Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 108] [p. 108] Harmen Wind De kultuerdrager I It raam mei ticht. Regeare foar syn boerd; it swarte gat fan freze hâldt syn almacht yn it kryt. Hearskje mei oerjefte; bern op 'e noed. As tsjinner fan syn m asterskip is er op al syn antwurden de fragen kwyt. Dyn earm wurdt wurch ûnder in finger, sigen rint as hiel tin wetter oer dyn fel. Masster praat troch, hy sjocht dy net, hy sit yn syn ferhal. Do hoassest, efkes wurdt er kjel, hat er wat sein? Do slútst it finster, lústerst nei it fine tikjen fan de rein. [pagina 109] [p. 109] II Hy fiert syn bernekrústocht oan, Seldsjoeken fan ferjitnis yn 'e mjitte. Jiertallen stean as stjerrebylden yn de nacht. Wat foarby is dat bliuwt oer. De storein risselt op de ruten. Oan kertier foar tsienen ta leare se bylden fan bûten; skiednis wol syn tsjûgen ha. Master krijt dy de tiid net oan 't ferstân. Dyn hierkes rize fan syn krytsje. Barren libbet yn syn bearen en fynt plak op dyn papier. De takomst leit yn it ferline, seit syn stim, en sjoch: it stiet der wier. [pagina 110] [p. 110] III Sy diele yn syn doel, fersoend mei har tekoart; hy hat se lêzen leard, harren boartlikens tsjin tekst en útlis weistrutsen. Hy sjocht yn har syn wurken oan, it ûnheil sil se net mear skeine, wryt noch slyt is oan har skrift, al wat fêstleit is ta seine. Wa't net meikomme kin bliuwt nei. Do sjochst syn hân dy't nei dy wiist, do witst hoe't er fan sleauwens griist, hoe krijst it yn de plasse? Do bist oan fiif oere ta klear, herhellest yn de keale klasse deselde rigels, hûndert kear. [pagina 111] [p. 111] IV Matearje spant mei ûnderwizen gear: ôfgrizen snokt yn de ferwaarmingspipen. Syn gehoar harket stikem nei krieën op it tsjerkhôf, twa hûnen op 'e dyk. Sy hoege syn wurden net mear wier te meitsjen, sy binne syn died. Yn wurden kinst ek op 'e doele reitsje, sjoch mar, master is it paad bjuster. Net ien laket. Mei lûden fan bûten ferdriuwst dyn besauwing, oant er syn wei wer fynt. Sadree't er dy sjocht is er wer by de tiid. Doarst fan skrutens de noas net te snuten. [pagina 112] [p. 112] V Gesichten sjen en dreamen dreame. Hy sjocht himsels yn harren kommen gean. In meagere profeet moat him yn bern ferjitte, hy wit dat it om reizjen giet, de bline kaart dêr't se foar sitte, en heart de skille yn 't besef: Se sille my hjir efterlitte. It is sa fier. Hy docht it jaske ticht en swijt en wachtet steil oerein. It is wer healwei fjouweren. Dei harsenskrabber, blikker- bril, de skriften komme op elkoar, de tafels rom, syn stimfoarke wiist nei de see fan âlde adeldom. [pagina 113] [p. 113] VI Noch ien kear fart er op de sangen fan syn folk, noch ien kear draacht him it ûnkwetsber liet, noch ien kear is er ien mei dizze lytsen: én heit, én soan, sa wier at er hjir stiet. Dan wurdt de klasse in iepen plak, siket de skym fan wat er wie yn stilte syn gerak. Hy makket noch in amerij meneuvels op 'e brêge: hy slacht omraak de maat en sykhellet de weagen, syn mûle hâldt op 't kier it skomjen by. Dan is it út, hy stjoert dy mei de eagen. Dyn rige rint dy rêd fan syn oermânskens frij. Vorige Volgende