dat net fan it reedriden wêze.
Har mem seach har ferheard oan, doe't se gysten út de stoel wei kaam en nei de gong draafde dêr't de tillefoan hong. Wyld skuorde se de draaiskiif by de nûmers lâns en hold doe even de siken yn by it oergean fan de tillefoan oan 'e oare kant.
Oeral útsinnigens om him hinne, krekt oft se him oanmoedigje wolle yn 'e striid mei Rudy. Hie er net in kear rudige Rudy tsjin har sein? Hy soe it no ek tsjin har sizze wolle; raze wolle: rudige rudy. Mar dan silst sjen, dat Rudy dêr krekt tusken it publyk stiet en weromropt: bazige boarre: Mar hjir is ommers net in minske te sjen. Hy giet der even by lizzen, raast dan út alle macht: rudige rudy, lytse poarre, soest wol langer mei my omgean doare. It wurdt him kâld oan 'e rêch, mar foar't er oerein komt, seit er noch hurd even ynhâlden tsjin 'e helikopter dy't boppe him hinget: leafste.
Seis kear skuorde se mei alle macht de tillefoannûmers lâns de skiif en doe, doe't it al ljocht begûn te wurden, sakke se wurch wer yn 'e stoel en begûn de bôle mei smaak op te plúzjen. Mem seach har noch like ferheard oan as doe't se út de stoel oereinkaam en nei de gong stode mar frege fierder neat.
Hoe lang leit er hjir. Noch net sa lang, want de helikopter is noch net neist him delstrutsen. En dochs hat er it gefoel as hat er him de longen út it liif raasd. Ja, no makket de piloat risselwaasje om te lânjen en de kameraman hat syn kamera neist him op de flier set, klear om der út te springen. Hy sil noch even wachtsje, oant se krekt op 'e grûn bedarre binne en dan mar wer fierder op. Nei noch mear minsken, massa's minsken sûnder Rudy. Dêr is er no al achter, dat se ek net oan de einstreep stean sil om him op te heinen. Wat is dan syn doel eigentlik behalve dizze fysike rûngong? De kameraman bûcht mei draaiende kamera oer him hinne en beweecht ferheftich mei syn mûle. Frjemd gebit hat er. Oeral hoekjes út. Hy wol witte wêr't Rudy is. In bytsje stiif klatteret er oerein en skoot dan mar wer de iene foet foar de oare.
Rudy sette de tillevyzje oan, mar krige allegear sfearympresjes út Dokkum, Frjentsjer en it ôfwaaide geëamel fan ferslachjouwers. Jaap waard net sjen litten, hoewol't se wis wie dat er fier oan kop lei. Se die de tillevyzje wer út en wachte en stoarre troch it rút nei bûten, dêr't de Moark as in oprôle kat lei te sliepen.
It lêste ein fanôf Aldtsjerk sjucht er wakker om him hinne. Miskien rydt se him yn 'e mjitte. Miskien hat se in ferrassing foar him en hellet se him as har oerwinner fan it iis. Ja, dat moat it wêze, dat hy fier foar de finish ôfstappe kin en him oan har oerjaan. Dan sjocht er in eintsje foar him út in prosessy fan mannen yn it swart mei krusen op grut