Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 118] [p. 118] D.A. Tamminga De hoekhâlder Djipdûkers filmen him, de coelacant, inkeld bekend út foarwrâldske fossilen. Hoe wist er foar har linzen lâns te silen mei waaierjende finnen, frij, ûntspand. Under de ljochtgrins fan koraal en plant fûn er syn oefte yn sinkend wier en snilen, hosk by it fêstelân mei syn reptilen, hoekhâldend deun by ierdryks yngewant. No kamen frjemde wêzens him benei dy't him mei har tentakels pripken, pleagen. Pront stie er steil oerein, de kop foardel, as woe er sizze: 'k Bin gjin tutte-blei, gean mei jim toverkeunsten út myn eagen en stiich wer op nei jim fersmoarge hel! Vorige Volgende