| |
| |
| |
[Nummer 3]
Anne Wadman
De ferlerne
Foar Willy
Der is gjin ûntkommensein mear oan. Rosa Teeboom. In pear kear wyks fytsten se tegearre de stêd troch nei it Muzykynstitút, dêr't se tagelyk oankommen wiene yn 'e hjerst fan it earste oarlochsjier, sij sa fan it gymnasium, hij nei syn mislearre medisinestúdzje. Har heit hie in lytste winkel yn lapkeguod yn it part fan de stêd dêr't hy op keamers wenne. Hy stie dan op 'e strjitte te wachtsjen, de earm om in lantearnepeal hinne slein, oant Rosa har fyts losheakke hie fan de trep nei de boppeferdjipping en bûtendoar kaam, meastal mei in holdoekje om tsjin kjeld en wyn. Se wie in bejeftige pianiste, him fier de baas en mei in ûntsachlike krêft yn har smelle, sa foar 't each fine, mar sterke hannen. Behindich wie se hielendal. Se hie fyn-kroezich, swart hier en in smel, heal drôvich heal gutich gesichtsje en dêryn dy donkere, jimmer sykjende eagen, dy't soms betrienne wiene as de kjeld har te pakken hie. Der wie wat frjemds mei har mûle: in bytsje pûlemûlkjend, as wie se harsels ûnder it fytsen en rinnen oanienwei lytse grapkes en wurdboarterijkes oan it fertellen. As se skriuwe of lêze moast, en dus ornaris ek by it spyljen (mar se koe hiele sonates fan Beethoven en Schubert út 'e holle), sette se in nuveraardige bril mei in draaid goudeftich montuer op it puntsje fan har noas, sa dat se hommels in hiel oar, suver geheimsinnich wêzen waard. In tsjoenster hast, mei wat hekseftichs. It pûlemûltsje makke dan plak foar brede, heal iepene lippen, dêr't se sa no en dan har tonge hiel stadich oer hinne en wer glide liet, as wie it dy tonge dy't it begeliedende tinkwurk die. Rosa hie ûnderskate gesichten en bleau dochs iderkear deselde. In gesicht fan ûnderkuolle passy - har grutte bekoaring foar him - dàt iene gesicht wie yn al dy oare werom te kennen. Mar der wie tusken harren net oars as
kammeraatskip op grûn fan it mienskiplik fytsen en it belibjen fan de muzyk. Rosa wie ferloofd en droech in rinkje dat se by it pianospyljen net hoegde ôf te dwaan. En hy hie Elske, in famke út syn doarp, ivige
| |
| |
trou ûnthjitten, mannich kear per brief befêstige en nea ferbrutsen. Untrou stie net yn syn wurdboek. En yn dat fan Rosa moai wis likemin.
Hy kin him har lichtsjes bûgd stal noch tige klear foar de geast helje, sa't se har fyts yn it rek skode en har blauwe tas mei muzyk- en stúdzjeboeken ûnder de snelbiner weiloek. Se wie eins altydtroch in bytsje ferkâlden, har noas skynde dan út 'en readens, se snúfde en poetste in soad mei har bûsdoekje. Hy liet har hoflik foargean troch doarren en smelle gongen yn it âlde gebou. Se hiene teoryles en muzykskiednis yn deselde groep en sieten hast altyd neist elkoar yn in nea útsprutsen bûnsgenoatskip. As se siik west hie, liende hy har syn oantekenskriften en krige se werom mei in reep sûkelade. En as der yn it ien of oare ferbân oer Joads of Joaden praat waard, spotsk of meilydsum, naam er har yn beskerming mei't er syn hân op har earm lei en har ûngemurkenwei fan it plak fan it petear weifierde.
Hy wie fansels fereale, mar hy bêde dat fielen sûnder muoite del: sa wiene je grutbrocht en sa hearde dat. Oer de tastân yn 'e wrâld, dy't foar har slim bedriigjend wie, praten se noait, as wie it in stilswijende ôfspraak.
En fansels hied er doe alle skippen efter him ferbaarne moatten en gewoan sizze: Rosa, do en ik hearre by elkoar en sa dogge wy dus fan no ôf oan. Hy miende soms (mar hy wie bang foar selsferrifeljen en miskien ek wol foar de saak sels), dat der yn har donkere eagen efter dy frjemde goudkleurige bril ek sokssawat te bespeuren foel. Mar hoe hie dat dan moatten mei Elske en mei dy ferloofde fan har, dy't Max hjitte mar oer wa't se fierder net prate? Hy sei dus net wat er sizze moatten hie.
Op in dei healwei it tredde oarlochsjier bleau se wei. Hy wachte omdôch en doarst net oan te skiljen. Hy seach dat oan it winkelsrút in papier plakt wie mei ‘Joadse saak’ derop, en dat betsjutte dat allinne Joadse minsken der wat keapje mochten. Hy mocht der dus net iens yn: Ferbean foar Ariërs. Hy wist it út 'e kranten: se mocht de lessen net mear folgje, se wie ‘nicht erwünscht’. Fan in jiergenoat kaam er in skoftsje letter oan 'e weet dat se no partikulier les naam en in Joadestjer droech. Hy seach al dy stjerren op 'e strjitte. It wende gau genôch. Je fielden sympaty en machteleazens en tochten soms djip yn jins hert dat it miskien ek noch wol tafoel. Der barde no ienkear in protte rottichs op dizze ierde, je skikten je dêrneffens. It wie net mear lykas yn de tiid fan de Spaanse Boargeroarloch, yn syn gymnasiumtiid, doe't er nachts faak swittend wekkerlei en God (of wa't it dan mar wie dy't de toutsjes fan it wrâldbarren yn 'e hannen hie) bidde en
| |
| |
smeke om generaal Miaja en de Readen winne te litten en Franco en Mola mei de Dútse en Italjaanse eskaders fan Hitler en Mussolini nei de ferdommenis te stjoeren. Dat bidden hie gjin bliksem holpen: it ûnrjocht triomfearre en de jongesdream om fan hûs wei te rinnen en mei Ludwig Renn en Jef Last yn de Ynternasjonale Brigades oan 'e side fan La Pasionaria oan it sjitten te gean, kaam neat fan. Hy sjitte? Hat sjitten nammers ienich doel as je der fan oertsjûge rekke binne dat it ûnrjocht dòchs wint? Der kaam fansels by, dat er as de dea wie foar bloedferjitten en deagean.
De maaiedagen fan fjirtich wiene by him lânsgien, wylst er net folle oars die as, by har thús, mei Elske sitte te frijen en oangean, dy Pinkstersnein- en moandeis. Der foel dochs niks betters te dwaan foar immen dy't as soldaat bûten skot bleau fanwegens útstel fan earste oefening. En dy't dus net iens ta hanneljen oergean koe, steld dat er it wold hie. En dy pear tsjalskonkige Dútse soldaten dy't mei útwiksele hynders en op fytsen syn doarp yn trieken en it ‘besetten’, liken ek mar earme, úthongere stakkkerts. Dat wiene yn elk gefal gjin keurtroepen fan de Führer.
Koart nei de kapitulaasje wied er weromgien nei de stúdzjestêd. Eins wie der net iens in soad feroare. Allinne in protte groepkes winkeljende, pakjes meitôgjende en soms marsjearende Dútse soldaten, lûd en ôfbiten sjongend oer it blomke Erika, oer blonde Mädel yn it hea en oer it Fahren gegen Engeland. Inkeld ris in Dútse tenk, dy't bekyk hie fan bern en in mannich âlderen. Je wenden stomwei oan dy ûngewoane saken, omdat se net fuortdaliks ûnheil wytgen. ‘Se wurde ek mar stjoerd’, seine guon minsken.
Slimmer like op it earste gesicht dan dochs wol dat fassistys rosmos fan Anton Mussert, mei de meagere, ferbiten koppen ûnder dy rotpetten, provosearjend en ûnder dy petten wei loerend op ûngerjochtichheden: dàt soadsje hie frijwillich keazen. Sa'n Dútse Wehrmachter mei syn plompe, glimkjende reade boerekop ûnder de swiere helm, mei syn pakjes foar Mutti yn de Heimat, dy koe der no ienkear net foarwei. It like allegear wol bjusterbaarlik, mar der barden noch gjin skriklike dingen. En de nije baas, Seyss-Inquart, like yn goedens te wollen.
Godferdomme, je wenden oeral oan. En as je neist dat skrutene, yn harsels kearde Joadse famke fytsten, gyng it praat net oer datjinge wat har miskien oan rampsillichheid boppe de holle hinge - al hiene je fan datoangeande dan wol beskate fermoedens: hy hie ris yn it boek ‘Mein Kampf’ omsneupt, der skriklike dingen yn lêzen en walchlike roken út opsnúfd - mar it praat
| |
| |
gyng oer Brahms, Beethoven, Mozart, Debussy, oer de dosinten en harren tipelsinnichheden, oer kwartsekstakkoarden, fermindere septimen en meistudinten, dêr't ek in pear poepsgesinden tusken rûnen, mei trijehoekige Mussertspjeldsjes op 'e jaskragen.
Nei har stil weiwurden waard Rosa allinken ek wei út syn tinken. In hiel inkele kear noch wied er him bewust fan in swymke gelok dat kantroerend by syn siel lâns strutsen hie. Hy loek him yn himsels werom, bleau plichtmjittich, mar sûnder djippere gefoelens mei Elske yn briefwiksel, studearre fol iver mar sûnder nocht middenmank al dy ûnwissens. En komponearre pianosonatines, dêr't er in pear fan foarspile op in learlingejûn, net sûnder sukses en wurdearring fan de kant fan syn learmasters, fan wa't doe nammers al in part ferdwûn wie of oppakt om reden fan ‘ras’.
En doe't dat bestean yn dy stêd iderkear beroerder en nuodliker waard en it studearjen sa goed as ûnmooglik, yn it foarjier fan 1943, teach er mei syn boeken en muzykpapier werom nei it âldershûs, dêr't noch altyd dy âlde, wurge en in stikhinne fermôge Bachmann-piano stie. Underdûke, sa hjitte dat letter, hoewol it net al te letterlik wie: je hiene dêr gjin Dútsers en mar in pear NSB-ers. Geroften hearden je, oer razzia's, Joadeferfolgingen, de Hollânse Skouburch, deportaasjes, Westerbork en konsmtraasjekampen yn East-Europa. Mar wat wie wierheid en wat leas praat? En as it wierheid wie, wêrom makken dan de alliearden der mei har massa's fleantugen gjin ein oan? Wêrom bombardearren se de spoarwegen net dêr't al dy tûzenen lâns nei it easten brocht waarden? En as it los praat wie, wa brocht dat dan yn 'e wrâld? By freonen fan syn âlden yn in oanbuorjend doarp kaam er yn 'e kunde mei in Joads troud pear. De man, in fabrikant, sei dat ien fan beiden ‘wier’ wie: it alderslimste of it mar in bytsje minder slimme. En ek dat lêste wie dan noch te slim om ûnder wurden te bringen.
Op dat stuit hied er ta hanneljen oergean moatten: Rosa nei harren hûs helje, dêr't se in aardich feilich skûlplak hiene. Mar hy die dat net. Tocht er winlik wol oan de mooglikheid? Ferkearde fraach. Hy hie der oan tinke moatten. Wiene de ekskuses fan doe of fan letter? Bygelyks dat har freon, dy Max, en syn eigen faam, Elske, it miskien net sa aardich fine soene. Dat Max sels foar Rosa har feilichheid soargje moast, al wied er faaks net minder faai as sij. Dat it mei dy Joadetransporten miskien ek noch wol tafoel, foaral as dy alliearde legers wat oanmakken. Dat syn mem der miskien net sa'n protte foar fiele soe sa'n ûnbekend famke yn 'e hûs te nimmen, mei ‘opgroei- | |
| |
ende jonges’, ûnder ien dak. En dan mei al dy itenstastannen dy't iderkear slimmer drigen te wurden en dêr't syn mem al sa min mei oer de wei koe. Dat der ek fikse poarsjes risiko yn siet, en benaudens foar jins eigen hachje: gjin skûlplak wie úteinlik folslein feilich. Reden genôch, mar goedbesjoen - efterneibesjoen - gjin ien jildige. Ferlechjes. Mar de wissichheid fan datoangeande kaam pas jierren letter, doe't de ferskrikkingen fan Auschwitz en Sobibor en Treblinka yn byld en geskrift op jin ôfkamen en der niks mear te hanneljen foel, allinne mar te flokken. En nachten wekker te lizzen.
Yn'e benearing fan de tiid wie alles by him delgliden en rekke ek syn ferkearing mei Elske út. Dy mette op in ûnderdûkersfeest in yllegaal, by wa't se net allinne koerierstertsjinsten dwaan, mar ek better har seksueel ferlet sêdzje koe as by dy dreamer mei syn pianosonatines opus I oant en mei IV, dêr't no sels sketsen foar in Symfoniëtta foar Strikers bykaam. Seksueel wied er yn dy tiid noch amper wekkerwurden en fan wat opfieding yn dy matearje koe ek net praat wurde.
Hy rôle hielhûds de oarloch troch en wist him der sels mei in moaie smûs oer in slim sike buorfrou út te reden, doe't twa ysbaarlik útsjende lânwachters mei jachtgewearen him oanhâlden wylst er twa flessen molke en in fikse himpe skiepfleis fan in mei syn âlden befreone boer by him hie. De kjirls mûskoppen efkes ûnder elkoar, begluorken wiidweidich syn persoansbewiis, dêr't er ûnskuldich as musikus op oanmurken stie en lieten him ferachtlik gnyskjend rinne. Molke en fleis ferlern, mar it libben behâlden. Sa gyng dat dus, yn dy tiid.
Doe't er yn de neisimmer fan '45, nei in útlitten fierde befrijing en in soad pianowurk ta geriif fan dûnsjende Kanadese soldaten en harren doarpsfammen, wer nei de útrûpele stêd reizge wie, kaam Rosa Teeboom net opdaagjen, mei har hastige stap en har donkere eagen efter de goudskyn fan har bril, mei har grapkes preuveljende mûle. Hy fytste noch in kear by har hûs lâns. It wie gjin winkel mear en de namme Teeboom wie fuort. Hy die gjin neifraach yn 'e omkriten. It wie ek in tige fertutearze en ferearmoede buert wurden, mei gâns healôfbrutsen huzen dêr't it hout yn de lêste oarlochswinter fan opstookt wêze moast. As se it oerlibbe hie, soe se dêr dochs net mear wenje kinne. Nimmen prate noch oer har, ek de mei-studinten fan har jier net. Se wie fan de ierdboaiem fan it oantinken weifage.
Alles wie ek oars en nij no, mei Kanadezen en Poalen en mei Glen Miller, mei Amerikaanse films, Ingrid Bergman, Gregory Peck, Cary Grant, sels Charles Boyer
| |
| |
noch, der kaam gjin ein oan de nije ûntdekkingen. En hy wenne no yn in hiel oar part fan de stêd dêr't de oarloch net al te slim hûshalden hie. Rosa bleau in fage, mar noait hielendal fergetten skym út it fiere, donkere oarlochsferline, dêr't er leaver net mear oan tocht. Earst folle letter, doe't de skriklike Joademoard yn syn folle omfang dúdlik waard - foarsafier't soks oait dúdlik wurde kinne soe - kaam Rosa sa no en dan yn syn tinken werom en ek yn syn dreamen soms, mar mear symboalys wjerfearn dan as konkrete wurklikheid. Hy koe riede hokker lot har troffen hie. Moai wis wie se yn de bistetrein al beswykt, se hie ommers faak siik west. Se moast it ûndergien hawwe sa't hy har kend hie: yn harsels besletten, de tosken op elkoar knypt, de skyn fan in grappige glim om 'e mûle. Mei ien fan dy ûnderskate gesichten dy't er fan har djip yn himsels opburgen hie. Se hie dêrby gjin wurd sein, gjin klacht utere, gjin eangstgjalp hearre litten. Hie lotgenoaten mei in gebeart en sûnder wurden treast jûn en bystien. Se wie fuortgien sa stil en beskieden as se by har grut talint west hie.
Mar se hold, no noch, syn gewisse wekker. Hy hie har rêde kinnen en dus rêde moatten. Skriklik fersom, net te ferjaan. Hy hie dus ek dêr net yn west dy't er wêze moatten hie. Hy hie op 'e ferkearde knop drukt. Op dy fan safety first.
Lykwols komt soms dy fraach yn him boppe: is it wol absolút wis dat se yn de gaskeamer omkommen is? Barden der gjin wûnders, doe? Kin se net troch in tafal, troch eigen karakterfêstens of troch help fan oare minsken rêden wêze en yn it bûtenlân, yn Ingelân of Amearika, ûnder in oare, in nije namme in karriêre opboud hawwe? It barde dochs mear, it wûnder dat ferlern achte lju ynienen opdûkten? Hy hat der wolris oer tocht om nei Oarlochsdokumintaasje te gean om wissichheid te krijen. It is der noait fan kommen. Gewoan te sleau west. Sels noait yn de telefoangids fan dy stêd sjoen oft der noch Teebooms yn libben wiene. Miskien út eangst foar de wissichheid? Woed er de yllúzje bewarje dat immen net troch syn sleauwens omkommen, mar nettsjinsteande dy sleauwens, dy skuld, yn libben bleaun wie? Oant er har ienris op it konsertpoadium werkenne soe as it Joadse famke dat er ea misrûn wie en yn 'e steek litten hie?
Hy wit fansels bêst dat dat in ferlette puberteitsdream is. Se wie mar justjes jonger as hy. Wie se yn libben bleaun en hie se kariêre makke, se wie grif al lang in kear yn syn eachweid ferskynd, hoe en wêre dan ek. Hy tinkt: ik moat no echt ris ûndersiik dwaan. Witte hoenear't se fan Westerbork op transport gien is. De measten binne fjouwer of fiif dagen dêrnei fergast. Ik moat
| |
| |
it witte, al is it mear as fjirtich jier te let. Hat it sin om, as wurk ea reekomt, dy Symfoniëtta foar Strikers op te dragen ‘Oan de neitins fan Rosa Teeboom’? Of soe it bliken jaan fan mispleatste idelheid, fan omkearde selsferhearliking, in my oplûken oan it grousum lot fan immen dy't gjin inkele oanlieding ta tankberheid foar my oer hat? In falsk aliby? Untmaskere wurde as profiteur fan immens ûndergong?
Hy hat der noait mei immen oer praat. Hy hat de Rosa Teeboomstory foar himsels hâlden, as in juwiel yn in kistke. Mei in juwiel fan in skuld, dat wol. Dêr is ek dy iene lytse treastende gedachte net tsjin opwoeksen: dat se, wat wol yn har aard lei, net iens rêden wurde wòld hie, mar blynwei, moedich en solidêr meigean woe mei har lotgenoate, mei in rêchpûde of in koffer, lykas op dy oangripende, skriklike foto's.
It ramt fan alles bestiet út in soarte fan tentoanstelling, dy't krekt foar it publyk iepensteld is. Boppe de yngong hinget in grut boerd mei syn namme en dy fan in fierder ûnbekende persoan derop. En dêr wer boppe in lytser boerd mei de letters ‘Scènes d'une vie d'artiste’, sa't liket it fan Berlioz stellen koart begryp fan syn libben. Syn bestean op ierde, no seis en sechstich jier lang.
Hy moat tagongskaartsjes keapje fan in brânhoutmeagere juffer dy't oan in petiterich lyts wankel taffeltsje sit en dy't er oerflakkich ken fan it ien of oar. Wat slims of ferfelends. Mar der is oan dat mins gjin namme en gjin situaasje te ferbinen. Se draacht in wite skelk en in swart mûtske. Hy is hjir mei syn beide bern, Gerrit en Klazyn, beide noch lyts, braaf oan 't hantsje. Wilma wurdt net oan tocht, dy liket net te bestean of se hat har rjochten ferspile. As er mei in biljet fan fiifentweintich betelle hat, seit er, foar syn dwaan ryklik brutaal, tsjin de kassajuffer: Ik tocht oars dat ik as artyst en as inisjatyfnimmer der foar neat yn mocht. Hy wiist dêrby nei syn namme boppe syn holle en foeget der oan ta: Mar ik wol net ferfelend wêze. Sûnder har antwurd ôf te wachtsjen rint er nochal hastich troch, it wikseljild sûnder neitellen yn 'e bûse stekkend. De bern heakje har fan him los en stoarte har prompt as wylden yn de woelige mannichte. En dêrnei?
It wurdt allegear seldsum skimich. Hy kuert as troch in mist, in nachtlike nevel. Is dêrjinsen, justjes beskynd fan wat lytse lampkes, net in hege stellaazje, in toaniel, in poadium of tribune? Der bart dêr wat. It liket in foarstelling troch studinten fan sines, in midsieusk stik mei religieuze ynhâld, sokssawat, in soarte fan passyspul. Hy oanskôget it in skoft, it is ien en al betizing, der wurdt net goed spile, der wurdt einliks hielendal net spile, allinne mar wat
| |
| |
stien en stadich, oerstadich rûn, omkeutele. En de tekst is net te ferstean, miskien is der net iens in tekst, allinich in suchtsjen troch mûlen dy't as fiskebekken iepen en tageane, oanienwei nei lucht happend. Gjin dramatise kreft, seit er tsjin in man dy't neist him stiet en dy't op in âlde kunde fan him liket mar it net is. In hut op hinnepoaten, seit de man op in tige swiersettige toan en draait him om, wurdt wei yn de mannichte. Hy wit dat dit neat mei de skilderije-útstalling fan Moussorgsky út te stean hat. It is alhiel gjin útstalling, dat opskrift is slim misliedend. Earder is it in happening fan al lang ferstoarnen, noch ienris gearroppen fan in hegere macht, it albestjoer.
Dan in skoft leechte, mist, reek, walm. Letter: op in skoalboerd, ferlytse reproduksje earder fan it foarrige boerd, stiet no: ‘Arbeit macht frei’ en dêrûnder, ek yn fan dy aaklike goatise letters, moffeletters: ‘Gott mit uns’.
En hy wit no mei bangmeitsjende wissichheid, dat efter dat boerd of efter wer in oar boerd of skut, yn in spoekige, donkergrize fierte skriklike dingen oan 'e gong binne. Dingen dêr't gjin wurden foar besteane. Dêr moat bloed wêze, fjoer, reek, jiske. Bergen liken, brea-, nee, dea-meager en neaken, fel oer bonken, bonken sûnder fel. Mar hy sjocht al dy ferskrikkingen net. Hy sjocht gjin opsteapele lichems, gjin jiske, gjin fjoer, gjin heappen berneskuontsjes en keunstgebitten, gjin massa's brillen en gjin berch berneboartersguod. Mar hy wit mei hert en siel teskuorrende wissichheid: dat ìs der allegearre, foar no en foar ivich, it sil nea fergetten wurde kinne. Alles wat yn it ûnthâld sit oan grouwélige foto's, reportaazjes, films, boeken oer it ûnderwerp, alles ìs der, hast foar it gripen.
It is noch wer oars: hy wit net allinne dat it der allegear is, mar dat je it ek sjen kinne, às je it sjen wolle. Mar dat je je eagen twinge om it sjen gewoan te wegerjen, hoewol je se net sletten hâlde, mar krekt wiidiepen. Je hâlde je sjende blyn. En like ûnûntkomber witte je dat der stank is fan ferbaarnd minskefleis (sà rûkt dus bret minskefleis!, altyd al witten), fan rottenens, fan ûntbining, fan gas ek, it ferneamde Zyklon-B, fan stanken út 'e hel. Mar je rûke it net, je sòene it allinne rûke kinne as je dat rûkorgaan net op 'e tiid en effisjint bûten bedriuw steld, sis mar: yn feilichheid brocht hiene. Sûnder dat je dêrta je noas ticht hoege te knipen, gewoan fan binnenút wei, mei help fan in ynwindich meganisme.
Hy wit no ek sûnder ienich fierder bewiis - bewiis net nedich, it ìs sa - dat Rosa Teeboom hjir west hawwe moat, mar weiwurden is, tenûnder gien, omkommen yn al
| |
| |
dat ûnsichtber sichtbere en ûnrûkber rûkbere. West hat yn bloed en walm en stank en reek. Se wie dêr yn, se socht har bril yn dy ûntsachlike heap brillen, har frjemdfoarme, goudkleurige bril. Mar se is dêrby ûngemurken mei al dat ûnheil teraand, dat him dêr op in lêste-oardielsdei ôfspilet, op in happening nota bene mei troch himsels organisearre en patronisearre, as lêsthawwer fan de ien of oare almachtige. As it teminsten wier is wat op dat boerd stiet of stien hat. En wêrom soe it net wier wêze. It is sjoen, dus it is wier, lykas wat net sjoen is wier is. Mar dan is hy ek foar ivich tekene as brânstifter, as inisjator, as meiregisseur oan dit helske taferiel fan ûndergong. Hy krimpt yn elkoar fan spyt en wroeging. Judas dy't him ferhinget.
Mar dat duorret allegear mar de ivichheid fan in tel. Want dan lôget der in grut strieljend fjoer omheech, in Pinksterfjoer mei tonkjes dy't elkoar slikjend sykje en dan wer út elkoar flechtsje. En efter dy tonkjes, sa te sjen fan dy tonkjes beslikke, ken hy it wer, dizich, mar mei ynwindige wissichheid: in famkesgesicht, frij grutte sykjende eagen, in smelle bleke mûle mei justjes ferkrommele glim, wat âldsker no miskien, in mûle dy't hiel stil lytse grapkes oan harsels ferteld, sêft preuveljend, op it puntsje fan de noas in net goed passende, oer-antike Schubert-bril, dêr't er fan wit dat dy niiskrektsa út de baarnende ferskrikkingen dêr op 'e eftergrûn, efter it stikeltried, te foarskyn kommen is. Hy wit dat hja net mear libbet en dat de fûne bril har net helpe kin, mar salang't se dy draacht is se net alhielendàl ferlern. Immen lykas hja kin dea wêze, mar is noait alhiel ferlern salang't hy dat behinderje kin troch syn wil òm it te behinderjen. It sil behindere wurde. Dat liket in befrijend tinken.
It fjoer ferspriedt him no yn lytse flamkes oer de talleaze skimige oanwêzigen, mannichten swijende minsken, wrakken, slachtoffers, dêr't syn bern aldergeloks net by binne, teminsten se binne nearne te sjen, - mar wa wit ûnder fuotten rekke yn de ynoarme betizing. Sykjen is ûnmooglik yn dy einleaze wrakkesee. Hy sjocht yn de dream de âlde print fan Gustave Doré: it Pinksterfjoer delfarrend op Maria en de Apostels. De print dêr't er him ea ris fan ôffrege hat wêrom't dy âlde master-graveur dat feestlik delfarren fan de hillige geast sa yntins somber werjûn hat, as gou it in begraffenis mei snokkerjende, knibbeljende âlde mannen om in frou yn widdowedracht hinne. Of miskien noch earder as in swiersettige gearkomste fan âldgerifformearde âlderlingen om in oerhuorrige frou te fermoanjen - hoe drôf en ûnheilwytgjend is dat by in oars sa bliidmeitsjend boadskip...
It wekkerwurden jout wat fan ferrom- | |
| |
ming, al bliuwt de smaak fan jiske en reek en fergif efter yn syn útdroege mûle. Bitter as galle, jiskegriis, jiskebitter.
Hy fermannet him en giet oerein om syn nei swevel stjonkende tosken te boarsteljen en him it mei swit oerdutsen boarst en de klamme rêch te waskjen. Syn foet stjit op it lege pillekokerke, dat fuortrôlet ûnder it bêd. Hy fielt dat er krûm rint, as is der troch de lêst fan de jierren en it gewicht fan de ûnderfûne dingen yn syn rêchbonke knakt. Hy fielt him yndied yn koarte tiid jierren âlder wurden. Hy is ek dúdlik net as in werberne minske wekkerwurden, allinnich mar op it nipperke ûntkommen oan in grut, net te dylgjen kwea. Oan it Kwea fan alle tiden.
As Wilma nei boppen komt om te sjen wêr't er bliuwt, fynt se him op bêd lizzend, neaken, langút, de earmtakken fansiden, de hannen ûnder de holle. Se freget him wat, hy ferstiet it net. Dan seit er hiel stadich:
- Ik bin der no wis fan dat Rosa Teeboom fergast is. It is yn in fizioen sjoen. Auschwitz of Sobibor. Ik haw it net keare kinnen. Wollen. Ferskriklike dreamen hân. Allinne dreamen sprekke de wierheid. De wierheid sil ferflokt wurde.
Wilma sjocht him mei fernuvere eagen oan en seit dan:
- Ik haw de kofje klear. Dat ferhaal oer dy Rosa hear ik letter wolris. Ik wist net datsto geheime relaasjes hiest. Mar ik bin altyd ree om bekentenissen oan te hearren. Hoe perferser, hoe leaver.
Se lûkt de doar efter har ticht.
Hy rôlet him op 'e side. Sakket wei yn 'e djipte. Yn sek en jiske.
|
|