Oer: Skeind ferline: ferhalen oer it tiidrek 1940-1945.
Friese Pers Boekerij, Drachten/Ljouwert 1990.
Ek oaren ha der al oer klage dat jo sa'n bytsje oan 'e weet komme oer it ûntstean fan dizze bondel. Wa hat de gearstaller west en hoe is de kar ta stân kommen? Ek stiet nearne dat twa ferhalen (‘In fatsoenlike fint’, ‘Skraal earesalút’) al earder publisearre binne yn Skrael earesalút (Osinga, Boalsert 1970).
Fan de measte skriuwers fan bydragen yn dizze bondel is ek oar literêr wurk bekend. Hja skriuwe ‘literatuer’ en besykje wat oars. te leverjen as ‘oantinkens’ (de titel fan Mentha de Jong har ferhaal). Dizze ‘oantinken’-ferhalen jouwe uteraard in rige oantinkens oan ûnderskate foarfallen út de oarlochsjierren, sûnder dat dy foarfallen mei inoar in ienheid foarmje of op ien idee stuolje. Dit fragmintaryske karakter makket dat jin der ek minder fan by bliuwt; de yndruk is minder sterk.
Foar in soad minsken, faaks wol foar de mearderheid, wie yn de jierrren 1940-1945 de earste soarch hoe't hja (mei har húshâlding) it libben sa gewoan mooglik fuortsette koene. Hja moasten itende, smokende, teedrinkende ensfh. bliuwe en dêr gong gâns enerzjy yn sitten. It ferset is hjir wol in ein út sicht. Ek fan soksoarte saken binne der yn dizze bondel foarbylden te finen, it dúdlikst yn ‘Motorgek tsjin nazi's’ fan U.G. de Jong, en ek wol yn ‘Oarloch’ fan Anne Hellinga.
Hoe moatte jo dizze ferhalen no wurdearje? Ik tink dat it sa giet, dat jo earst in foarstelling ha fan de oarloch en dan neigeane hokker ferhalen dêr it bêste by passe. Der sit wat subjektyfs yn, dat is dúdlik. Jehannes Terpstra seit it yn syn ynlieding by it proaza yn Wjerlûd en forwar, Miedema, Ljouwert 1963 (karlêzing út de Fryske forsetsliteratuer), sa:
Mar as it wier is dat in oarloch alles oan 'e kant reaget, alles forrinnewearret, brekt en yn oare banen twingt, koartom as in oarloch totael is - en ik ha tonearsten gjin reden om dêr oars oer te tinken -
dan fynt er guon ferhalen te moai, te glêd.
Efkes letter hat er it oer de ûntwoarteling en alteraasje yn en nei de oarloch (s. 9). It hoecht net oer in grut drama mei hûnderten deaden te gean, as yn it ferhaal dy ferneatigjende útwurking fan de oarloch, bygelyks yn de minsklike ferhâldingen, mar te fernimmen is.
Dêrfan binne der yn dizze bondel goede foarbylden te finen, bygelyks de beide ferhalen dy't - net om 'e nocht - oernommen binne út Skrael earesalút.
Sybren Sybrandy