Trotwaer. Jaargang 22
(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 87]
| |
De wurden hawwe fekânsje nedichik wol de wurden befrije út de teksten
fan reklame
fan polityk
fan bibels
fan kranten
fan poëzij
ik wol mei harren fekânsje hâlde yn in tintsje
mei harren frije op Skylge bygelyks
op de Boskplaat en it amelannerdún
troch sâlt wetter himmelje litte
sadat de skerpe angels foar in twadde libben
- de striid tsjin de útsliten kaaisgatten -
stal krije en nije kombinaasjes gearstalle
| |
[pagina 88]
| |
Nachtkonsert by ljochtmoannewite protters befykje harren fluitsjes
reade teannen op 'e snaren fan in fioele
twa reagebollen skowe stadich hân yn hân
boppe de rychjes skedels yn 'e goaten fan de stêd
boatsjes wibelje nerveus op 't groeiend tij
los wachtsjend oan de romme dukdalfstrûpen
en heech derboppe ljochtet it elektroanysk boerd
twa-nul foar de skonken fan marlène blikfangers
Iloyds fersekeringen yn ear en each en noas
| |
[pagina 89]
| |
Tangofoar m.
klonken lizze ús liven
op 'e loer
en frije ús stadich
nei de oare kant
want:
sjochst my oan
stjerre wy in amerij
eagen wurde knikkerts
sjochdoaskes en toverkikers
want:
ûntkymjend sykheljen
flammet de stiennen hannen
yn in fingertango
rûne hoeken
|
|