sentimintele pragmatikus dy't ut is op eigen bêst en dêrfoar de swakheden fan syn meiskepsels ta de grûn ta útbuitet.
By Wybenga komme dy trekjes amper oan bod. Syn foks leit de Macht gjin strie oerdwers. Hy is op foksûnweardige wize op syk nei it ferline, nei maten, nei de Ideale Muze. Hy lit him op 'e doele bringe troch in jong ding; hy is iepenhertich oer syn swakheden; hy sitearret Vergilius; hy skikt him. Hy is, om koart te gean, in meilijwekkend figuer.
Syn Foks is fral jachtobjekt, ‘ivich en erflik de sjitskiif’, en syn slûchslimmens stiet dêrmei fêst dat er ‘kwea te fangen’ is. Hy is in ‘solitêr tusken keppels’. Mei it fabeldier foks binne gjin dichterlike kwaliteiten anneks, dêrom lit de haadpersoan him by Wybenga in dûbelrol oanmjitte: ‘jage foks en frije dichtersman’. Fan ferdûbelingen tilt it op yn dit wurk: de klassikus op 'e klaai, de doarpsman yn 'e stêd, de dichter, ‘In flinterknipper, opgroeid yn in ferflokt paradys, grutbrocht troch wylden,’ in wolfsbern, Rein en Orfeus.
Dit wurk besiket ûnder oaren in ferhaal te fertellen, in iendeis barren wer te jaan, dêr't yn 'e ynlieding en ôfsluting op beskate plakken nei ferwiisd wurdt. De tiid is foar de haadpersoan in wichtich en benearjend barren, hy skôget syn libben as in slavetsjinst oan har, of him: ‘Kronos, tipelsinnige Titaan’, want wat hat er oars dien as ‘klokken opwûn en lykset, kalinders ôfskuord, mei agenda's tyspele’.
Foar it fertellen fan in ferhaal is de tiid in wichtich ynstrumint, in organisatoarysk prinsipe. Om wat doel oer de tiidsetting fan it gehiel te krijen, sitearje ik no de foarútwizing nei dat iendeis-drama op s. 16:
't Is lang ferlyn dat ik hjir yn it skaad
fan in earder espel eskebeammen lei,
in fearnsieu ear't sy berne waard,
myn reisgenoate foar ien dei
troch wat yn myn jonge dagen
in net-wrâld wie, dêr't de kultuer
fol ôfgriis oan foarby seach.
No bin de boarnen dêr't ik my oan lave
Myn oplossing fan de ynklaaide ferliking komt hjir op del: De leeftyd fan ‘myn reisgenoate’, as er har moetet de deis fan de opnames foar de film ‘De Foksejacht’ (alwer in ferdûbeling) mei op dat stuit, liket my, op sa'n 25 jier rûsd wurde. Dan is dat ferbliuw ûnder de eardere eskebeammen dus sa'n 50 jier lyn. Stel dat er dan sels sa'n 20 jier wie, dan soe syn leeftyd op it stuit fan de moeting, dy deis, dus sa'n 70 jier wêze. Yn elts gefal âld genôch om as bern noch dit tafrieltsje sjoen te hawwen: (s. 10)