynspirearre ta De skriuwer foar it doarpsbilang. Om fan it ‘geseor’ fan 'e lêzers ôf te wêzen, stelde ik: literatuer is autonoom, hy hat neat mei de werklikheid fannoaden. Dat wie trochdraven fansels, mar wat moast men oars seze om jin de lêzers fan 'e hûd te hôren?
In better antwurd hie yndied west: literatuer is fiksjoneel, want de fiksjonaliteit ontkent net dat it wurk relaasjes hat ta de skriuwer, de werklikheid en de lêzer, mar it warskôget der tsjin om dy relaasjes tige direkt te lezen en hurd te meitsjen. Lykwols, oer it begryp fiksjonaliteit sa't ik dat no hantearje, beskikte ik doedestiids net.
| |
| |
Destiids waar it begryp fiksjonaliteit meastal omskreaun mei ‘onwier, optocht’, en dat is fansels net krekt.
In selde soarte reaksje as dy fan my kin men by Fedde Schurer waarnimme. Yn syn resinsje fan Jolm (‘Lof fan 'e poezij’, De Tsjerne 1949, 97-103) komt Schurer op tsjin it ‘parafrasearjen’ fan in gedicht. Oan it fers ‘Forlake, húnd, melaetsk’ demonstrearret er hoe't dat yn syn wurken giet: ‘De dichter (de hear Visser, folgje libbensbysûnderheden) fielt him by de minsken net sa tige thús. Hja wolle neat mei him to meitsjen hawwe, omdat er yn forskate dingen tokoart skeat. Sadwaende is er oan 'e krapperein kommen. Dat sit him net noflik, mar hy wol der mar net fierder oer prate. Yn 'e lêste strofe, dy't earst nochris wer resumearret hwat er tokoart kommen is, birommet er him der op dat hy en syn gelikens in wei witte om thús to kommen, dy't de oaren net oergean doare. Mei “thúskomme” mient er wierskynlik “deagean”; dy “inge, tsjustre pas” kin dus selsmoart wêze. De dichter wol dus koartwei sizze, dat hy der min oan ta is’ (99). Schurer nimt sa fûl distânsje fan dusse menier fan omgean mei literatuer, dat er teöretysk by it oare uterste telâne komt, dat fan 'e ontkenning fan elke wêzentlike relaasje tusken poëzy en werklikheid. Hy skriuwt: ‘Poëzij iepenbieret gjin wierheit yn de dogmatyske, stellige sin fan it wurd. Hja iepenbieret, foarsafier hja wier poëzij is, skientme’ (97), en: ‘Ik akseptearje Visser syn gedichten, omdat hja gedichten binne en gjin libbensleare’ (102). Dusse ekstreme teöretyske posysje wie stridich mei de ynfolling dy't Schurer yn 'e praktyk oan syn dichterskip joech. Anne Wadman wriuwde him dan ek fyntsjes om 'e noas dat men Schurer syn striidsangen en godstsjinstige lieten dochs net as inkeld skientme wurdearje koe (Anne Wadman, ‘Lof fan it
protest’, De Tsjerne 1949, 216-221).
By Schurer en by my sjucht men likernôch itselde: skriuwers dy't har troch de werklikheid ynspirearje litte en mei har wurk ek wer op dy werklikheid ynspylje, wolle yn teöry neat witte fan in relaasje tusken literatuer en werklikheid. Ta dy wol wat nuvere opstelling komme se trochdat se har safier mooglik distânsjearje fan wat se as in ferkearde omgong mei literatuer beskôgje. Har literatuerteöretyske opfettingen ontstanne yn in polemyske sitewaasje. Mar dêr is noch wat oan ta te hekjen: Schurer en ik sette ús beide net ôf tsjin oare literatoaren, mar tsjin ‘de gewoane man’ dy't op in ‘koartsichtige’ menier mei literatuer omgiet. Dêr lied ik de neikommende stelling út ôf: literêre teöryen kinne ek ontstean as reaksje op de resepsje fan lêzers dy't yn it offisjele literatuerbedriuw net meitelle.
| |
| |
Dusse lange oanrin hie ik noadich om ta in by einsluten net sa spektakulêre stelling te kommen. Ik hoopje lykwols oan te toanen dat dy stelling in opstapke is nei in revolúsjonêr útstel. De stelling dat it gewoane lêzerspublyk ynfloed hat op it aard fan literêre teöryen hat nammentlik in parallel: de sljochtweihinne literatuer dy't eigentlik net meitelt, is meibeskiedend foar it karakter fan 'e saneamde hege literatuer.
Der is al wol earder beweard dat literêre wurken yn guon gefallen beskôge wurde kinne as reäksjes op eardere literêre wurken. Om ús ta de Fryske literatuer te beheinen: Lysbeth Brouwer hat in relaasje lein tusken De smearlappen en It Heechhôf (Us Wurk 1986, 138) en sels haw ik Wadman syn novelle Reedridder wurdearre as in reäksje op al dy boereromans dêr't de haadpersoanen sa goed yn reedride kinne (‘Boer, boppeboer’, Hjir 1983, 6). Op himsels binne dut simpele resepsjeteöretyske konstatearringen: literêre wurken binne te beskôgjen as fuortsetting fan en as distânsjenimmen fan eardere wurken, mei as uterste mooglikheden epigonisme en avantgardisme. Mar, hearre alle literêre wurken fan in literatuer thús yn ien en deselde rige, of moat ik mear rigen ûnderskiede?
De resepsjedeskundige Elrud Ibsch slút in part fan it literêre wurk út fan it reägearjen op oare, eardere literêre wurken. Se skriuwt: ‘Bij de zojuist geschetste coëxistentie van drie codes werd buiten beschouwing gelaten dat er tijdens een literaire periode ook literatuur wordt geproduceerd die niet direct op literatuur reageert en die ook geen bijdrage levert aan de herordening - door middel van taal - van het semantische universum, aan het experimenteren met mogelijke levensvormen.
Deze literatuur - populaire literatuur of Trivialliteratur genoemd - heeft een voorkeur voor succesvol gebleken identificatiepatronen’ (‘Periodiseren: de historische ordening van literaire teksten’, in: Bronzwaer, Fokkema, Kunne-Ibsch (red.), Tekstboek algemene literatuurwetenschap, Baarn: Ambo, 1977, 296). De saneamde populêre of triviale literatuer soe net direkt op literatuer reägearje, neffens Ibsch. It liket my ta dat dat net wier is. Sels yn 'e aldertriviaalste literatuer fynt men langer de personale fertelsitewaasje, en dat wiist op beynfloeding troch oare, saneamde hege literatuer. Of om oare foarbylden te neamen, de Dútse boereroman fan 'e earste helte fan dusse ieu waar propagearre as in alternatyf foar de dekadinte asfaltliteratuer, en de KFFB-literatuer kin beskôge wurde as in reäksje op en alternatyf foar de goare produkten fan guon heechliterêre auteurs. En der binne ek wol foarbylden fan literêre wurken út it heechliterêre sirkwy dy't wer- | |
| |
omgripe op wurken dy't ta de triviale literatuer rekkene wurde. Günter Grass syn Der Blechtrommel kin men beskôgje as in modern soarte fan skelmeroman; Wadman syn Yn Adams harnas liket my beynfloede te wêzen troch de thriller.
Men kin dusse diskusje fertribelje troch de fraach te stellen wêr't de grins tusken hege en triviale literatuer krekt leze moat. De koartste klap is dy grins helendal nearne te lezen. Yn ús praktyske omgong mei literatuer kinne wy beskate rubrisearringen heel min misse. Mar yn feite is de literatuer ien geheel, of krekter, mei de wurden Douwe Kalma, der is ‘ien howol tûzenfâldige skriftekennisse’ (‘Oer Fryske Skriftekennisse I’, Fryslân 1931, 77-78). Dat hâldt yn dat wy yn 'e literatuerhistoarje de hele literatuer meinimme moatte. As wy ús ta de helte of minder beheine, kinne wy it wêzen en de ontjouwing fan 'e literatuer net ferklearje.
Ik leau net dat de resepsjeteöry ús it kader oanrikke kin foar in nije literatuerhistoarje. De resepsjeteöry, dêr't safolle fan ferwachte waar, is yn 'e praktyk folle minder revolúsjonêr útfâlen as er him ynearsten oankundige. Der soe no rus útgien wurde fan de werklike lêzer, hiet it. Mar wat is dêr fan telâne kommen? In bulte resepsjeteöretysk ûndersyk hâldt him net dwaande mei de werklike lêzer, mar mei de tekstynterne lêzer, d.w.s. de lêzersrol sa't dy troch it wurk ontwurpen wurdt. Dat bringt Ton Anbeek der ta om op te merken dat yn sa'n gefal ‘resepsjeteöry’ inkeld in nije beneaming is foar wat eartiids ‘struktueranalize’ hiet (T. Anbeek, ‘Receptie-esthetica en receptie-geschiedenis, Enkele praktische problemen’, in: R.T. Segers, Receptie-esthetica, Grondslagen, theorie en toepassing, 75-84). In oar part fan it resepsjeûndersyk docht war om de reäksjes fan werklike minsken op literatuer te sammeljen en te bestudearjen, mar beheint him dan ta de profesjonele lêzers, de resinsinten, en wy meie net oannimme dat dy resinsinten yn alle opsichten de sprekbuis binne fan 'e gewoane lêzers (dêroer ek Anbeek). Undersiket de resepsjeteöry by einsluten de gewoane lêzers, dan wurdt der doch ornaris in ‘heechliterêre lêssitewaasje’ kreëarre, dêr't de lêzers dan yn reägearje moatte op it wurk. Learlingen út it fuortset ûnderwiis moatte in fragelist ynfolje, dêrnei in tekst lêze, en dan nochris in fragelist ynfolje. Komme de antwurden op 'e fragen net oerien, dan binne se dus troch de tekst beynfloede. Te sezen dat wy oan sok ûndersyk helendal neat hawwe, is oerdreaun. Mar wat folslein buotten sicht bliuwt is de gewoane omgong fan gewoane
lêzers mei literatuer. De resepsjeteöry giet út fan in beskaat ideaalbyld fan literêr gedrach, fan 'e lêzer dy't mei in
| |
| |
boekje yn in hoekje sit en syn siele iepenstelt foar it ferhaal. Oarssein, de resepsjeteöry is in elitêre teöry: wat de gewoane lêzer mei literatuer útheeft, wurdt negearre, like slim as altiten al. Dêrmei wol ik net seze dat de resepsjeteöry in deaberne berntsje is, mar al: wat in tongerslach wêze kinnen hie, is op in skeet útdraaid.
It ‘ferstân hawwen’ fan kunst, it adekwaat resipearje kinnen fan film, toneel en literatuer tsjinnet yn ús maatskippij om it klasseferskil te legitimearjen. Wa't oer in ‘Literaturgemässes Verhalten’ beskikt - sa't Fügen dat neamt (Wege der Literatursoziologie, ‘Einleitung’, 21) - heart ta in kulturele elite, ta de lju dy't oer mear ynsjoch, kennis en ynfielen beskikke as trochsneed minsken, en dy't om dy reden ek op oare mêden mear gesach en macht hawwe. Literatuerynsjuch is fansels net de iennige diskriminearjende faktor en it is ek net sa dat men boppe de klassegrins allinnich mar lju fynt mei in posityf literatuerynsjuch en ûnder dy grins allinnich mar minsken mei in negatyf literatuerynsjuch. Mar it al of net hantearje kinnen fan it ferskynsel literatuer lûkt mei in grins tusken ferskillende maatskiplike groepen. Under dy grins fynt men de lju dy't net deelnimme oan beskate uteringen fan 'e kultuer. Se gonne net nei de skouboarch of nei in konsert - ‘dat is neat foar ús soarte minsken’. As se fan lêzen hâlde, dan beheine se har gauris ta beskate rigen. Se wurde lid fan in boekeklub of sykje har gading by de supermerk. De boekwinkel mei syn greot fer skaat mije se, want in kar dwaan kinne se net, se hawwe ommers ‘gjin ferstân fan literatuer’.
De literatuerwittenskip befêstiget de twadeling yn 'e maatskippij troch út te gean fan opposysjes as ‘literatuer vs. lektuer’ of ‘literatuer vs. triviale literatuer’. Der binne sa't it liket twa ferskillende soarten literatuer mei elk syn eigen groep fan resipjinten. Hoe't dy twadeling der kommen is en hoe't dy lêzersgroepen maatskiplik en soasjaal beskaat binne, bekroadet de literatuerwittenskip him yn it algemeen net om. It liket sa te wêzen, der ‘binne no ienris’ minsken dy't al in antenne foar literatuer hawwe en guodden dy't it dêrsonder dwaan moatte, dat is in kultureel ferskil grif. Dat sa'n kultureel ferskil woartelt yn maatskiplike ferskillen, komt meastal net oan it ljocht, of it moat provosearjenderwize oan 'e oarder steld wurde, lykas Peter Nusser die mei de titel fan syn ûndersyk nei de triviale literatuer: Romane für die Unterschicht.
It wênstige oersjuch fan in nasjonale literatuerhistoarje bestiet út in kronologyske oardering fan 'e bêste skriuwers mei har foarnaamste wurken. Oare oarderingen kin- | |
| |
ne dêr noch oerhinne komme, lykas de oardering per genre of per perioade. En eventueel kinne oan it slot fan 'e sa skepen paragrafen de mindere goaden yn lytse letterkes fermeld wurde. Sa likernôch sjugge de beide oersjuggen fan 'e Frieske literatuerskiednis, dy fan Piebenga en Dykstra, der ek út.
Sa'n soarte fan oersjuch suggerearret dat de wearde fan literêre wurken fêst stiet. Oft de wearde fan literêre wurken dan in ynherinte wearde is, of it resultaat is fan it oardelen fan rigen resipjinten dy't meiïnoar ta likernôch deselde kwalifikaasje kommen binne, is teöretysk wol wichtich, mar yn 'e praktyk amper. Yn it oersjuch wurdt ommers ornaris net sein dat dy en dy literatoaren it wurk op dy en dy grûnen posityf wurdearre hawwe, en dat se kollektyf oare boeken negatyf beoardeeld hawwe. Dat literêre wearde takend wurdt op basis fan 'e befrediging fan beskate ferletten fan 'e resipjinten bliuwt ferhoalen.
Yn in nije literatuerhistoarje soenen wy net útgean moatte fan 'e literêre wurken, mar fan 'e ferletten fan 'e mienskip dy't mei dy wurken befredige wurde. Dy ferletten hûge net perfoarst idintifisearre te wurden mei pynlike gemissen, it kin ek om minder dramatyske behûften gean. Yn 'e praktyk sil men it ferlet gauris net direkt obstrevearje kinne, mar ôfliede moatte út it gebrûk dat fan literêre items makke wurdt. By it ynfintarisearjen fan 'e ferletten en fan 'e literêre items dy't foar de befrediging fan dy ferletten yn 'e beneaming komme, moat ûnderskied makke wurde tusken ferskillende soarten ferletten en útienrinnende groepen fan resipjinten. Utsoarte moat men ek de literêre items rubrisearje: de namme fan 'e auteur, syn persoanlik libben, syn reputaasje, romantitel, taal en styl, ûnderwerp, bysondere minsketypen yn it wurk, opfâlende útspraken yn it wurk, ensfh.
De besteande oersjuggen fan 'e literatuerhistoarje jouwe in fertekene byld fan 'e skiednis, trochdat se har fierhinne beheine ta in ynfintarisearring fan 'e literêre wurken en gjin of amper omtinken jouwe oan it literêre libben. Fansels, in generaasjestriid lykas dy tusken Aldfriezen en Jongfriezen om 1915 hinne, wurdt breed útmetten, mar dat is dan ek in bysonder sprekkend gefal. De lytsere strideraasjes, de kompetysje, it stribjen, de deistige diskusjes, dy fine amper har wjerslach yn 'e oersjuggen fan 'e literatuerhistoarje. It alsidige en rike literêre libben bliuwt in bonkerak fan oer.
De wênstige oersjuggen fan 'e literatuer histoarje sette in tal wurken op in rychje lykas in gekke sirurch potten mei op sterk wetter sette amputearre lichemsdelen op in
| |
| |
planke sammelt. Arich, nijsgjirrich - mar wat moat men mei dy rotsoai?
It nijsgjirrige fan 'e literatuer, dat binne net de wurken, mar wat der mei dy wurken en om dy wurken hinne bart. In soad abonnees fan Hjir en Trotwaer begjinne yn in nij nûmer achteryn te lêzen, dêr't de rubriken ‘yn 'e latrine’ resp. ‘trioel’ stanne. De diskusjes, dy binne it ynteressantst. Literêre wurken binne net wichtich trochdat se in tal yndividuële lêzers lokkige of rike oeren besoarge hawwe - oft immen syn persoanlik gelok út in roman of út in flesse jenever hellet, fyn ik yrrelevant - mar trochdat se ynset west hawwe fan petear. Dêr folget út dat in literêr wurk dêr't de mieningen ferdield oer binne, om't it neffens guodden allegearre mankeminten fertoant, folle wichtiger is as it wurk dat elkenien moai fynt en dat sadwaande gjin oanlieding ta diskusje is.
It produsearjen en konsumearjen fan literatuer is gjin isolearre barren. Literatuer wurdt skreaun en lzen yn in sitewaasje dy't literêre en net-literêre aspekten hat. Dat hâldt û.o. yn dat literêre wurken yn ferskillende perioaden yn útienrinnende konteksten stanne. De diskusje kin behearske wurde troch de kontroverse tusken hege en lege literatuer, konvinsjoneel of eksperiminteel, mar ek troch it feminisme of it soasjalisme.
Troch it weilitten fan 'e diskusjes en reboeljes suggerearje de oersjuggen fan 'e literatuerhistoarje dat al dat gepolemisear onnut en oerstallich west hat: de tiid makket wol skieding tusken it weardefolle en it weardeleaze. Dat is net wier, en al soe it wier wêze, wat kin 't skele? As Gysbert Japicx in greot dichter is, is dat miskien moai foar de status fan 'e Frieske literatuer, mar fierder foar de hjoeddeistige sitewaasje onbelangryk. Wat nijsgjirrich wêze kin foar ús is it kennisnimmen fan it geskriuw en gewriuw fan eartiidske minsken mei as ynset de literatuer.
It hele fjild fan 'e resepsje moat men yn 't foar yn parten ferdele, oars ferslacht men der yn. Sa'n ferdeling kin men yntuïtyf oanbringe, hy hoecht ommers net definityf te wêzen. Ik wol in pear fan sokke grinzen lûke om sa ta ferskillende deelgebieden te kommen:
De alderwichtichste ûnderskieding dy't men yn it totaal fan 'e resipjinten oanbringe kin, is dy tusken lêzers en net-lêzers. De net-lêzers moatte wol ta de resipjinten rekkene wurde, om't se doch mei literêre items yn kontakt komme. It kin wêze dat se femylje ha te weinjen yn 'e Simke Kloostermanstrjitte, dat har in mop ferteld wurdt of dat se in skoander karnavalsliet âlje. Helendal fan onbelang foar it literêre libben
| |
| |
hoecht dusse groep net te wêzen. Ek as netlêzer kinne se wol reputaasjes mei beskiede. Se kinne bygelyks fertelle: ‘Myn broer hat by Josse de Haan yn 'e klas sitten, dy hat in boek skreaun dêr't myn broer ek yn foarkomt. Myn broer hat it lêzen, mar dy sei dat der neat fan doogde.’ Of se kinne yn in strjitnammekommisje sitte.
De groep fan 'e lêzers kin men ferdele yn lêzers dy't inkeld lêze, en lêzers dy't har oer de ynhâld fan lêzen wurken uterje. De lêzers dy't har net oer lêzen wurken uterje, of inkeld heel globale oardelen jouwe, foarmje nei alle gedachten in folle gruttere groep as de lêzers dy't har wol oer literêre wurken uterje. Mar ik kin de planke ek wol finaal misslaan; om earlik te wêzen: ik wit fan 'e lêzers neat ôf.
Mar lit my fierder gean mei yndelen: de groep fan 'e lêzers dy't har oer literatuer uterje, kin men wer ferpartsje yn guodden dy't dat allinnich mûnling dogge en guodden dy't dat ek skriftlik dogge. Hokker groep it meast bydraacht ta de rom fan in boek of fan in skriuwer, is net dúdlik. En miskien leit dat ek net gelyk foar alle boeken en skriuwers. Ik tink dat ien as Rink van der Velde syn rom benammen te tankjen hat oan it mûnlinge sirkwy, wylst Hessel Miedema oanwiisd is op it skriftlike sirkwy. Hawar, dan kom ik eigentlik by wat oars telâne, en dêr dus net fierder oer. Ik slút ôf mei de konklúzje dat der neffens de ‘graad fan har deelnimmen’ ferskillende groepen fan resipjinten te ûnderskieden binne.
Men kin de resipjinten ek op in oare menier ferpartsje, nammentlik neffens it aard fan 'e ferletten dy't se mei literatuer befredigje. Guodden brûke literatuer inkeld foar de fersiering fan it libben en foar it ûnderstreekjen fan 'e plechtige mominten. Op monuminten en yn kantines wurde gedichten ôfbylde, yn tsjerke wurde lieten songen, by it krystfeest wurdt in ferhaal ferteld, en yn stjeradvertinsjes wurdt in liet of in fragmint dêrfan sitearre. Dusse groep hat amper in direkt persoanlik belang by literatuer, mar hy brûkt him om't it no ienkear sa heart.
In oare groep lêst allinnich om de tiid dea te slaan, dy lêst op ferfelende sneintemiddeis en yn 'e fekânsje, as der oars neat te ferstriken is.
In tredde groep hat der ferlet fan om regelmjittich te lêzen, ta ferriking en ta ontspanning. Dusse groep soe it leafst alle wiken in roman of yn alle gefallen alle moannen ien lêze wolle. Yn 'e praktyk komt dusse groep dêr net altyd oan ta, om't der safolle oare drokten binne, mar yn dat gefal wurdt dat as in gemis field.
In fjirde groep hat belangstelling foar allerhande fasetten fan it literêre libben. Dy hâldt by wat skriuwers dogge en seze, dy
| |
| |
jaget op primeurs, dy lêst resinsjes en dy giet nei dichtersfestivals. It eigentlike ferlet fan dusse groep is: derby hearre, meiprate kinne.
Ik ha my earder wolris utere oer de ‘ideale lêzer’ en dan hie ik dy út 'e tredde groep op it êch. Foar oaren sil de ‘ideale lêzer’ faaks earder yn 'e fjirde groep te finen wêze. Utsoarte hat elkenien rjocht op syn foaroardelen, wy moatte se lykwols net baas litte. Yn 'e beskriuwing fan 'e literatuerhistoarje moatte wy de ‘ideale literatueromgong’ - hokker dat dan ek is - beskôgje as ien fan 'e mooglikheden, mear net.
Wy kinne ús by einsluten ôffreegje hoe't literatuer yn it iepenbiere libben funksjonearret, en besykje om dan ta in hypoteze oangeande de te befredigjen ferletten te kommen. De provinsje stipet de literatuer op ferskillende menieren, troch prizen oan skriuwers út te rikken en troch skriuwers en útjouwers dofkes jild ta te triuwen. In stêd as Ljouwert hat syn eigen literêre priis. Watfoar ferlet befredigje ús bestjoerders dêrmei? It soe wêze kinne dat se fan miening binne dat soks bydraacht ta har eigen standing, mar it soe ek wol wêze kinne dat se fan miening binne dat in bloeiend literêr libben nuttich is foar de minsken yn it algemeen.
Hast alle gemeenten ferneame strjitten nei skriuwers, ek Frieske, en der binne ek plakken dêr't se in stânbyld foar in skriuwer oprjochtsje. Wat moat men dêr achter sykje? Nei alle gedachten net al te folle, d.w.s. net ien of oar wichtich ferlet. Yn Frjentsjer hat men bygelyks in professoarebuert en in keatsersbuert, allebeide typearjend foar de stêd. Der binne ek inkele strjitten neamd nei bekende Frjentsjerters, lykas de meester Flapperstrjitte en it plysje Bootpaad. En dan bin der yndied ek noch strjitten neamd nei Frieske skriuwers, foar 't neist allinnich om't se oars neat betinke koenen. Ja, it kin fansels wêze dat se de Frieske skriuwers earje woenen. Op himsels is it wol wichtich dat Frieske skriuwers weardich kard wurde om op in strjitnammebuordsje ferivige te wurden, dat seit wat oer it oansjen fan it Friesk. It soe wichtich wêze om nei te gean wannear't dut gebrûk opkommen is. Ek nijsgjirrich soe wêze om rus út te sykjen hokker skriuwers wol en hokker net ferneamd wurde, en hokker it faakst.
Noch even koart oer dy stânbylden: yn Ljouwert hat men in stânbyld foar Pyt Paaltjens, mar der binne ek guodden foar in ko, in hoer en in soasjalist, dat it is grif net as earbewiis bedoeld.
It is fansels net sa ienfâldich om it hele fjild fan 'e resepsje yn kaart te bringen. Men soe, as men de minsken en it jild hie, grutte
| |
| |
groepen fan resipjinten enkêtearje kinne, mar dan kin men op syn bêst ynsjuch krije yn de literatueromgong fan no - de resipjinten út it ferline kinne wy net wer ta sprekken bringe.
Kinne wy wier fierder komme as in ynfintarisearjen en ynterpretearjen fan 'e oerlevere skriftlike uteringen? Ik tink dat wy yn alle gefallen fierder komme kinne as no it gefal is, as wy mear materiaal bestudearje en oare fragen stelle.
It liket yndied foar de hân te lezen om te begjinnen mei it trochsneupen fan 'e literêre tydskriften en de literêre rubriken yn 'e kranten. Mar dat moat in begjin wêze; men mei net tinke dat men dan in betroubere delslach fan it literêre libben hat. Der hat grif mear west, dat net sa direkt yn kranten en tydskriften werom te finen is.
Ik neam mar in pear dingen dy't my yntrigearje. Der hat in tiid west dat Paulus Akkerman in tige bekend en wurdearre skriuwer yn Fryslân wie. Syn wykliks koart ferhaal yn 'e Ljouwerter waard in soad lêzen en syn boeken lyksa. Hy krige sels de Gysbert Japicxpriis. Mar al rillegau nei syn dea wie er fergetten. Hoe komt dat? Is de smaak fan it publyk sa hastich feroare? Is it de skuld fan 'e útjouwer dy't syn boeken net werprintet? Yn 'e literêre tydskriften fynt men it antwurd op dy fragen net. In oar probleem is: hoe komt it dat de iene skriuwer folle mear namme hat by it publyk as de oare, wylst se doch beide net ta de populêre auteurs hearre, noch ferskriklik tsjuster skriuwe. Fergelykje Baukje Wytsma en Jelle Kaspersma. Komt dat trochdat Baukje de feministyske wyn mei hat, trochdat sy mear meidocht oan optredens, komt it troch it aard fan har poëzy of binne der noch oare faktoaren?
De besteande literatueroersjuggen behandelje de skriuwers ‘earlik’. Yn Tekst en útlis krije Baukje en Jelle beide in ‘les’ en dêryn wurde har kwaliteiten sa krekt mooglik oanjûn. It komt dus by einsluten allegearre wol goed? Nee, dat komt it net. It offisjele ferslach fan 'e literatuerhistoarje moat de werklikheid net korrisearje, mar dêr in sa krekt mooglik ferslach fan jaan. De literêre wearde fan literêre wurken foar de yndividuële lêzer (of foar in klupke elitêre lêzers) is mar in faset fan it literêre libben en mei dêrom net as útgongspunt fan in te skriuwen oersjuch fan 'e literatuerhistoarje tsjinje. Wy moatte ús der ta wenne om it literêre libben te sjen sa't it is: in nochal gaotyske kreauwerij. Dy gaos moatte wy yn kaart bringe, mar net fertsjusteremoanje.
|
|