Peter Pot
Peter Pot (Stynsgea, 1964) is yn 1989 ôfstudearre oan de Akademy foar byldzjende keunsten ‘Minerva’ te Grins. Hy makket tekeningen, skilderijen en etsen. It Noardnederlânske lânskip is syn grutste ynspiraasjeboarne: ‘Dat is it lânskip, dêr't ik my thús fiel, it lânskip dat ik út 'e holle tekenje kin.’
Yn syn wurk siket Peter nei in nij lânskip, in ‘keunstlânskip’. Dat lânskip moat deselde sensuele oandwaning yn de taskôger losmeitsje as dy't it echte lânskip by him opropt.
De tekeningen komme flot ta stân, folgje de tekenjende hân. It tekenflak is foar him al in lânskip. Hy hoecht allinne wat oan dat lânskip ta te foegjen. It risseltaat is fuortdaliks goed of it kin de papierkoer yn. Mar inkeldris wurket er langer oan in tekening. It selektearjen fan de tekeningen makket fan it proses diel út.
De titels fan syn wurk binne mei opsetsin Frysk: ‘Ik tink en praat Frysk. It is de taal dêr't ik my it bêste yn útdrukke kin. Yn alle gefallen past in titel as “Lân” better by myn wurk as “Landschap”, dat foar my in hiel oare lading hat.’
Op dit stuit wennet Peter Pot oan de Beukenlaan 30 yn Marum (Gr.).